Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw ris fortellen heard dat ien earne út in herberch wei (wie 't Swarteweisein) in speake út in tsjil stikken makke fan ien dy't dêr foarbykaem. Dyselde hie him de gek oanstutsen en dat wie syn wraek. Doe koe dyselde net fierder ride mei de wein. (Hy die dat sûnder by de wein to kommen.)
nl.verhalenbank.31321
Ik haw in jonge kend fan twintich jier, dat wie in sikere Nicolai. Dy koe de minsken samar fêstsette litte. As er de minsken de hannen ynelkoar lizze liet, koenen se se net wer út elkoar krije. Letter wie er kellner yn 't Oranje-hotel to Ljouwert.
nl.verhalenbank.31240
Sjoerd Bonnes wie boer yn Sumar. Hy hie in soan, dy koe mear as in oar. As de soan jouns nei syn faem ta wie, bleau Sjoerd Bonnes allinne yn 't tsjuster sitten, hwant hy woe wite hoe let syn soan wer thúskaem. Dy soan seach syn heit dêr yn 't tsjuster sitten. Letter hie Sjoerd Bonnes de doar in kear op slot dien. Doe kaem de soan troch it kaeisgat der yn.
nl.verhalenbank.31322
Wy hienen in famke, dat wie altyd gammel en siik. Doe kom der ris in kear in sekere Filippus by ús. Dy sei: "Hwat is hjir to rêdden? Is jimme fanke siik?"
"Al in hiel skoft", sei 'k.
Hy sei: "Jimme matte nei de duvelbander, hwant der sil wol hwat oars achter sitte. Jimme bern sil wol bitsjoend wêze. Ha jim it kessen al ris iepenmakke?"
Doe makken wy it...
nl.verhalenbank.27554
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme.
It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
Men koe klaverboer fuortstjûre om in flesse drank to heljen. It earste romerfol moest ien fan 't selskip oer 't linker skouder fuortsmite en dêrby sizze: "Dat is foar dy."
Dan koenen se fierder drinke.
nl.verhalenbank.31975
Ymke de Jong koe de minsken stean litte, waerd der forteld.
nl.verhalenbank.31974
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
De bern fan Jelle Huisman fan 'e Wygeast woenen net groeije. Hwat de âlders der ek oan dienen, it bleauwen tjirmers. Op it lêst kommen Jelle en 't wiif der achter dat de bern bitsjoend wienen. Der siet kweafolk achter. Jelle wie gau út 'e rie. Hy stapte nei greate Wopke ta. Wopke joech him in drank mei, mar sei der by: "Ik jow dy wol in drank, mar dû...
nl.verhalenbank.21966
Jehannes Meerstra sette minsken fêst, as er dat woe.
nl.verhalenbank.31022
Froeger hienen de lju hjir rounom duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.27650
Op 'e oare ein fan 'e Wâl stie in âld fabryk, dat wie in sûkerijfabryk. Dêr woarde de sûkerij droege.
Jehannes werkte dêr ek.
Op in kear sei ien fan 'e mannen dy't dêr werkte: "Hwat ha 'k in sin oan in hearring."
Fuort dêrnei waerd der bûten roppen: "Haring met kuit!"
"O," sei Jehannes tsjin 'e man, dy't graech hearring ha woe, "dat treft alhielendal."
De...
nl.verhalenbank.29669
Roel Veltman to Eastemar fortelde: Der wie in man, dy siet op in joun to lêzen yn in toverboek, by in brânnende kears. Doe gong dy brânnende kears samar fansels ta de doar út, en dêr moest hy achteroan, dy't yn 't toverboek lies.
nl.verhalenbank.21962
Yn 'e wurkforskaffing fortelde ien my, dat dêr wenne by harren in tsjoenster, dy foroare har samar yn in kat.
Hja hie by harren thús froeger in bern bitsjoend. Doe hie syn heit duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe se net mear by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.31972
Jehannes Meerstra liet foar ús op 'e Wâl soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat hat er dien by Fije Simens, dat wie noch hwat famylje fan Jehannes. Wylst lêsde hy yn 't duvelsboek.
Hy liet de tange samar út himsels om 't hurdfjûr hinne springe. Dat haw ik sels sjoen. Ik wie bang foar Jehannes en syn kunsten.
De froulju liet er de klean ôfsakje en hy...
nl.verhalenbank.29668
Jehannes Meerstra koe allerhande kunsten mei spylkaerten. Hy koe ek kaertlizze.
Jehannes Meerstra hie ek in toverboek. Op in kear doe't er dêr yn lies, waerd er tige binaud. Doe smiet er it boek yn 'e rogge. Doe wie 't oer.
nl.verhalenbank.31027
Fan 1910 - 1914 haw ik yn Dútslân tahâlden. De poepen fortelden hwannear't men yn in herberch kom of yn in hûs en dêr lei in bosk strie yn 'e hoeke fan 'e keamer, dan koe in tsjoenster, as se op dat strie sloech mei in stok, dêr in lytse bigge út wei tsjoene. In tsjoenster koe dat allinne mar.
nl.verhalenbank.27651
Jehannes Meerstra koe turven marsjeare en dounsje litte.
Ek spylkaerten koed er dounsje litte.
Alle deade dingen koed er levend foar jin toverje, dan sprongen se dat it hwat die.
nl.verhalenbank.29681
By Anders en Antsje op Noardermar kaem in fôlle troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Alde Antsje koe tsjoene. Heit hat ris in skiep fan har kocht, dat wie ek bitsjoend. Doe die heit dat skiep in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals.
Se lieten Antsje net by in bernewein, dêr't in bern yn lei. Dat wie net fortroud.
nl.verhalenbank.31233
Mei Klaverboer kinne guon in flesse drank komme litte. Dy drank komt fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.29680