Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst to Ljouwert. By de kaserne lei in anker, dat woech tûzen poun. Hearke krige it beet en tilde it op. Doe wienen de naden út 'e skuon barst.
Doe hied er sein tsjin 'e kaptein, as se him frij lieten, dan soed er 't anker om 'e kaserne hinne drage.
nl.verhalenbank.27585
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Doe kom dêr ris ien, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne.
Hy kom tafallich by Sterke Hearke op 't lân wylst dy oan 't ploegjen wie. Dy frege er.
Hearke sei: "Dû fregest nei Hearke? Wel, dêr wennet er en hjir stiet er." En doe hied er de ploech rjochtút stutsen.
nl.verhalenbank.27584
Sterke Hearke wie in boer. Op in kear wie er oan 't ploegjen op it lân. Doe kom dêr in man oan. Dy frege him: "Witte jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke hie de ploech út 'e groun helle en dy tilde er op en hâldde him foar him út. "Hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er." En doe hied er mei de ploech nei syn hûs wiisd.
nl.verhalenbank.37768
Der wie ris in keamerfol folk by de kastlein yn Bakkefean. It folkje wie bot roerich, it gong der allerheislikst oan wei. De kastlein koe se net baes en hy rôp Ynse der by.
Ynse hie der net folle wurk mei. Hy hie in pear ûnder 'e earm krige en sa der út brocht. Sa hied er de taep samar leech.
nl.verhalenbank.25653
Op in kear wie Hearke yn 't Leech oan 't ploegjen. Dat wie tsjin it hûs oer oan 'e Lytse Wei, dêr't er wenne. Doe kom der in sterke keardel by Hearke, dy woe wol witte hwer't Hearke wenne. Hy koe Hearke net.
Doe sei Hearke: "Dêr wennet er." En hy stuts de ploege rjocht foar him út. "En hjir stiet er", sei er, en doe wiisde er op him sels.
nl.verhalenbank.28167
Jan Gutman fan Surhústerfean mat ek ôfgryslike sterk west ha. It gebeurde dat der in busfol ierappels weisakke yn 'e bou, ergens op 'e klaei.
Doe sette Jan de rêch der ûnder en tilde de auto sa op - doe koenen se wer fierderride.
nl.verhalenbank.28172
Hearke hat yn De Helder ûnder tsjinst west. Dêr lei in hiel great anker fan fjirtsjinhûndert poun. Hy bea de kaptein oan, hy soe it twa kear om 'e kaserne hinne sjouwe, as er dan frij fan 'e tsjinst mocht. Mar dat krige hy net gedaen. Sy woenen 't net lije. Mar hy hat it anker àl optild. Doe't er it die barstten him de soallen ûnder 'e skuon wei.
nl.verhalenbank.28170
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
Op in kear wie Sterke Hearke yn Kromelle om in kroadfol wyt sân. Hy soe de kroade mei sân skean troch de bou nei hûs ta ride. Mar dat woe net, it fjild krige tofolle kear yn 'e modder.
Doe krige er de kroade fol sân ûnder 'e earm en sa is er nei hûs ta roan.
nl.verhalenbank.28168
Der wie ris in sterke keardel. Dy hie wolris heard fan Sterke Hearke. Dêr woed er wolris mei wrakselje. Op in dei gong er nei de Ham ta. Dêr stie ien op it lân to ploeijen. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
It wie Sterke Hearke sels dêr't er by stie, mar dat wist er net. Hearke nom de ploege yn 'e rjochter hân en stuts dy foar him út en sei: "Dat...
nl.verhalenbank.28140
Hjir op 'e Loane wenne in sekere Halbe Scheper. Piter moest omke tsjin him sizze. Syn hûs stiet der nòch. Pyt v.d. Wyk wennet der yn. Halbe hie froeger in moalsaekje. En hy hie ek petroalje to keap.
Hy hie in kedde foar de wein. Dêr brocht er it moal mei bylâns. Halbe sette dan hwat sekjes moal op 'e wein. Ek it platte kroadtsje gong altyd mei. Hy hie...
nl.verhalenbank.25100
Der wienen ris guon oan 't laden mei dikke swiere ikebeammen. Hja wienen mei in man of fjouwer mar se koenen de stammen net op 'e wein krije. Se hienen der gjin kracht genôch foar. Doe kom Hearke der oan. Doe fregen se Hearke of dy har helpe woe, dan soed er trakteard wurde.
Doe hufte Hearke dy beammen op 'e wein, hielendal allinne sûnder help.
Mar doe't...
nl.verhalenbank.36052
Heit en mem (Thomas en Klare) stienen froeger faek mei in kream op 'e merken. Op in kear doe wienen se op 'e weromreis hjir hinne. Sy hienen alles op in karre laden en dêr roannen fjouwer hounen foar. Doe't se oan dizz' kant Eastemar wienen, woarde de karre mei alle hebben en houden, mei de hounen der by samar fan 'e wei tild oer beammen en alles hinne en...
nl.verhalenbank.17658