Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: straffen Place of Narration: Drachten
Dyselde boer wie us op in kear to ôfljochtsjen. Hy die 't yn 't tsjuster en hie gjin lantearne by him. Doe krige er ynienen in klap op 'e earm, dy't goed bot oankaem. Dat hie de duvel dien. Sy ha fuort dêrnei alles ôfljochte, mar der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.19865
Ik haw by in Grinslânse boer yn 't wurk west, dat wie in spotter. Hy sei tsjin my: "Bistû bang by nacht yn 't tsjuster?" "Né", sei 'k. "Durfst dan tussen twaalf en één wel om de plaats loopn?" "Ja, hwerom net", sei 'k. "Jo ek wol, net?" "Ik heb geen vreze", sei er. "As komt de duvel met z'n grootmoeder ook, dan heb ik nog geen vreze." Doe sei de...
nl.verhalenbank.19864
Yn 'e Boelensloane wie in man, dy hie yn 'e harbarge sitten. Dêr hied er it raer opsein. Doe't er de jouns thúskom, hie der by syn hûs in raer dik swart ding op 'e strjitte sitten. Dy kearde him. Hy mocht der net yn. 't Wie de kweade. Hy hie der nei skopt, twa kear. Gjin trije kear, hwant jy meije net faker as twa kear op 'e duvel skoppe.
nl.verhalenbank.25479
Guon dy't swetsten en swearden woarden wolris troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.24686
In âldomke fan my moest us op in joun let nei 't Fean ta. 't Wie in hiele raren ien, in almachtigen keardel, dy't nergens bang foar wie. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er en hy wie sa ûnforskillich as hwat. Hy soe nei pake ta. Underweis, by de Oene Hindriksreed ûnder 't Fean waerd er samar opnom en in ein fuortsmiten. 't Is jierren lyn, dat dat...
nl.verhalenbank.25411
Ik haw us as polderjonge fuort west, dêr wienen ek twa bruorren út 'e Houtigehage by. It wienen in Ritske en in Jan. Hja wennen tichte by de Trije Roeden. Ritske fortelde, sy wienen us oan 't baggeljen west - wy wienen yn 'e polderkeet, doe't er dat fortelde - dêr hie syn heit ek by west. Sy moesten de bakken fol klyn mei 't baggeljen forsette en as dat...
nl.verhalenbank.25159
Ielke Forwoest wenne yn Kûkherne. Omdat it sa'n forwoesteling wie neamden de minsken him sa. Hy joech nergens om. Hy sei om 't oare wurd in flokwurd en spotte mei alles. Op in kear wie er mei it jongfolk oan 't fierspringen. 't Wie by de Kûkhernster feart. "Gjin duvel dy't tsjin my springe kin", sei er. Mar doe kaem der ien dy koe fierder as hy. Dat wie...
nl.verhalenbank.32009
Oege van Dijk wie timmerman. Hy timmere yn Droegeham. It wie in man dy't leaude oan God noch syn gebot. En hy swearde en swetste om 't leven. De maten dy't him holpen gong it soms to mâl. Op in joun sei in opperman tsjin him, doe't er wer los west hie: "Wy binne ek net gelovich, mar dit giet to rûch." "O ja?" sei er, "my net." "'t Wurdt aenst donker," sei...
nl.verhalenbank.19847
1