Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Dokkumer Wâlden wenne in boer, dy hie in koe, dy waerd siik. It buorwyfke krige de skuld, dy hie dy koe yn 'e macht, mienden se. Doe helle dy boer it buorwyfke der by. Hy sei tsjin har: "Dû hast de koe siik makke, dû mast him ek wer better meitsje, oars stek ik dy hjir fuort dea."
nl.verhalenbank.24843
Tsjoensters matte elke sawn jier op syn minst ien deatsjoene, oars geane se der sels oan.
nl.verhalenbank.24842
Alde Auk wie in tsjoenster. Hja wenne yn 'e Leijen en stookte yn 'e winter altyd skjûden yn 'e fjûrpot. (skjûden = afval van vlas; brandstof voor behoeftige lieden)
Mei't pake en dy in protte braekten, hienen dy skjûden to keap. Wy wennen yn Broek.
't Wie yn 'e winter en beppe wie nei Bonte Houn ta, dêr leinen har âlders mei 't skipke.
Mem en Minkmoai...
nl.verhalenbank.25647
De minsken hienen Yn Broek froeger de kaeisgatten ticht, fanwege de tsjoensters en de nachtmerjes.
nl.verhalenbank.27454
Freark Visser op 'e Broek wie frachtrider. Syn frou wie in tsjoenster.
Wy hienen trije hynders. Freark Visser nom de hjouwer foar dy hynders mei út Dokkum.
Myn broer Harm helle de hjouwer jouns let noch wol us by Freark wei.
It wie al in kear of hwat gebeurd, dan seach er yn 't tsjuster in frommeske nei 't hinnehok tagean. Dat wie gjin goed spul.
Meester...
nl.verhalenbank.25646
De tsjoensters bitsjoenden ek fé. Us bargen hienen froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch foar 't bitsjoenen. Myn suster Harmke hat in famke forlern fan fjirtsjin jier. Letter krige se wer in famke.
Ik wie in kear by Harmke en dy. 't Famke boarte bûten op in platte kroade. Harmke gong ek nei bûten. Doe hearde ik har sizzen tsjin 't bern: "Hat se de...
nl.verhalenbank.25120
Imke de Jong ontsnapte út elke gefangenis. Sy koenen him achter gjin inkelde doar hâlde.
Op trije plakken tagelyk ha se him sjoen doe't er ta de stêd útgong.
nl.verhalenbank.27443
Der hat ek in boer west, dy hie sa'n duvelsboek. Dy brûkte it foar syn wurk. As er dongstruije moest, lies er mar even yn 't boek, dan kommen de roeken delsetten en dy hienen de dong samar útinoar struid. Dan hoefde er 't sels net to dwaen.
nl.verhalenbank.24837
Der wienen twa man yn 'e Westerein, dy hienen togearre in duvelsboek. It wienen Ytsje Jelle en Tytsje Jelle. Sy lieten der soldaetsjes mei ta de hurddobbe út komme. Dy gongen der wer ta'n yn, as se itselde tobekliezen.
De beide Jelles wennen flak byinoar. Op 't lêst krigen se sa'n lêst mei dat boek, dat sy woenen it wol graech kwyt. It wie sa dat de duvel...
nl.verhalenbank.24836
Klaes Wytses v.d. Meulen wie kastlein to Broek. Hy hie us in kear in man by him yn 'e jachtweide sitten, dy syn namme wol my nou net yn 't sin komme.
Der stie in flesse drank boven op 'e tapkast, dêr krige dy man hwat út. Doe sette Klaes dy flesse dêr wer del.
Doe't er sa in pear hawn hie, sei er tsjin Klaes: "Ik sil dy flesse drank dêr wei komme litte,...
nl.verhalenbank.27456
Fan in tsjoenster mat men noait hwat oannimme, hwant it kin foroarje yn in pod.
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, wurdt der wol sein.
nl.verhalenbank.27452
Myn man hie in neef, dat wie Ielke Hottes Kooistra, dy hie yn syn jonge jierren forkearing mei in sekere Tiet. Dy wenne yn 'e kolonjes yn Broek.
Doe seinen se ris in kear tsjin Ielke: "Wytst wol dat it in tsjoenster is?"
"Né", sei er.
"Nou," seinen se, "it is wol degelik sa."
"Dan meitsje ik it snein-to-joun út," sei er, "as ik wer by har kom."
En dat...
nl.verhalenbank.27453
Der wenne in feint by de boer. Dy wie de luije kant it neist. Hy hie in toverboekje.
Op in kear doe moest er nei 't lân ta to dongstruijen. Mar hy die neat. Hy gong gewoan yn 'e wâl lizzen.
De boer hie al in pear kearen nei him ta west om to sjen hoe fier hy wie. Mar de bultsjes stienen der allegear noch.
Doe't it hast iterstiid wie seach de boer dat dy...
nl.verhalenbank.25642
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Syn eigen skoansoan hat wol sein, dat er faek hiel nuver en geheimsinnich die. Dan gong hy der út, in lyts eintsje fan hûs of, dêr knibbele er del en dan bidde er en dan kom er wer mei in knoarre jild thús.
Hy koe elkenien wol jild liene.
nl.verhalenbank.24830
Hoe't it heksen ophâlden is.
De tsjoensters stoaren sa stadichoan út. Der wienen gjin dy't har opfolgen. Ien fan 'e tsjoensters wie der mar dy't in bern hie. Dy moest fansels yn leven bliuwe. Dêr stienen se tige noed fan.
Op in dei fleach de mem mei har bern op 'e biezemstôk troch de loft. 't Bern siet achterop. Sy mochten net prate ûnderweis, hwant dan...
nl.verhalenbank.23839
Mei sa'n toverboek koenen se ek wol âlde roeken ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.27460
Guon kinne spylkaerten dounsje litte, mar ik ha 't noait sjoen. Oaren kinne mei skoppenboer in flesse drank komme litte. Dat ha 'k faek heard.
nl.verhalenbank.27462
Heine Jilderda fan 'e Broek hie fiif berntsjes, dy woarden alle fiif siik. Sy seinen: hja binne bitsjoend.
Alde Frearke Tiet wie de beppe fan 'e berntsjes (ek in Jilderda), dat wie de tsjoenster. Har broer Jan wie ek in tsjoenster.
Doe't de buorlju seinen: - de berntsjes bin bitsjoend -, sei Hanne, de mem fan dy berntsjes: "Ik kin 't net leauwe en ik mei...
nl.verhalenbank.25648
't Wie in waerme simmer. De bern fan Hinne yn 'e Broek woarden siik.
Alde Minne Hindrikje wie in tsjoenster. Har eigen soan Wopke wist dat wol. Hy gong nei Hinne ta en sei: "Jimme bern binne bitsjoend."
Hinne sei: "Dan sil 'k nei Wopke Minke ta." (Wopke wie duvelbander en wenne yn Kûkherne, sûnt syn dea gongen se nei syn frou Minke ta.)
Hinne sei tsjin...
nl.verhalenbank.25113
Der wenne in feint by in boer, dy feint hie sa'n duvelboek. De boer stjûrde him nei 't lân to dongstruijen.
Mar dy feint gong moai yn 'e sinne lizzen. Doe't er sa in skoft lein hie, krige er it duvelboek en bigong der yn to lêzen. Doe kommen der allegear âlde roeken op 't lân en dy bigongen to dongstruijen. Yn in healûre wie alle dong oer 't lân. Doe...
nl.verhalenbank.27459