Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
41 datasets found
Dutch Keywords: tovenaar Place of Narration: Boelenslaan
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme. Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne. Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Imke de Jong woarde yn Ljouwert nei de gefangenis ta brocht. Sy treauwen him yn 'e sel. Mar wylst it gefangenispersoneel stie to sjen, roan Imke moai ta de poarte út. Der wie net in slot tsjin him bistand.
nl.verhalenbank.27583
Doe't ik soldaet wie kom ik us yn Sint-Anne. Dêr siet ik yn 'e herberch. Doe kom dêr ien yn, dy hie in pakje kaerten by him. Hy liet it ús sjen. Doe frege er: "As ik dizze kaerten tsjin 'e muorre oan smyt, hokker mat der dan tsjin oan sitten bliuwe?" Dat soe hartenboer mar wurde. Hy smiet de kaerten tsjin 'e muorre oan en hartenboer bleau sitten. "Krij...
nl.verhalenbank.27582
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije. Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west. "Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein. De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar. Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
nl.verhalenbank.32229
Imke wie ris by in boer achter Ljouwert yn 'e ûngetiid. It wie op in dei dat it reinde en 't wie gjin heawaer. Dêr stie in greate houtbult op it hiem en de boer sei tsjin Imke: "Dû kinst wol bigjinne to houtsaegjen, dan hast hwat to dwaen." De boer gong yn 'e hûs. Doe't er efkes letter wer bûten kaem wie alle hout al sage.
nl.verhalenbank.32228
Imke de Jong wie ris to Grypskerk. Dêr kommen twa arbeiders by de boer wei. Jimme ha fan 'e wike neat tofolle fortsjinne, wol? sei er tsjin har. Né, seinen dy arbeiders. Nou, sei Imke, hjir ha jim elk in ryksdaelder fan my. Gean mar yn 't café en keapje foar jim elk in buorrel. De beide arbeiders nommen de ryksdaelders yn dank oan en kochten elk ien. Mar...
nl.verhalenbank.17019
Minse Griper wie de man fan Tryn Snipel. Minse koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dat die er mei in duvelboek. Dêr lêsde er yn, dan kommen de soldaetsjes deroan. As er alles tobek lies, gongen de soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.24376
Egbert Sint koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Kuke Ruerd koe 't ek en Reid Keuning fan 'e Tille èk. Egbert Sint koe ek in spjelde op in nuddel draeije litte. En hy koe kopketûmelje in hiel stik lân del oan ien trier troch. Hy koe toverkunsten. Hy hie ek in toverboek. Hy praette forkeard. Hy sette de wurden op 't forkearde plak.
nl.verhalenbank.28162
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
nl.verhalenbank.21543
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Anne Herder hie in kroechje op it Wytfean. Dêr wie altyd in soad jongfolk út 'e Harkema. Anne Herder koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.21550
Imke de Jong wenne to Grins. Mar dêr hat er it sa raer dien, dat sy setten him yn 'e gefangenis. Mar yn 'e gefangenis wienen se skjin mei him forlegen, dat dêr moest er ek út. Klokslach tolve moest er de stêd Grins forlitte. Grins hie yn dy tiid fjouwer poarten. Krekt klokslach tolve ried Imke út alle fjouwer poarten wei. Yn elke poarte waerd er om tolve...
nl.verhalenbank.17021
Imke wie ek ris to Grins. Dêr stie in wyfke mei in koer mei aeijen op 'e merk. Hwat kostje dy aeijen, frou? frege Imke har. In botsen it stik, sei se. Dan mat ik der mar ien fan ha, sei Imke. Doe sloech er it aei stikken en it siet fol gouden Willemkes. De frou seach der mei greate forbazing nei. Doe sei er tsjin 't minske: Frou, hwat mat ik foar àl dy...
nl.verhalenbank.17020
Ymke de Jong koe minsken stil stean litte. Ik ha wol us heard dat er de plysje fan de Ham (Ts. v. Dekken) op Hamster merke stil stean litten hat.
nl.verhalenbank.21545
Yn Drachtster Kompenije stie in lyts herberchje, dêr woarde op in joun yn dounse, mei de muzyk derby. It wie Imke de Jong dy't op 'e fijoele spile. Ik siet by him boppe op 'e bank. Doe sei Imke tsjin my: "Mast even de triangel krije." Dy krige ik en ik sloech der op. Sa spilen wy togearre. Doe sei Imke: "Nou sil 'k de froulju ek even bang meitsje." Imke...
nl.verhalenbank.25263
Ik wie noch frijgesel en sahwat in twintich jier âld. Reid Keuning wenne yn Koatstertille. Dy wie wol in fyftich jier âld, tink. Mar ik wie wol gau us mei him op en út. Hy wie frijgesel en fytsmakker. Wy hienen us togearre op 'e fyts nei Hurdegaryp ta west om to skutjassen. Hy woan hwat, mar ik neat. Op 'e weromreis sei er: "Ik ha noch wol sin oan in...
nl.verhalenbank.21207
Bouke Alles, Sierd Harmens en noch ien út 'e Grinzer Pein wienen us mei har trijen as feinten op 'e Grinzer Merke. Sierd Harmens dat wie de lettere duvelbander. Dêr op 'e merke stie in gûchelspul, dêr 't twa fan har yn woenen. Sierd Harmens woe der net yn. Doe 't de beide oaren oanhâlden, dat hy der mei yn soe, liet er him oerhelje. Yn dat gûchelspul...
nl.verhalenbank.17399
Minse Griper, myn âldomke, koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.19604
35