Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ruerd hat oan in kleaster arbeide. Hy wie timmerman. Hy die oars net as flokke en spotte mei de pastoar.
nl.verhalenbank.15536
Ruerd van der Veen, dat wie myn omke. Dy koe de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte en se oer 't hûs marsjeare litte.
Op in kear kaem Ruerdom fan 't Bouwekleaster, dêr't er timmere hie. Hwant hy wie sa heal en heal timmerman. Dêr wienen doe allegear houtsjes. Der binne nou nòch guon trouwens. Dêr moest hy oer. Doe stie der by ien fan dy houtsjes...
nl.verhalenbank.17553
Us heit wie timmerman. Wy wennen yn Grinzer Pein. Der roannen paedtsjes skean troch de heide hinne.
Op in kear wie der in bern stoarn op 'e heide. Heit moest de kiste meitsje. Heit en ik gongen togearre mei de kiste op stap. Heit droech de kiste ûnder 'e earm. Ik wie doe sahwat tsien jier. Wy gongen skean oer de heide. In stikje dêrfan wie oanmakke. Dêr...
nl.verhalenbank.25522
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar.
't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat.
Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Mike Ruerd hie op in kear bot flokt en dien. Hy wie timmerman. In bakje mei ark hie er oer 't skouder, doe't er dy jouns fan 't wurk kom. Hy gong de âlde paden del by 't Bomkleaster.
't Wie in minnen-ien. Hy bihandele syn âld wiif skandalich.
Doe is er dêr op ien fan 'e houtsjes, dêr't er oer moest, smiten woarn en net sunich. Hy wie mear dea as levend....
nl.verhalenbank.26224
Der wenne in timmerman yn 'e Hamsterheide, dat wie Ruerd van der Veen. Mike Ruerd seinen se altyd. Der wie gjin raerder yn 'e hiele Hamsterheide. Hy leaude oan gjin duvel noch syn moer en hy flokte om 't oare wurd. Hy biwearde, hy woe neat leaver of de duvel us sjen, en dan leafst yn 'e gedaente fan in moai frommes. Dan hie hy der èk noch hwat oan.
Op in...
nl.verhalenbank.16906
Ruerd van der Veen (Mike Ruerd) fan 'e Harkema kom fan it timmerjen fan Bouwekleaster. Hy woarde trije kear troch in frommes fan 't houtsje smiten. Hja skattere as in ekster.
Klaes, de feint lei de oare moarns op 'e rêch yn 'e koegroppe.
In oaren-ien bileefde letter 't selde, èk dêr op 't houtsje. Ek h_ woarde troch in frommes by 't houtsje delsmiten. It...
nl.verhalenbank.32485
Timmerlju meije it ark net lizze litte sa't it leit, as hja foar dy deis ophâlde. Hja matte it oppakke, oars giet it yn 'e nacht op in timmerjen.
nl.verhalenbank.16901
Heit en dy ha froeger oan 'e Singel wenne yn 'e Smoarhoeke. Dat wie doe in sânwei. Op in joun sieten se byelkoar yn 'e hûs.
Doe hearden se ynienen timmerjen. 't Wie tichteby. It wie in lome slach. Sy gongen der út om to sjen, mar doe wie 't dien. Doe't se wer yn 'e hûs sieten, hearden se 't wer.
"Hea, hwat kin dit wêze", seinen se. Der wie bûten abslút...
nl.verhalenbank.32959
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) wie timmerman. Dat wie in earste raren. Dy is ek smiten woarn op in joun. Doe hie er timmere op it Bouwekleaster. It gebeurde by in houtsje op 'e Skoltepaden.
nl.verhalenbank.25776
In timmerman út 'e Harkema gong op in moarn ier en bitiid nei syn wurk op Readskuorre. Underweis seach er hoe't se dêr mei in hûs oan 't útsetten wienen.
Mar doe't hy der op ta roan en der by kom, wie der neat. Mar op datselde plak setten se letter in hûs.
nl.verhalenbank.27412
Ruerd van der Veen wie de greatste spotter fan 'e Harkema. Elkenien wie bang foar him, hwant hy wie oan 'e duvel forkocht. Hy wie timmerman en hy timmere oan in plaets op it Bomkleaster. Op 'e joun soed er wer op hûs yn. De bak mei ridskip - de beitel, de sage ensa - hied er op 't skouder. Tusken 't Bomkleaster en Readskuorre bin 't allegearre houtsjes...
nl.verhalenbank.15675