Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't Jozef en Maria mei Jezus fluchte moesten út Bethlehim wei, kommen se mei de ezel yn Egypte. Dêr wie 't allegear sân en droechte. De ezel krige toarst en doe sette er syn tosken yn 'e reiden en snilen dêrre. Dat is noch altyd to sjen.
nl.verhalenbank.27018
As ien pine yn 'e mûle hie, dan moest er nei in flearbeam ta gean. Dêr moest er in tokje ôfsnije en dat puntich meitsje. Dêr moest er mei yn 'e holle kies prippe oant der bloed oan it tokje kom. Dan moest er it tokje wer ûnder 'e bast fan 'e beam fêstmeitsje. Dan gong de beam dea, en de pine yn 'e mûle wied er kwyt.
nl.verhalenbank.25698
De nuddel der't froeger it deakleed mei naeid woarde, kom mei yn 'e kiste, ek it skearmes en de sjippe en de doek, dêr't it lyk mei wosken wie. As de man goudene rinkjes yn 'e earen droech, kommen dy ek mei yn 'e kiste.
As men de tried ôfbieten, dan foelen de tosken fan de naeister út.
Foar pine yn 'e mûle woarde wol in spiker út in deakiste brûkt.
nl.verhalenbank.23017
De ingel stie mei uitgetrokken zwaard foar Bileam.
De ezel seach dy ingel wol, mar Bileam seach it net.
En doe sloech Bileam de ezel om him foarút to krijen. Doe gong de ezel hinne en bigoun to praten. Hy sei tsjin Bileam: "Waarom slaat ge mij? Heb ik u niet trouw gediend?"
En fan lulkens biet er yn 't reid.
As jy nou de reiden bisjogge, dan stean dêr...
nl.verhalenbank.26157