Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: tillen Place of Narration: Drogeham
Yn den Helder wie Hearke ûnder tsjinst. Hy woe och sa graech út 'e tsjinst wei en frege de ofsier of it tastien wurde koe hwannear't er it anker fan 1700 poun, dat dêr lei, om 'e kaserne hinne tilde. it woarde net tastien, mar hy hat it anker der al om hinne tild.
nl.verhalenbank.37323
Hearke hie forskillende bern. Ien fan 'e dochters dat wie Rixt. Dy wie krekt sa sterk as Hearke. In oare dochter fan Hearke dat wie Griet. Dy wenne by Rixt yn. Rixt wie net troud. Griet hie in jonge oerwoun, dy wie by dy beide froulju yn 'e hûs. Dy jonge wie doe sa'n sechstjin jier âld. Op in kear moest dy jonge greidhakje, mar dêr makke er neat fan. Doe...
nl.verhalenbank.19565
It wie tichte by 't Bouwekleaster. Der roan hwat jongfolk op 'e wei. Us heit wie der ek by. Piter van der Schors wie der ek by. Sy praetten meiinoar ôf, de earste de bêste, dy't dêr foarby kom soe troch ien fan harren oer de groun smiten wurde. Piter soe mei de earste rêdde. Mar doe trof it krekt sa dat Sterke Hearke de earste wie, dy't dêr lâns kom. Dy...
nl.verhalenbank.21373
Myn muoike wie Aeltsje Witteveen, dat wie in suster fan heit. Dy wie ek tige sterk. Op in kear hie se twa earnamers oan 't jok. Dy sieten beide stiiffol mei wyt sân. Elke earnamer koe krekt in kynsen yn (dat is _ h.l.). Us heit dy seach it, en dy tocht: Dat rêdt se noait op. Hwant sy moest der in hûndert meter mei rinne. En as se it àl dwaen koe, tocht...
nl.verhalenbank.19566
Sterke Hearke hat soldaet west yn Den Helder. Dêr lei in anker, dat woech alvehûndert poun. Hearke tilde it op. "Nou sil ik it ek om 'e kaserne hinne tille," sei [er tsjin] de overste, "as ik dan frij fan tsjinst wêze mei." Mar de overste hie 't net weagje doarst.
nl.verhalenbank.21374
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde er de greate ploech op mei ien hân en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33189
Der kom us in man by Hearke-en-dy op it hiem. It wie in sekere Durk Vries. Hy wenne yn Koaten of yn Droegeham. Hy kom om Hearke, mar dy wie net thús. Tsjin Hearke syn mem sei er, hy wie eins kom om tsjin Hearke to tillen. Doe sei 't minske: "Sjoch, dêr leit in stien. Dy weecht fjouwerhûndert poun. Dy tilt Hearke oan in pear fingers op. Bisykje jo it ek...
nl.verhalenbank.19563
Sterke Hearke hat wol hwat yn 'e bouten hawn. Hy wie al 88 jier, krekt foar syn dea, doe moest der in mudde rogge siedde wurde. De sek mei rogge stie by de wei. Hearke nom him ûnder 'e earm en brocht him mei gemak yn 'e skuorre.
nl.verhalenbank.33188
Hearke syn heit wie in gewante keardel, folle foarser as Hearke en ek goed sterk. Mar Hearke wie folle sterker. Hearke wie in great-jonge en wenne by syn âlders yn 'e hûs. Doe kom op in kear Piter Durks fan Hamster Pein by Hearke syn heit. Hy sei, hy woe wol us sjen, hwa't de sterkste wie, hy of Hearke. "Dû trefst it net," sei Hearke syn heit, "Hearke is...
nl.verhalenbank.21375
Sterke Hearke wie al âld. Hy wie al in ein oer de tachtich en 't wie mar even foar syn dea. Hy wenne hjir flakby oan 'e Lytse wei. Hy handele doe yn tsiis. Us heit hie tsizen foar him meinom út Bûtenpost. Dy brocht er nei Hearke ta. Hearke woe dy tsizen bisjen. 't Wienen guon fan sechstich poun. Hearke wie doe al net goed en siet yn 'e hoeke fan 'e...
nl.verhalenbank.19561
As man en frou froeger trouden wie it gebrûk, dat de man syn wiif oer de drompel hinne tilde.
nl.verhalenbank.19933
35