Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger ha guon ris de trein riden heard troch de wide pet hinne. Mar der is noch noait in trein kaem.
nl.verhalenbank.21157
Ik kom us mei 't wiif op in joun fan Surhústerfean. Wy hienen dêr hinne west to praten. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Doe't wy sahwat healwei de feart wienen seagen wy beide in ljocht. 't Wie nochal ticht by de groun en 't gong om in húske hinne. 't Gong hiel hurd, wy bleauwen allebeide kjel stean. Doe gong it by de wâl lâns en doe kom it werom. 't...
nl.verhalenbank.17376
It wie yn 'e tiid dat der noch gjin trein ried fan Grins nei Harns. Doe wenne der in boer op in hiele greate boereplaets yn Grinslân yn 'e buert fan Grypskerk.
Der kommen in pear man, dy moesten mei dy boer prate. De boer kom der oan. "Hjir bin 'k en hwat wie der?" sei er.
"Wy binne oan 't mjitten," seinen de hearen, "hwant de trein komt der lâns en dy...
nl.verhalenbank.25549
Us heit hat froeger wylde lantearnen sjoen krekt as in trein. Dat gong by Readskuorre lâns troch Droegeham op Koatstertille yn. Heit biwearde, hy hie de trein rinnen sjoen. Hy hat de trein ek fluitsjen heard.
"It duorret mar even," sei heit, "dan komt dy trein hjir."
Mar heit is nou al twa en fyftich jier dea, en der is noch altyd gjin trein.
nl.verhalenbank.28668
Oebele Wagenaar wie feint by Albert Land yn 'e Harkema. Letter wenne er op 't Wytfean en wie 't de greatste útdrager fan Fryslân.
Oebele sei, doe't er noch by Albert Land wie: "Hjir komt in spoar- of tramlijn, hwant ik hear it alle nachten wol."
Letter is de betonwei der kom, mei alle auto's en frachtauto's, in drok forkear. Mar gjin trein of tram.
Dy...
nl.verhalenbank.28697