Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.25619
Op 'e Tike, by Rypke en At wienen de bern al ris bitsjoend.
De tsjoenster wie âlde Piters Hindrikje, dy wenne ek op 'e Tike. Dy koe har yn in kat foroarje en hja koe troch 't kaeisgat hinne. Sa kom se by de minsken. De bern dy't se bitsjoend hie hienen krânsen fan fear yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33035
Yn Boarnburgum wenne Jan van der Zee. Dy wie karrider. De man wie noait rjocht goed. Hy tsjirme. Doe ha se syn holkessen iepentoarnd. Dêr sieten krânsen yn. De man wie bitsjoend. Dat hie de frou fan Knjillis van der Zee dien. (Knjillis wie boskwachter) De lju ha Knjillis Auk doe it hûs forbean.
nl.verhalenbank.20860