Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner.
It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer.
"Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it.
"Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme.
Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne.
Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
De spitketen hjirre wienen mei liem birape. Dêr dienen se wol roggemoal troch fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25817
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe.
Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich.
Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.25816
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht.
In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
Imke de Jong woarde yn Ljouwert nei de gefangenis ta brocht.
Sy treauwen him yn 'e sel. Mar wylst it gefangenispersoneel stie to sjen, roan Imke moai ta de poarte út. Der wie net in slot tsjin him bistand.
nl.verhalenbank.27583
Myn heit fortelde, njonken syn folk wennen Albert (Bos) en Gees. Gees hie nou en dan pine. Op in nacht kom se wer ris by heit en dy fanwege de pine.
Heit sei: "Fordomd, hast wer nei âlde Wyts west to praten?" "Sjoch Gees," sei heit, "dit mast mar ris opdrinke."
Doe joech er har in kopfol brandewyn mei in dikke skoat terpentyn der yn.
De oare deis moest...
nl.verhalenbank.24699
Doe't ik soldaet wie kom ik us yn Sint-Anne. Dêr siet ik yn 'e herberch. Doe kom dêr ien yn, dy hie in pakje kaerten by him. Hy liet it ús sjen. Doe frege er: "As ik dizze kaerten tsjin 'e muorre oan smyt, hokker mat der dan tsjin oan sitten bliuwe?"
Dat soe hartenboer mar wurde. Hy smiet de kaerten tsjin 'e muorre oan en hartenboer bleau sitten.
"Krij...
nl.verhalenbank.27582
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije.
Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west.
"Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein.
De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Frânse Hinke wie duvelbanner. Sy wie de opperste fan 'e tsjoensters. Sy sei: "Jimme matte in pakje spjelden goed yn wetter siede litte. De pine, dy't de tsjoenster it bern oandien hat, sil se dan sels ûndergean. Sy sit dan to razen en to kjirmjen."
Heit en mem ha de ried opfolge. Dy't se net fortrouden ha se net yn 'e hûs litten. Ik wie mei in wike wer...
nl.verhalenbank.24448
Doe't Jiske Wyts ien fan uzes ris bitsjoend hie, hat heit ris yn 'e nacht nei har ta west. Doe wie se midden yn 'e nacht yn 'e kachel oan 't readen.
Doe hat heit alle glêzen by har ynslein.
Har soan dat wie Jochum-sûnder-hakke. Dy sei: "Sil 'k him gau us bitsjoene?"
nl.verhalenbank.24701
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar.
Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
nl.verhalenbank.32229
Imke wie ris by in boer achter Ljouwert yn 'e ûngetiid. It wie op in dei dat it reinde en 't wie gjin heawaer.
Dêr stie in greate houtbult op it hiem en de boer sei tsjin Imke: "Dû kinst wol bigjinne to houtsaegjen, dan hast hwat to dwaen."
De boer gong yn 'e hûs. Doe't er efkes letter wer bûten kaem wie alle hout al sage.
nl.verhalenbank.32228
Op 't Wytfean wenne in feint by de boer. Dy feint strúnde in bult allinne om.
"Jonge," sei de boer us op in kear tsjin him, "dû mast nei it lân ta to dongstruijen."
Dêr lei in hoeke dong fan komsa op dat lân. Sy hienen dagen riden hawn om it dêr to bringen. Nou moest de feint al dy bultsjes út elkoar struije. 't Wie in ein fan 'e plaets ôf.
De boer sjocht...
nl.verhalenbank.25813
Op in kear gongen myn pake en Albert Scholte togearre to jeijen. Albert Scholte skeat in hazze. Dy hazze die twa slaggen oer de kop. Doe sei pake: Nou sil ik aenst ien sjitte, dy't trije slaggen oer de kop docht. Doe skeat er in hazze, mar dat wie Rikele Myt, dy't har yn in hazze foroare hie.
Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hazze die trije slaggen oer de...
nl.verhalenbank.15907
Hjir wienen froeger matteweverijen. Jouns woarde der altyd ophâlden mei matteweven. Dan woarde it stel losmakke. De spanning woarde fan 'e triedden ôfnaem, oars weve it nachts troch, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.21421
Der wie in boer, dy hie syn arbeider nei 't lân stjûrd om de heaoppers út elkoar to struijen. Mar hy die net in slach. Mar krekt fan tofoaren foardat de boer kom om to sjen hoe fier't er wie, hied er mei ien hanbiweging de hiele saek útelkoar lizzen.
Doe't de boer wer fuort wie, wienen it wer heaoppers.
nl.verhalenbank.21555
Wy hawwe it froeger wol faek saegjen heard yn 't achterhûs. Wy as jonges gongen der dan mei ús trijen hinne to sjen mei in lantearne. Allinne doarsten wy net. Mar dan wie der noait hwat to sjen. It wie foartsjirmerij. Hwant dêrnei woarde der in bêd by makke. Alle kearen as dat gebeurde, hearden wy fan tofoaren it timmerjen al.
nl.verhalenbank.19592
Op 'e Feansterheide wenne âlde Rikele Myt. Dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien lâns to kommen.
't Wie in sutrich âld minske, dy't fearren yn 'e kessens tsjoende.
Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels om har, en net ien dy't hwat fan har oannimme doarst.
As men duveldrek yn 'e bûse hie, soe der noait in lulke houn op jin ta komme.
nl.verhalenbank.36202
Imke de Jong wie ris to Grypskerk. Dêr kommen twa arbeiders by de boer wei.
Jimme ha fan 'e wike neat tofolle fortsjinne, wol? sei er tsjin har.
Né, seinen dy arbeiders.
Nou, sei Imke, hjir ha jim elk in ryksdaelder fan my. Gean mar yn 't café en keapje foar jim elk in buorrel. De beide arbeiders nommen de ryksdaelders yn dank oan en kochten elk ien. Mar...
nl.verhalenbank.17019