Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: strooien Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe. Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich. Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.25816
Der wie in boer, dy hie syn arbeider nei 't lân stjûrd om de heaoppers út elkoar to struijen. Mar hy die net in slach. Mar krekt fan tofoaren foardat de boer kom om to sjen hoe fier't er wie, hied er mei ien hanbiweging de hiele saek útelkoar lizzen. Doe't de boer wer fuort wie, wienen it wer heaoppers.
nl.verhalenbank.21555
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.
nl.verhalenbank.19595
Lytse Bjinse fan Sumar wie in duvelbander. 't Wie in lyts roungear gebrekkich keardeltsje. Hwannear't de skiep net drachtich wurde woenen of as de hinnen nachts bigounen to keakeljen, dan hellen se him der wol by. Hy kom mei de karre, twa dikke hounen der foar. Hy lei op 'e knibbels yn 'e karre. Hy sei tsjin 'e hounen: "Jimme matte rinne, as sit de duvel...
nl.verhalenbank.25303
Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to krijen leinen se fleartokken foar 't bêd, of sy setten de klompen forkeard del of sy struiden moal op 't gesicht.
nl.verhalenbank.25260
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe. Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
35