Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw us fortellen heard oer in sterke Ynse. Hy wie oan 't ploegjen. Der kom in man, dy frege him:
"Kenne jo my fortelle, hwer't Ynse wennet?"
Ynse hie de ploege optild en der mei wiisd en sein:
"Dêr wennet er."
Ik haw dit yn Oerterp heard. Ynse mat yn Bakkefean wenne ha.
nl.verhalenbank.23801
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen.
Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei.
Doe't...
nl.verhalenbank.23731
Greate Hearke wenne yn Aldegea. Hy wie ôfgryslike sterk. Syn eigenlike namme wie Hearke Douma.
Hy wie us in kear oan 't ploeijen. Hy roan achter de ploeg.
Doe kom der in man oan, dy frege hwer't greate Hearke wenne.
"Hjir stiet er", sei Hearke en sloech mei de fûst op 't boarst. "En dêr wennet er", sei er, en doe krige er de ploege mei de oare hân beet en...
nl.verhalenbank.23043
By Sterke Hearke soe in baerch slachte wurde fan fjouwerhûndert poun. De baerch rekke fan 'e slachtbank ôf. Doe krige Hearke syn dochter Rixt de baerch by de boarstels en sette him wer op 'e slachtbank.
nl.verhalenbank.21330
Greate Ynse fan Bakkefean hie fan dy enoarme hannen. As slaeijen!
Der wienen us in stik of fiif man dwaende om in dikke beam op 'e wein to tillen. Mar it woe net. Doe kom Ynse der oan. Ynse holp har en de beam lei samar op 'e wein.
Doe gongen dy fiif man nei de herberch en kochten in slokje.
Mar sy seinen net tsjin Ynse: "Kom mei."
Ynse giet hinne en...
nl.verhalenbank.25156
Ze zegge, dattat veul minse overkomme is. Jan Willems verteldenes, dat ’t mee hum ok was gebeurd. Toetie soaves es ’n keer dör de gemeinte gieng, was ie zo mar ienens ien ’n graaf gezet. Mar toe ze ’m vroege: “Mar Jan, wie deej da?”, zètie: “Bè [wel], Schiedam!”
nl.verhalenbank.49715
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net.
De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk.
Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
Er kwam es iemes ’soaves loat van Doornenburg af. Ien de Grunestroat kwam er inens ’n zwarte kat nève ’m lope. Opens sprong ze op zien schouer. En ze wier toen zo zwoar, dat de kjel hos nie mer vuruut kos komme. De kat bleef zitten totda ze bé’j de huus kwame. Toe sprong ze van de schouer af en liep weg. Hé’j zag ze nie mer.
D’r was ok es iemes soaves...
nl.verhalenbank.49649
Myn omke Aen Nicolai (in broer fan mem) gong ris nei Droegeham nei de faem ta. Doe't er oan dikke Marten ta wie moest er dwarsoer, oer planken, dy't oer de sleatten leinen. Doe woarde omke dêr samar ynienen opnom en oer de sleat smiten. Hy hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.29426
Sterke Hearke wenne to Droegeham. Hy wie op in kear mei de hynders op 't lân. Hy bistjûrde de ploech.
Doe kom der ien by him, dy moest him ha, mar hy koe him net.
Dy sei: Hwer wennet hjir Sterke Hearke?
Doe hie Hearke de ploech mei ien hân optild en rjochtút stutsen. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.33456
Der wie us in man, dy soe nei sterke Hearke ta. Doe seach er ien dy wie op 't lân oan 't ploegjen. Hy der hinne. Sy hienen froeger fan dy ploechjes mei ien sturt der oan. De man sei tsjin deselde dy't oan 't ploegjen wie:
"Soenen jo my ek sizze kinne, hwer't Sterke Hearke wennet?"
Dy't oan 't ploegjen wie, dat wie sterke Hearke sels.
"Jawol", sei Hearke....
nl.verhalenbank.23862
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Neffens de forhalen mat der noait ien leefd ha dy't sa sterk wie. It gebeurde alris, doe wie er op 't lân oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne.
Doe krige Hearke de ploech beet en stuts him mei de iene hân rjocht foar him út en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Hy...
nl.verhalenbank.34488
Sterke Hearke
Sterke Hearke lei fiif mudden rogge op 'e eide.
Doe gong er yn ien fan 'e silen fan 'e eide stean en tilde de eide mei de rogge sa nei de moune ta.
nl.verhalenbank.18177
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen op it lân. Der kaem in man by him, dy frege him of er ek wiste hwer't Sterke Hearke wenne.
Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjochtút en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33443
Sytse Jager fan 'e Harkema wie op in joun by in keppeltsje jongfolk. Hy hie hwat drank hawn. Doe moest er út 'e broek. Hy gong achter de dyk sitten, doe woarde er samar opnom en oer de dyk hinne smiten. Sytse wie in rûch man.
De oaren trouwens ek. Piter Loas wie ek by it keppeltsje.
nl.verhalenbank.29427
Der kom us in man by Sterke Hearke. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Dy man woe mei Hearke wrakselje, hwant hy wie sels èk sterk. Mar hy koe Hearke net. Dèrom frege er: "Wytstû ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploege weidien en hy hie de ploech mei ien hân optild. En doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir...
nl.verhalenbank.29355
Sweitse van der Meer wie frachtskipper. Hy farde elke wike fan Sumar nei Ljouwert en werom. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy moest altyd fan alles út Ljouwert meinimme. Op in kear hie er in stikmennich fetten fol petroalje meinaem. Hy pakte se by de einen beet en tilde se sa ien foar ien fan 't skip ôf.
nl.verhalenbank.32205
Oer de opfeart, fuort by de âlde bakkerij, lei froeger in draei. De eigener fan it lån woe it binnenpaed, hwerfoar dy draei dêr lei, der út ha. Dêrom hie er op in sneon de draei der út nimme litten en dy lei nou sa yn 't lang op 'e polderdyk. De minsken yn 't lân fjirderop wisten dat de sneins noch net. Se soenen nei tsjerke ta en founen de draei der út....
nl.verhalenbank.50537
Yn Olterterp lei in hiele grouwe beam oer de wei. Der wienen manlju mei dwaende om dy beam op 'e wein to laden, mar dat koenen se net rêdde. Doe fregen se Ynse, of dy helpe woe. Ynse sei: "Goed. Nim jimme dan meimankoar de lichte ein, dan nim ik de swiere ein. Klear?" Doe hufte hy de beam op 'e wein, dy't se der meielkoar net op krije koenen. Mar doe...
nl.verhalenbank.19686
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploege yn 'e hân en stuts him foar him út.
Doe sette er de ploege wer del en hy sei: "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33292