Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Fan 'e 'Lauwers' nei Surhústerfean wie in eintsje wei, dêr doarst in koopman fan Grinzer Pein, in sekere Gjaltema - oars in man dy't net bang wie - net lâns, as er allinne wie. Hy hie dêr ris in swart ding sjoen.
Dizze Gjaltema hie in wikseldaelder. Der woarde fan sein dat er by de frijmetselaers wie.
nl.verhalenbank.27495
Frijmitselers ha in wikseldaelder. Dy krije se fan 'e duvel. Hy jowt him har by 't tsjuster op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.21341
Janne hiet it minske fan it folksloazjemint.
Alle omstippers krigen dêr ûnderdak. Mar sy moesten fantofoaren bitelje. Janne hie ek in âld man yn 'e kost. Dy koe net sa hurd ite.
Mar dêr koe Janne net op wachtsje. "O, bist noch net klear?" sei se. En al wie it board dan ek noch heal fol ierappels, dan kletste se de brij der by yn.
Op in kear kom Jan Kluwer...
nl.verhalenbank.16843
Stammerige Harm wenne oan diz kant de Swadde. Hy hie in wikseldaelder. Hy hie apart in ponkje yn 'e bûs, dêr siet dy wikseldaelder yn. Soms sei er: "Hjir, krij him mar."
Mar dan seinen se: "Net oannimme, hwant dan ha jo in wikseldaelder, en dy wurde jo noait wer kwyt."
Harm hie in lamme hân. Syn wiif bihandele er och sa min. 't Minske wie sikelik en hie...
nl.verhalenbank.28013
Heit hat altyd koopman west. Tseard Kuorke neamden se him. Hy wie faek op stap mei omke Piter. Sy reizgen dan fan 't iene loazjemint nei 't oare. 't Wienen doe noch jonge bazen.
Sa wienen se us yn 't folksloazjemint fan Terwispel. Dêr wie Jan Kluwer ek. Dat wie in hiele greate keardel. Hy hie in skeareslyp/skjirreslyp. Hy roan winters en simmers mei...
nl.verhalenbank.16842
In wikseldaelder, seinen se, wie jild dat altyd wer oangroeide. In wikseldaelder rekke noait op.
nl.verhalenbank.21426
De frijmitselers ha in wikseldaelder; dat is in daelder dy't noait op rekket. Dêrtroch ha se noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27653
Yn Terwispel wenne ien dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte en marsjeare litte. Ek ien dy stjûrde klaverboer fuort om in flesse drank komme to litten. Ek guon hienen in wikseldaelder. Dy mochten se noait skjin útjaen.
nl.verhalenbank.21034
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen.
Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
nl.verhalenbank.29333
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dy komt altyd wer.
nl.verhalenbank.21009
Minse Griper hie in wikseldaelder. In wikseldaelder moest men noait skjin útjaen. Dan groeide er altyd wer oan ta it folle bidrach.
nl.verhalenbank.25864
Frijmitselers hienen har oan 'e duvel forkocht. Se hienen in wikseldaelder, dat is in ryksdaelder, dy't noait op rekket. Dy droegen se altyd by har, dy rekken se noait wer kwyt.
Sy krigen sa'n wikseldaelder fan 'e kweade.
Stammerige Harm hie ek in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Us heit leaude fêst dat er sa'n wikseldaelder hie. Dy't ien kear...
nl.verhalenbank.33592
Dy't in wikseldaelder hat, hat noait gebrek. Hy kin safolle útjaen as er wol, mar hy mat der om tinke dat it altyd in bytsje minder is as de wearde fan 'e wikseldaelder.
Dan krijt er 't folle bidrach elke kear werom. De wikseldaelder krijt er fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.27475
Myn pake Mike Ruerd hie in wikseldaelder. As er forlet fan jild hie die er mar even de pet ûnder 'e tafel. As er him wer tofoarskyn helle hied er wer jild.
Pake hie him foar dy wikseldaelder oan 'e duvel forkocht.
De âld man is ek net noflik stoarn.
nl.verhalenbank.33198
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Hy koe mear as in oar. Hy hie in wikseldaelder. Foaral it fé bitsjoende er.
De minsken lieten him noait by it fé. Dat wie net fortroud.
nl.verhalenbank.37659
Frijmitselders hawwe in forboun mei de duvel. Sy krije in wikseldaelder fan 'e duvel en ha dan noait mear gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.23413
Albert Gjaltema wie frijmetselder. Hy wie smoarryk en hie noait forlet fan jild. Dat krige er fan 'e duvel.
Frijmitselders hienen in wikseldaelder. Dy matte se noait hielendal út jaen, dan groeit er altyd wer oan.
As se dy wikseldaelder kwyt wienen, krigen se noait hwat wer.
nl.verhalenbank.27885
Tsjoensters hienen in wikseldaelder. By âlde Piters Willemke (Wybenga) hinge jouns in lege ponge oan 'e doar, dy siet dan de oare moarns fol jild. Hja wie in tsjoenster.
By Stammerige Harm hong ek sa'n ponge.
Willemke wie de beppe fan Geertsma. Geertsma syn mem wie ek in tsjoenster. Doe't dy stoarn wie, doarst net ien har biklaeije.
nl.verhalenbank.20907
Bouke Schievink hie in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Hy hie syn siele oan 'e duvel forkocht. It wie de heit fan Hindrik en Bram Schievink.
Hy focht soms mei de duvel. Dy roan soms hiele einen mei him op.
nl.verhalenbank.19364
Yn Twizelerheide wenne stammerige Harm. Ik ha sa'n bytsje forkearing hawn mei ien fan syn dochters.
Stammerige Harm hie de kweade hân. Hy handele in bulte yn lytsfé. As er by guon kninen keapje woe en dy minsken woenen se net misse, dan struts hy der even mei de hân oer hinne. Dan koe men der mar fan op oan, dan wienen se de oare moarns dea.
Hy hie noait...
nl.verhalenbank.20686