Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.12528
Alde Knjillis Tjeerdsma fan Skûlenburch koe in ryksdaelder troch de tafel slaen.
nl.verhalenbank.32810
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.34645
Piter Poes fan Sumarreheide koe mûzen komme litte út 'e foarikker fan 't lân.
Hy holp altyd as 't net tsjernje woe.
nl.verhalenbank.20472
Imke de Jong liet Lou fan Douwe Liuwes op Eastemarre merke drinke.
"Hwat is dit?"
"Molke."
"Hwat is dat?"
"Brandewyn."
"Hwat is dit?"
"Wetter."
"Hwat is dat?"
"Sûpe."
"Hwat is dit?"
"Harre-jasses-jarre."
't Wie allegear itselde dat er drinke liet.
nl.verhalenbank.20469
Fan Hinse de Boer wurdt forteld, dat er by it kijforweidzjen noait in hekke hoefde to sluten. Hy spruts de kij even ta en sy bleauwen yn it stik lân, dêr't se yn wienen.
nl.verhalenbank.20080
As de tsjerne bitsjoend wie, woe 't net bûterje. Dan moest de duvelbander komme, dy brocht de saek wer yn oarder.
nl.verhalenbank.34643
Der hat froeger ien yn 't earmhûs to Eastemar wenne, dy koe tsjoene, seinen se. Dy mat Lutske Veerman al us bitsjoend ha.
nl.verhalenbank.21881
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl sylde mei folle seilen samar yn 'e wyn op, wylst er gewoan foar yn 'e boat siet. Hy koe minsken stil stean litte en soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Op in kear siet er by myn wiif yn 't foarûnder. Dy wie doe noch net troud. Sil ik dy ris in ryksdaelder sjen litte mei de byltnis fan jimme heit der op? frege...
nl.verhalenbank.31907
Greate Wibe wenne yn Jistrum. 't Wie in grouwe, gewante keardel. Sy seinen, hy koe troch 't slotsgat fan 'e doar by de lju yn 'e hûs krûpe. Hy koe tsjoene. Hy wenne op 'e âlde Iest. 't Wie in omke fan 'e dames Leegsma (twa ûnderwizeressen).
De frou fan Eatse Alles wenne ek op 'e âlde Iest.
Dat minske wie sa bang foar de kunsten fan greate Wibe, dat sy hie...
nl.verhalenbank.29308
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove."
"Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
nl.verhalenbank.20473
In boer op it Wytfean hie in blastige koe. Hy gong nei it Swartfean, nei Hinse. Dy joech him guod mei, mar it bikom net. Doe gong de boer wèr nei 't Swartfean. Hinse sei: "Op it stuit wjerkôget dyn koe noch net, mar astû aenst thús komste is er oan 't wjerkôgjen. En it kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.20079
Imke de Jong hat mei in woanskip to Drachten op 'e Dwarsfeart lein. Mar meastal reizge er mei de woanwein.
Yn 'e kazerne to Ljouwert koenen se him net hâlde.
Siet er yn 'e cachot, hy wie der samar wer út. Gjin slot wie tsjin him bistand. Ek de boeijens hied er yn in omsjoch los.
It is gebeurd, dat er op twa plakken yn 'e stêd tagelyk sjoen woarde. Hy gong...
nl.verhalenbank.22085
Tseard van Dekken wie plysje yn 'e Ham. Hy wie in kear op Eastemarre merke. Dêr wie Imke de Jong ek. Tseard stuts Imke de gek oan. Mar doe hied er de forkearde foar. Imke liet him stean, heite en hy sei: "Nou kinst dyn gong mar gean." Mar Tseard dy koe net in poat forsette. Sa hat er dêr in hiel set stien. Op 't lêst hat Imke him wer forlost.
nl.verhalenbank.19471
Alde Siis-Iebeltsje wenne to Eastemar op it Waltsje.
Hja wie bolrinster, mar 't wie ek in tsjoenster, seinen de lju. Der wie in siik bern by Durk van der Meer, in skipper. Dat hie hja bitsjoend. Doe binne se hinnegong en leinen duveldrek ûnder 'e planke fan 't skip. Doe kom Iebeltsje dêr net wer mei de bolkoer. Hja doarst net oer de planke, sei se.
nl.verhalenbank.36697
Piter Ielkes Zandstra fortelde: It wie sahwat yn 1867, ik ûngetide doe to Easterlittens. Wy hienen in wike meand, doe gong it op in swyljen. Dêr woarden forhaeltsjes by forteld. Ien fan 'e mieren fortelde:
Der wie us in feint by in boer, dy moest elke dei to melken mei it boatsje. Mar it nuvere wie dat dat boatsje elke dei hwat op in oar plak lei as dêr't...
nl.verhalenbank.21735
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
Alde Adolf Eede fortelde:
Der kom in nije feint by sekere boer. Der wie ek in arbeider by dy boer.
Togearre setten se nei 't lân ta. Sy moesten dongstruije. De bultsjes stienen op 't lân.
Doe't se der wienen, sei de nije feint: "Wy gean der by lizzen." Oan 't iterstiid ta joegen se har del yn 't lân. Nei iten gongen se wer nei 't lân ta.
"Wy gean der wer...
nl.verhalenbank.21884