Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Dy't him oan 'e duvel forkeapet kriget in wikseldaelder. Sa'n wikseldaelder groeit altyd wer oan ta it folle bidrach.
nl.verhalenbank.27392
Guon dy't in forboun ha mei de duvel, dy binne kûgelfrij. Sokken ha ek in wikseldaelder. Om dy to krijen matte se nei de ien of oare tsjerke ta - ik wyt net krekt hòkker tsjerke. Dêr matte se in kear of hwat om hinne rinne mei in kat en dan matte se troch de doar roppe: "Kat forkocht! Kat forkocht!" Dan komt der in hân om 't hoekje fan 'e tsjerkedoar. Dy...
nl.verhalenbank.17734
Stammerige Harm haw ik skoan kend. Hy wenne yn Twizelerheide en handele yn âld izer, blik, fodden en al sok spul. Alles wie fan syn gading. As der hwat op in hiem lei dat fandele er op. Hy hie yn 'e iene hân in stôk en mei de oare hâldde er in âld sek beet, dy't him oer 't skouder hong. Dêr die er alles yn hwat fan syn gading wie. In hiele bult âld izer...
nl.verhalenbank.34500
Frijmitselders sette har namme mei bloed wylst se achter dikke muorren sitte. Hja krije altyd jild. Sy ha in wikseldaelder. It opperwezen matte se ôfsweare en de duvel matte se oannimme.
nl.verhalenbank.19492
Stammerige Harm wie oan 'e duvel forkocht. Hy hie in wikseldaelder.
Harm hie in âld lears yn 'e skuorre to hingjen. Dy lears dêr wie de boom út. De duvel smiet it jild yn 'e lears en dat kom allegear yn 'e skuorre tolânne.
Trochdat de lears noait fol rekke hie Harm sa'n jild.
nl.verhalenbank.23901
Jan Wouda fan 'e Keale Wei hat in wikseldaelder.
Hy hat altyd presys in daelder yn 'e bûs. As hy der hwat fan útjowt, it is fuortdaelks wer in daelder.
Sy fregen him us: "Hoe hast dy krigen?"
"Dan mast dy oan 'e duvel forkeapje", sei er.
nl.verhalenbank.23685
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy wikseldaelder wie fan 'e duvel ôfkomstich.
nl.verhalenbank.25801
In wikseldaelder komt altyd wer by jo. Dy hâlde jo salang jo libje.
nl.verhalenbank.26129
Wikseldaelders dy binne blau. Myn omke Harm (= stammerige Harm) hie sa'n wikseldaelder. Dy sei wolris tsjin my: "Hjir, jonge, hast in hânfol sinten. Dy mast jim mem mar bringe." Dan die 'k de hân potticht om 'e sinten hinne. Mar as ik se mem jaen soe wie de hân leech.
Omke hat dy wikseldaelder fan syn mem krigen. Dat wie âlde Hindrikje, èk in tsjoenster....
nl.verhalenbank.28065
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
nl.verhalenbank.21309
As ien ûngelokkich is en dy hat in bult, dan kin er dy bult by syn leven forkeapje oan in frijmitselder. Sa'n man dêr rêdde dy frijmitselders mei, mar dan komt er net op it tsjerkhôf.
In frijmitselder hat in wikseldaelder. Hy kriget altyd de sinten wer dy't er útjowt.
Elkenien dy't him oan 'e duvel forkeapet, kriget in wikseldaelder. Dat jild komt altyd...
nl.verhalenbank.23457
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrtroch ha se noait gebrek oan sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket net op. Dy krije se fan 'e duvel. Dêr ha se in forboun mei sluten.
Ien dy't frijmitselder is, kin net wer in gewoan minske wurde.
As se der by wei wolle wurde se deamakke.
De gebouwen fan 'e frijmitselers sitte gjin glêzen yn.
Se jowe twa fingers...
nl.verhalenbank.33056
Hoe't men in wikseldaelder krijt:
As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe.
Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
Myn man syn broer, dy gong finansieel hiel bot foarút. In bulte minsken seinen, hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.21227
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Sy wurde trije kear holpen. Woenen se foar de fjirde kear holpen wurde, dan woarden se stil wei. Alle frijmitselers ha in wikseldaelder. Sy binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.23815
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Dy binne oan 'e duvel forkocht. Sy wurde blyndoekt yn in gebou brocht. Dêr sette se foar har in krús op 'e muorre. Dêr matte jy dan mei eigen bloed it mes yn stekke. Jo kinne der noait wer by wei as jo der ienkear by binne. Jo barre der sinten foar. Jo kinne sizze hwat jo leafst ha. In buorkerije of in gernierkerije of...
nl.verhalenbank.24174
Alde Foppe Ophús fan 'e Harkema koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie him oan 'e duvel forkocht en hie in wikseldaelder. Hy wie noait earm. Foppe Sint neamden se him. Hy koe lêze noch skriuwe. Edzer Sint dat wie famylje fan him. Dy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.20660
Frijmitselers ha alyd hwat oan har hûs dat net ôfmakke is. It ûleboerd of sa. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Sy ha in forboun mei de duvel. Elk fan harren hat in wikseldaelder, dat sy ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27696
Foppe Sint (=Foppe Ophuis; ien út in tsjoensterlaech) wenne yn 'e Harkema. It wie myn pake. Hy hie in wikseldaelder en se seinen ek dat er him oan 'e duvel forkocht hie. Hy praette net fris. Op in kear wied er by ús, doe wie ik noch in famke. Hy woe sitten gean en doe luts ik gau de stoel achter him wei, doe foel er achteroer oer de flier.
"O heden...
nl.verhalenbank.17594
In wikseldaelder kregen je fan 'e duvel. 't Was een rijksdoalder. Je mocht hem niet helemoal uutgeven, wel op één cent noa. Je moest altyd oppassen dat je der wat fan over hield. Dan werd het altyd weer een rijksdoalder.
nl.verhalenbank.27331