Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: toverij Narrator Gender: male Place of Narration: Tzummarum
Ien fan ús jonges hat soldaet yn Ynje west. Hja hienen in majoor, dy koe de jonges omraek negerje. Mar der wie in fint by har, dat wie in sekere Bambergen. As dy sei: "'t Moat út wêze" dan hâldde de majoor him stil. As de majoor "acht!" sei, liet er de majoor mei de mûle iepen stean en dan koe dy majoor him net forwege, of Bambergen moest it earst wolle.
nl.verhalenbank.20639
It is hjir wol gebeurd, dat minsken bihekst wienen. Dan waerd it kessen iepenmakke. Dêr siet dan in moai fûgeltsje yn. Dat waerd der úthelle en opbarnd. Dan waerd de 'pasjint' wer better. Doe't ik noch tige jong wie fortelden âlde minsken sokke dingen wol. Letter net mear.
nl.verhalenbank.20605
To Tsjummearum wennen in broer en in suster. Har mem wie to bakerjen op in pôlle tichte by de sédyk. Togearre gongen de broer en de suster op in joune let dy kant út om har mem op to heljen. Sy moasten oer de feart. Dêr lei in heechhout oerhinne. Sa kamen se op in sintelpaed. Dêr kaem in wite kat by har. Dy roun har hyltyd om 'e fuotten hinne. It dier wie...
nl.verhalenbank.20604
Ymke de Jong koe de minsken stiif stean litte.
nl.verhalenbank.20638
Wy hawwe in jonkje forlern dat yn 1919 geboaren is. It wie yn 'e simmer fan '20. Skoanmem wenne by ús yn. Sy wie oan 't wurk. Ik wie op 'e tún en de frou wie om boadskippen. Doe seach skoanmem dy âld man, dy't mei de helm geboaren wie, om 'e hoeke kommen. 't Wie om Maeije hinne. Hy bleau even stean. De lytse jonge lei to sliepen. 't Wie sahwat fiif ûre yn...
nl.verhalenbank.20621
Yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Hy kaem wolris op in plak, dêr't er oars noait kaem. Dan seach er dêr by 't hûs op, hy bleau even stean en gong wer fuort. In dei of hwat letter stoar der dan ien yn dat hûs.
nl.verhalenbank.20620
Der stiet yn Tsjummearum in boerepleats, dêr wennet nou Freark Jaarsma. Dêr sit in deadskop yn 'e muorre. As dy der útkomt, dan giet it raer. Dan dounsje de stelten op 'e skoarstienmantel om en alles yn 'e hûs huppelt oer 'e flier. Mei 't hûshimmeljen wurdt de deadskop der soms weinaem. Dan dounset alles yn 'e hûs, de stuollen en de tafels en alles hwat...
nl.verhalenbank.20633
Alde Foppe tsjoenster wenne yn in lyts húske yn Tsjummearum. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Dy soldaetsjes huppelen dan oer 't hûs om.
nl.verhalenbank.20631
35