Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Sumar
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot. Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen. Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Op it Earrebarrenêst op 'e Deltike, flak by de Harstewei, wennen twa healwize bruorren en in healwize suster. Dêr't dy wennen, dêr spoeke it.
nl.verhalenbank.12219
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha. Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Der wie in man, dy hie skuon mei echte sulveren gaspen. Dy gaspen hied er ien biloofd, as er kom to forstjerren. Mar dyselde krige se net. In oaren ien krige se. Doe hie de deade gjin rêst. Hyltyd kom er to spoekjen by deselde, dy't de gaspen hie. Doe hellen se de dûmny derby. Dy spruts it spoek oan. Doe fortelde er, hwerom er gjin rêst fine koe. De...
nl.verhalenbank.12241
By in boer op Burgumerheide gebeurde it us dat de tsjernmoune de hiele nacht trochdraeide, sûnder dat der hynders foar roannen.
nl.verhalenbank.21366
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen. Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek? Né, 't wiif leit op bêd. Is se dan siik? Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear. Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit. Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
6