Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As in tsjoenster in bern bitsjoene woe, dan kom se by dat bern en dan sei se: "O, hwat bistû in leaf famke (of jonkje)." Sa bigoun it altyd.
nl.verhalenbank.28417
Heit fortelde, yn Langsweagen wienen us guon bitsjoend. Dat wie it wurk fan in kat. Dy kom dêr altyd. Mar dat wie fansels de tsjoenster. Doe stie de man op in kear mei 't gewear klear. Doe't dy kat wer kom wie 't bots-bots. De kat wie rekke yn 'e kop.
De oare deis wie der in âld-wiif, dat hie de egen bûten de kop. Dat wie de tsjoenster. Doe wisten se 't...
nl.verhalenbank.28365
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. As der in krâns dien wie gong deselde dy't der op slepte dea.
nl.verhalenbank.28364
Imke Modder (= I. de Jong) wie in gûchelder. As hy jo frege om in ryksdaelder en hy joech jo dy wer, dan hienen jo him net.
As jo him ien ryksdaelder joegen, dan hied er samar in kroadefol ryksdaelders - dan tilde 't fan 'e ryksdaelders.
nl.verhalenbank.28343
Imke Modder (= Imke de Jong) koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Heit fortelde, hy hie ris sjoen, dat der him in hiele partij lint ta de hals útkom, der kom suver gjin ein oan. Hy luts mar troch.
nl.verhalenbank.28419
Doe't Imke in great-jonge wie klaeide er him soms spierneaken út en dan fleach er sa de lannen troch, troch sleatten en alles hinne en koe er it net bidjipje, dan swom hy der troch. Hy koe swimme as in fisk en hy koe krekt sa goed dûke as in hearringslynder. (= fuut)
nl.verhalenbank.28344
Doe't er ûnder tsjinst wie sei de kaptein: "Geef acht." Dan sprong Imke yn 'e gracht. Dan bearde er as er fordrinke soe. Dan stuts er de hân út om him to helpen. De iene soldaet nei de oare krige him by de hân om him der út to heljen.
Mar Imke luts him der yn. Op 't lêst hied er it hiele regimint yn 'e gracht. Dêr wie 't him krekt om to dwaen.
Dan dûkte...
nl.verhalenbank.28345
Imke koe ek bûksprekke. Op in kear siet der in faem ûnder in koe to melken yn 't lân.
Imke hie toarst. "Mei 'k in bytsje molke ha?" frege er.
Mar dat doarst dy faem net to dwaen fanwege de boer.
Mar doe sei de koe samar ynienen: "Jow dy man hwat molke."
De faem woarde sa kjel, dat sy liet de koe yn 'e steek en naeide út.
nl.verhalenbank.28347
Doe't Imke sa'n great-jonge wie, kom er us op 'e merk yn 'e Gordyk. Doe wie dêr in gûchelder, dy liet in slange ta de mouwe út krûpe. Mar Imke seach fuort dat it in roggeier wie, en de man koe neat mear bigjinne salang 't Imke der by wie.
nl.verhalenbank.28346
Tsjoensters wienen froulju, dy't bern bitsjoene koenen. Sy koenen har ek yn allerhande dieren foroarje.
Ien fan 'e bern fan myn beppe rekke us op in kear bitsjoend. It bern wie altyd siik. Doe gong ús pake nei de duvelbander fan de Knipe ta, dat wie Lolke Woudstra.
Lolke joech in fleske mei drank mei. Hy sei tsjin pake: "Hjir mastû tige op passe. It mat...
nl.verhalenbank.28268