Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik ha wolris heard dat der guon binne, dy kinne molke helje út 'e rosken.
nl.verhalenbank.24365
Imke de Jong koe suver fan alles. Hy koe bûksprekke en hy koe de minsken ek stean litte.
Der is my forteld woarn, se wienen ûnder tsjinst deaforlegen mei him west. Hy wist net hwat foarwaerts en achterwaerts wie.
Doe bounen se him in toppe strie foar op it boarst en in toppe hea achter op 'e rêch.
Doe seinen se net mear tsjin him 'voorwaarts' en...
nl.verhalenbank.24366
Froeger hienen se oeral âlde bolkoerrinsters en dy krigen dan rounom kofje en dan kommen se ek wolris by jonge minsken.
Dan rekke der gauris in berntsje siik. Sa wie 't ek in kear yn Feanwâlden. De heit gong mei 't mûtske fan 't bern nei Wopke ta.
"Ja," sei Wopke, "sjoch, dêr komt in forkeard frommes by jimme en dy matte jim fuortstjûre. 't Hie mar even...
nl.verhalenbank.24222
Kei Sytses en 't wiif, dy wennen to Feanwâlden op 'e Fenen.
As âlde Gosse jounpraters hawn hienen, dan wist Kei Sytses syn wiif altiten krekt to sizzen, hwa't der west hienen. Der siet dan wolris in kat by Gosse en dy bûten yn 't finsterbank, mar dêr waerd gjin doel op makke.
Mar doe't dat faker as ien kear gebeurde dat Kei Sytses wist hwa't der by harren...
nl.verhalenbank.24221
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.23707
Doe't wy in skoftsje troud west hienen, krigen wy in famke. Dat bern tsjirme fan bigjin ôf oan. Dokter kom geregeld, mar hy wist der neat op. 't Bern tsjirme mar troch.
Us buorwyfke kom faek by ús, dy sei, 'k moest mei 't bern nei Oentsjerk ta, nei de duvelbander. Dat wie in boer.
Mar dêr hie ik net folle mei op, dat wimpele ik altyd ôf. Mar op 't lêst...
nl.verhalenbank.24323
Hjir wienen froeger in hiel soad tsjoensters. As in minske mar in doekje om 'e holle hie, dan wie 't al in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23702
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea.
Se dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.23715