Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It barde jierren lyn yn Zevenhuzen ûnder Burgumerheide. Dêr wennen Tsjitse en Kei (Boonstra). Op in kear soe Kei de aeijen ophelje, mar de hinnen seinen: "Wy lizze hjoed net."
Doe soe Tsjitse de kou melke, mar de kou kearde him om en sei: "Ik jow hjoed gjin molke."
Tichteby wenne in tsjoenster, dat wie Jantsje. Jantsje hie in winkeltsje. Dy krige de...
nl.verhalenbank.36472
Jehannes Meerstra fan Feanwâlsterwâl koe de potsjes en faeskes op 'e skoarstienmantel dânsje litte. Ek de pook by de kachel liet er dânsje.
Jehannes wenne by syn pake. Soms kommen der guon by him to praten. Dan sieten se meimankoar yn 'e hûs. Dan sei er earst: "Sil 'k de tafel ris dânsje litte?" Dêr bigong it mei. Dan liet er de stuollen dânsje. As de...
nl.verhalenbank.28473
Wy wennen tusken Burgumerheide en Feanwâlden. Wy wennen op 'e Swette. Antsje, de tsjoenster, wenne dêr ek. Wy stienen as jonges byelkoar en wy hienen it drok oer tsjoenderije.
Wy koenen it net lyk fine mei elkoar, de iene tocht der sa oer, in oaren wer oars. Doe kaem myn omke fan 't lân mei de gripe oer 't skouder. Dat wie Wiger-om.
"Wiger-om," sei 'k,...
nl.verhalenbank.36473
Ik ha wol ris heard dat der guon binne, dy kinne turven stappe litte. Ik tink, dat Jehannes dat ek wol koe.
nl.verhalenbank.28474
Der wenne noch in oare tsjoenster flak by ús. Dat wie ek in echten-ien. Dy liet de mûzen samar dounsje oer de flier. Dêr wienen de lju ek allegear bang foar.
nl.verhalenbank.33838
Ik hie in omke en in muoike, dy wennen yn Warffum yn Grinslân. Omke wie arbeider by de boer. It hûs stie net sa fier fan 'e pleats ôf. De boer gong der foar troch, dat er tsjoene koe.
Omke woe foroarje fan plak en sei de tsjinst op. Mar de boer woe him graech hâlde. Doe't omke oanhâldde woarde er siik. Sy hellen de dokter der by, mar dat joech neat. 't...
nl.verhalenbank.19393
Myn broer Eabe Kloosterman hat yn 'e swarte spegel sjoen doe't er ûnder tsjinst wie. Doe krige er in deakiste to sjen. Hy wenne op Sânbulten.
nl.verhalenbank.19391
Doe't myn âldste suster Wike noch in lyts famke wie, wenne se yn Lutjewoude ûnder Kollum. Der kom geregeld in âldwiif út Kollum by ús oan 'e doar mei de bolkoer. As dat wiif der west hie, koe Wike dy jouns net sliepe. Sy lei dan altyd wekker op bêd en dat woarde geandewei slimmer. Ien joech mem de rie, sy moest it holkessen mar ris iepenmeitsje. Doe siet...
nl.verhalenbank.19390
Jehannes koe sa mar ien stean litte, dan koe dyselde net in stap mear dwaen.
Hy liet de hoannen kraeije boppe op it dak.
Hy siet ris in kear mei in keppeltsje oaren yn 'e kroech to Feanwâlden (Schoonoord), doe sei er: "Gean mar even nei de fyfte beam, dêr leit in flesse drank." Dat wie ek sa. Hy die dat mei kaerten.
nl.verhalenbank.36484
Mem sei tsjin ús: "Jimme meije noait in pepermuntsje fan Antsje oannimme." Omdat Antsje in tsjoenster wie. Wy droegen foar har duveldrek yn 'e bûse en dat hienen wy ek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36487
Greate Wopke wie wûnderdokter to Kûkherne. Us mem kaem in protte by him as der by ús ien siik wie.
Op in kear siet mem dêr, doe bigounen de lege flessen to rammeljen. Doe sei Wopke: "Der komt aenst ek wer in klant."
Wopke hat myn omke ek genezen.
Yn Feanwâlden wie doe in sikere dokter Dons, dy is letter nei Smilde tagong.
Myn omke wie doe noch in jonge....
nl.verhalenbank.36486
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Se neamden him ek wol Jehannes tsyske. Dy koe 't tige nuver dwaen. Hy liet de famkes samar de rokken ôffalle. Hy hat boerefeint west by Ate Kooistra. Op in kear kocht in minske tsjin ús oer tsiis fan Jehannes. It minske joech him tsien goune. Hja krige jild werom. Doe sei se: "Der is in dûbeltsje to min!" "Ik...
nl.verhalenbank.36482