Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: toverij Narrator Gender: male Place of Narration: Ureterp
Der wenne in plysje by ús, dy hie in toverboek. Dêrmei hat er us in wite ezel by ús foar 't kelderglês tofoarskyn tsjoend. Mar ik ha him net sjoen.
nl.verhalenbank.24276
Durk Laurens kom de kant út wei fan 'e Boelensloane of sa. Dy mocht graech in buorreltsje. Hy fortelde, hy hie 't ris meimakke dat der in man yn 'e kroech kom, dat wie in sekere Harm. "Jow my in buorrel, kastlein", hied er sein. "Mast earst net ris bitelje?" hie de kastlein sein. "Hjir stiet in hege rekken fan dy." "Gjin gesoaijeflikker," hie Harm sein,...
nl.verhalenbank.24266
Hjir hat in man bitsjoend west, dat wie in soan fan Sytse Hanne. Mar hoe't dat gien is wit ik net.
nl.verhalenbank.30538
Der wenne in postrinder yn Oerterp, dy koe mear as gewoan. Dy sette in stok tusken 'e skonken en dy stok koed er samar nei in oar ta rinne litte. Hy koe in oar ek samar stean litte. Mar hy hie der bot fan to lijen, as er soks die.
nl.verhalenbank.23396
As se Ymke Modder (= Y. de Jong) opsluten yn 'e gefangenis, en sy gongen by him wei, dan wie de doar al wer los.
nl.verhalenbank.23397
To Jobbegea hat in man wenne, dy koe mear as in oar. It wie in maet fan 'e duvel. Op in kear kaem er by minsken, dy hienen biggen. "Mei 'k se wol even sjen?" frege er. Doe hy der hinne. "Moaije biggen," sei er, "moaije biggen. Ja. Dat is my nou niks om jo dy út hannen to bringen." In dei of hwat letter stoar de earste bigge, wer hwat letter de twadde en...
nl.verhalenbank.21022
Hindrik burdman (= H. de Vecht) hie in boek kocht, dêr't er fan alles út learde. Sa koed er wite kninen ta de hurddobbe útkomme litte, as er dêr yn lêsde. Letter moest er alles weromlêze, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn. Mar it gong sa fier mei him, dat hy woarde op 't lêst bang yn eigen hûs. Doe is er fan binaudens noch grifformeard woarn. 't Wie...
nl.verhalenbank.23386
Ymke Modder (= Y. de Jong) liet de liuwe stean. "Toe jonges, lûk my de learzens us út. Toe jonges lûk oan", sei er. Ynienen lutsen de jonges de hiele poat út. Sy woarden sa kjel, dat sy naeiden hurd út. Imke de Jong krûpte toch in balke hinne. Sa like it tominsten. Yn werklikheit kroep hy der by lâns.
nl.verhalenbank.25093
Yn Terwispel wenne ien dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte en marsjeare litte. Ek ien dy stjûrde klaverboer fuort om in flesse drank komme to litten. Ek guon hienen in wikseldaelder. Dy mochten se noait skjin útjaen.
nl.verhalenbank.21034
Ik haw wolris heard fan ien, dy hie in toverboek. As er dêr yn lêsde, dan kommen de kaën ta de hurddobbe út. As er itselde weromlêsde, dan gongen se der wer yn.
nl.verhalenbank.23804
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe. Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop. Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
To Drachten hat in man wenne, dy liet in regimint ta de hurddobbe út komme. "Stop", sei er, dan gongen se allegear yn 'e houding stean. "Verdwijn", sei er, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.26184
Tichte by de Boppewei wenne âlde Rinse Hil. Dy gong foar in tsjoenster troch. Hja lokke de bern mei muntsjes. "Leave berntsjes," sei se dan, "wolle jim in muntsje ha?" Hja hat wol guon deatsjoend, waerd der sein.
nl.verhalenbank.30534
Doe't wy to Himrik wennen beamsagen wy winterdeis faek. Heit kocht beammen en der sagen wy skroaten fan. Dêr woarden hekken fan makke. Doe't ik sa'n seis en twintich jier âld wie, lei 'k op in nacht op bêd en doe goaiden se mei de beammen dat it klonk der oer. Ik wie klear wekker. Ik sei de oare moarns: wy kinne wol bigjinne to beamsaegjen. Mar der wie...
nl.verhalenbank.21014
Oan 'e Hegebrechsterloane yn Oerterp wie in wylde lantearne. Dêr wienen se allegear bang foar. Letter kommen dêr fytslampen. Dêr hat it foartsjirmerije fan west.
nl.verhalenbank.23373
Ik haw in muoike hawn yn Drachtster Kompenije. 't Wie in Jantsje Bekkema. Dy har mem Marij koe tsjoene, seinen se. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.23842
35