Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele.
Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel.
Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Alde Boate Griet wie in tsjoenster. Hja wenne oan 'e Triemster loane. Ik moest dêr as jonkje ris mei in man hinne. Dy man warskôge my en sei tsjin my: "Dû mast my goed beethâlde, jonge, oars krijt se dy."
Hwannear't Griet in baerch of in keal oer de rêch striek, dan woe sa'n dier net wer frette. Dan wie 't bitsjoend.
Stammerige Harm die krekt sa.
Griet...
nl.verhalenbank.37338
By frou Gerritsen yn 't Heidenskip wie in djûre stamboekbolle forkocht woarn. Mar doe joegen de minsken dy't him kocht hienen biricht, dat dy bolle woe net dekke.
Doe sei frou Gerritsen: "Stjûr my dy bolle mar wer. Dan krije jim de sinten werom."
Dat is gebeurd. Doe sei se tsjin har man: "Sil 'k dy sizze hwat wy dogge? Wy skriuwe nei de wûnderdokter yn...
nl.verhalenbank.37373
Jo matte noait Jan en alleman by 't fé litte, binammen net by fette keallen. Der binne guon, as dy se oer de rêch strike, dan wol 't net mear mei 't fé. Sokken ha de kweade hân. Dêr mat men altyd foar oppasse. Ik bin der wol foar warskôge. Ek net by bargen litte. Sokken ha konneksjes mei de duvel.
nl.verhalenbank.25366
As jy oan 't tsjernjen wienen en dêr kaem in âld-wiif oan, dat net fortroud wie, en dy struts der mei de hân oerhinne, dan woe der gjin bûter komme. Dan wie de boel bitsjoend.
Dêrom leinen de minsken altyd duveldrek by de keldersdoar del. hwant de tsjoensters moesten gjin kâns ha om hjir of dêr lâns to kommen.
nl.verhalenbank.37370