Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Jemke Romke fan Stateheide wie in tsjoenster. Sy hat ien fan 'e bern fan Klaes Vonk bitsjoend. Sy die dat troch de doeken oan 'e line to bitsjoenen. It bern is stoarn. Doe't ús mem har biklaeide, wienen 't allegearre levende dieren oan har.(dealuzen)
nl.verhalenbank.17755
Jan van der Zee wenne by de haven op Smel-ie.
Syn wiif krige in lytsen. Syn omke wenne op 'e koai by Smel-ie. Dy syn wiif kom us in kear by Jan van der Zee om de lytse to sjen. Wylst hja dêr wie, krige it bern hiel bot pine. It raesde it út. It bern waerd fan dy ûre ôf siik en 't is stoarn.
Doe ha se 't kessen neisjoen. Dêr sieten krânsen yn.
Doe wie 't...
nl.verhalenbank.24003
Wibe Douma wenne yn Twizelerheide. Syn frou wie siik. Op in joun hearden se hwat. Doe't Wibe seach, kommen der seis froulju oan. Dat wienen tsjoensters. 't Wie famylje fan stammerige Harm.
Wibe hie ien skiep. Dat wie op 't hiem. De seis froulju bitaestten it skiep hielendal. Doe gongen se der by wei en nei 't hûs ta. Dêr lei de frou yn 't ledekant. De...
nl.verhalenbank.23740
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster, dy wenne hjir yn 'e buert. Alde Sweitse hie in bern yn 'e bernewein. Doe kom der in greate grouwe swarte kat oan. Doe hat Sweitse dy kat mei de biezem oer de rêch houd.
Alde Rikele Myt lei de oare deis mei de rêch kniisd op bêd.
nl.verhalenbank.23146
Alle Tet wie hjir de tsjoenster. Wy setten as bern mei de klomp in krús yn 't sân as Tet der oan kom. Dêr koe se net oerhinne komme, seinen se. Doe't Tet goed en wol dea wie, bleau se sa slop as in flarde. Dêr koe men oan wite dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.21140
Myn suster hat ek bitsjoend west. In tsjoenster hie har guod jown, dat hat se opiten. Hja hie krânsen yn 't kessen. Doe't se dy forbrând ha, ha de katten èk sa raesd.
nl.verhalenbank.28158
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije.
De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe.
Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop.
Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Der wie by ús ris in fremde kat, fortelde mem. Dy sprong by ús troch 't glês hinne nei bûten ta. Doe hied er him biseard.
De oare deis roan der in âld minske mei de holle yn 'e doeken om. 't Wie âlde Minne Aef, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.26202
Ik ha in frou kend, dy hie in berntsje, dat gûlde altyd.
Rikele Myt kom dêr altyd oan om to freegjen hoe let as it wie. Myt wie in bikinde tsjoenster.
Doe tochten dy lju: "Us bern kin wolris bitsjoend wêze."
Doe joegen se har de rie nuddels en spjelden to sieden yn in panne, dan kom de tsjoenster wol op 'e lappen.
En doe wie 't èk sa. Rikele Myt kom by de...
nl.verhalenbank.25870
Beppe hat njonken in âld-minske wenne, dat wie in tsjoenster. Op in kear kom beppe har broer by dat âld minske yn 'e hûs. Doe hie dêr in boek op 'e tafel lein. Dat wie in toverboek, mar dat wist hy net. Doe bigoun er dêr yn to lêzen. Mar doe gong it raer. Doe wienen der allegear katten ta de hurddobbe út kaem.
Even letter kaem 't âld-minske der yn....
nl.verhalenbank.19637
Ik naeide froeger by in bakker yn Surhuzum.
Dêr skean foaroer stie in boereplaets. Schors hieten de minsken dy't dêr op wennen. De boerinne brocht wol us sûpe by de bakker en harren. Ik wie doe sa'n achttsjin jier. De frou woe der gjin sûpe fan ha en de bakker ek net, hwant dy boerinne gong foar in tsjoenster troch, en dan koenen se wol us bitsjoend...
nl.verhalenbank.21394
Op 'e Tike, by Rypke en At wienen de bern al ris bitsjoend.
De tsjoenster wie âlde Piters Hindrikje, dy wenne ek op 'e Tike. Dy koe har yn in kat foroarje en hja koe troch 't kaeisgat hinne. Sa kom se by de minsken. De bern dy't se bitsjoend hie hienen krânsen fan fear yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33035
Op in kear kom Alle Tet by Albert Land. Tet wie in tsjoenster. Sy hie twa apels meinom foar de beide famkes fan Albert Land. Mar Albert sei: "Net opite, hear!" Hy lei de beide apels yn in kuorke en hong dat op oan 'e souder. In dei of hwat letter seach hy der nei en doe sieten der twa grouwe podden yn.
nl.verhalenbank.19347
Dêr wenne neffens heit ek in âld wiif, dy bitsjoende de bern. Hja foroare har yn in boarre.
De bern dy't se bitsjoende wienen alle ûren wekker.
Sa wie der ek us in bern, dat se bitsjoend hie, dat raesde ek altyd. De âlders tochten: dat mat ophâlde. It kessen woarde iepenskuord dêr't it bern op slepte. Dêr siet in krâns yn, dy hellen se der út.
De man hie...
nl.verhalenbank.26174
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige.
It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend.
Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
Karste Lamke wenne yn 'e Sweagerbosk. Dat wie in tsjoenster. Sy hie popkes op 'e tafel, dêr boarte se mei. Dêr stuts se mei nuddels yn. Dan krige dyselde pine, dêr't se 't op forsjoen hoe. Dat wienen har slachtoffers.
Hja hat in soan forlern. Dy hie se bitsjoend. Hy sei tsjin syn mem: "Dû âlde duvel, hastû my bitsjoend? As dat sa is, silst stjerre."
Mar...
nl.verhalenbank.20736
De tsjoensters binne froulju mei reade egen.
Ik haw ris mei ien praet, dy sei: Ik haw ris in nachtmerje fangd. Ik pakte 'm. 't Wie tsjuster. Doe kommen de lampen op. Doe hie 'k de swarte kat yn 'e hân. En dy wie samar ynienen fuort, sûnder dat se sjen koenen hoe't er fuortrekke.
nl.verhalenbank.25539
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje.
Wessel Gal hie alle jounen in fremde kat yn 'e hûs. Dêr hied er syn nocht fan. Hy krige it gewear en hy skeat in kear goed.
De oare moarns roan Rikele Myt om mei in swarte lape foar 't eech.
nl.verhalenbank.25883