Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: tillen Narrator Gender: male Place of Narration: Jistrum
Sterke Hearke wenne to Droegeham. Hy wie op in kear mei de hynders op 't lân. Hy bistjûrde de ploech. Doe kom der ien by him, dy moest him ha, mar hy koe him net. Dy sei: Hwer wennet hjir Sterke Hearke? Doe hie Hearke de ploech mei ien hân optild en rjochtút stutsen. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.33456
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Neffens de forhalen mat der noait ien leefd ha dy't sa sterk wie. It gebeurde alris, doe wie er op 't lân oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en stuts him mei de iene hân rjocht foar him út en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Hy...
nl.verhalenbank.34488
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen op it lân. Der kaem in man by him, dy frege him of er ek wiste hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjochtút en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33443
Myn âldomke Atse dy wie ek tige sterk. Dy naem samar in kynsens koer fol jirappels (dêr koe sahwat 35 poun yn) tusken tûme en finger en sa droech er dy koer út it âld skuorke wei troch 't bûthús hinne yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33445
Hearke wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke sei: "Hjir stiet er." Hy heakke de hynders út en krige de ploege beet. Dy tilde er op. Hy stuts him rjochtút yn 'e rjochterhân en sei: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.36591
As it hynder de dong net út it skerngat lûke koe, spande Hearke it út en loek de wein mei dong der sels út. Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er in sekfol jild nei Ljouwert ta drage. Doe wienen der ûnderweis twa mannen dy pakten him oan. Dy woenen it jild ha. Hearke sei: "Hjir hawwe jim 't." Mar doe krige er dy beide mannen en hy treau se...
nl.verhalenbank.37204
Hearke wie ûnder tsjinst. By de kaserne lei in anker fan tolvehûndert poun. Dat tilde Hearke sa mar even op. Hy frege as er frij mocht fan 'e tsjinst as er dat anker om 'e stêd hinne droech. Mar dat mocht net. Hearke Zandstra hjir fan Jistrum moest pake tsjin him sizze.
nl.verhalenbank.20584
35