Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
39 datasets found
Dutch Keywords: tillen Narrator Gender: female
Doe't Knjillis Veenstra noch feint wie, hied er mei trije man der op út west. Hy wie in blaffer. Hy sei, hy woe de duvel wol us sjen. Doe kommen se de Wedze lâns. Hy roan tusken dy trije kammeraden yn. Mar hy woarde der tuskenwei tild en yn 'e sleat smiten. Knjillis Veenstra wenne by 't spoar ûnder Kollumersweach.
nl.verhalenbank.19452
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Ek us in kear doe kom heit mei in foer hea út 'e mieden wei. Doe briek der ûnderweis in as. Doe hat heit ûnder 't riden dy as hyltyd fêsthâlden en de wein oan ien kant tild, krekt salang oan't er by de smid wie.
nl.verhalenbank.19445
Sterke Harmen, út it forhael fan it sûkerskip, Harmen Munniksma sa 't der folút hjitte, foer mei twa broers, hast like sterk en great as hy, op in skip, dat skulpen fan 'e sûgers helle. De Makkumers neamden it it reuzenskip. Sa fortelde my in famyljelid fan him, in de Haan út Makkum, hy koe sawn fjirder (in fjirder is plm 70 poun) ierpels tille, to witten...
nl.verhalenbank.50534
Heit wie izersterk. Hy wie de sterkste keardel fan 'e hiele Westerein. Hy wie fuorman. Op in kear wienen der seis man by 't wachthûs. Dy wienen oan 't spoarlichten. Sy hienen mei har seizen in ryl (= rail) krigen, dy leinen se dwars oer de wei. Doe kom heit der oan mei de wein. "Ho!" sei er. En hy krige de ryl en smiet him del yn 'e lichte. Sa'n ryl woech...
nl.verhalenbank.19444
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093
Eibert Veenstra wenne yn 'e Westerein. Se neamden him Golo. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy tilde samar in kroade fol dong op en stuts dy mei beide hannen rjocht foar him út. Jappe Eibert seinen se ek wol.
nl.verhalenbank.36307
Sytse Jager wie in kear oan 't kuijerjen. Hy roan tusken in stik of hwat oaren yn. Doe woarde hy dêr samar tusken wei nom en oer de dyk hinne smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, seinen se.
nl.verhalenbank.23912
En vroeger was ook eh eh daar in Noord-Limburg ‘n, ’n oostelijke, Noord-Brabant en in het midden van Limburg daar was toch altijd eh zo vaak dat het ergens spookte op ’n boerderij en dat er eh de varkens doodgingen en en de koeien allerlei ziektes kregen en zo hè, en dan dachten ze altijd dat de duivel in het spel was, en dan werd de pastoor d’r bij...
nl.verhalenbank.128303
Elke kear, as in mantsje út Burgum, dat mei de hounekarre reizge, de Poel yn Tuskendiken foarby kom, dan woarde er fan 'e karre tild en in ein it lân yn smiten. Op it lêst doarst hy der net mear lâns.
nl.verhalenbank.21350
Der kom us ien by Sterke Hearke. Hy wie op it fjild oan 't ploegjen. "Hwer wennet sterke Hearke?" frege er. Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Sjoch, hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23621
Sterke Hearke wie us in kear to ploegjen op it lân. Doe kommen der twa to freegjen hwer't Sterke Hearke wenne. Hjerke tilde de ploech op en wiisde dêrmei rjochtút en sei: "Sjoch dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23409
Sterke Ynse wenne yn 'e Mieuwmar. Op in kear kom er by in stik of trije man, dy moesten in grouwe beam op 'e wein hise. Sy koenen him der net op krije en doe fregen se him om even to helpen. Ynse tilde de beam allinne op 'e wein. Doe gongen dy mannen yn 'e herberch en kochten in slokje. Sy lieten Ynse stean. Doe hat Ynse de beam wer op 'e groun lein.
nl.verhalenbank.23408
Der hat in âld man yn 'e Houtigehage wenne: greate Anders, dy wie o sa sterk. Hy wenne oan in âld modderreed. Hy lei samar trije sekfollen ierpels op 'e nekke en dy sjoude er fuort.
nl.verhalenbank.24415
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.23420
Hjir hat froeger yn 'e Westerein in tige sterke man wenne, dat wie sterke Hearke. Hy wenne hjir flak by ús. Wy ha hjir noch in stik tún, dat is nei him neamd, dat sil wol fan him west ha. Hearke tún hyt it. Hearke wie sa sterk, dat hy stiek samar 100 poun moal yn ien hân omheech.
nl.verhalenbank.33747
Heit fortelde ek fan Sterke Hearke. Der wienen us guon by him kom op 'e bou wylst er oan 't ploeijen wie. "Hwer wennet sterke Hearke?" hienen se frege. Hearke hie de ploege mei ien hân optild en sein: "Sjogge jimme dat hûs dêr?" En hy wiisde it mei de ploege oan. "Nou, dêr wennet er. En hjir stiet er." hied er sein.
nl.verhalenbank.26179
Der kom ris in man by Sterke Hearke op it lân. Dy wie oan 't ploegjen. Dy frege nei Sterke Hearke. "Hwer wennet er?" sei er. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hy wiisde dêr syn hûs mei oan. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28395
Dokter Keizer fan Surhústerfean wie tige sterk. Hy ried altyd yn in koetske nei syn pasjinten ta. By de Oerterperfeart wienen 't allegear barten. Dokter krige dan 't koetske oer de nekke en tilde 't sa oer de barten.
nl.verhalenbank.27887
Einte-om hie forkearing, doe siet er op in kear mei de faem yn 't café. Dêr nom er syn faem op 'e flakke hân en tilde har sa oer de tafel hinne.
nl.verhalenbank.27307
35