Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: straffen Place of Narration: Burgum
Ik haw ris fortellen heard dat ien earne út in herberch wei (wie 't Swarteweisein) in speake út in tsjil stikken makke fan ien dy't dêr foarbykaem. Dyselde hie him de gek oanstutsen en dat wie syn wraek. Doe koe dyselde net fierder ride mei de wein. (Hy die dat sûnder by de wein to kommen.)
nl.verhalenbank.31321
Us heit fortelde, ien fan syn maten, in skipper lyk as heit, wie frijmitseler. Dy keardel wenne allinne op in skip en hy koe dwaen hwat er woe, noait forlet fan jild. Dêr soarge de duvel foar. Op in kear, op in joun noadige hy in pear kamaraden by him op it skip. Dêr wie heit ek by. Der woarden nochal hwat buorrels dronken en hy sloech himsels ek net...
nl.verhalenbank.31287
Der wie ien yn Noardermar dy hie op in snein in pear klompen kocht. Underweis nei hûs waerd hy troch ien pakt. Hy waerd omheechsmiten mei de nije klompen oan, like heech as de beammen dy't dêr stienen. 't Gebeurde oan 'e Lange Loane. It wie syn straf, omdat er op snein klompen kocht hie.
nl.verhalenbank.31235
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie fêste arbeider by in boer yn Sumar. Op in moarn, doe't it noch tsjuster wie, gong er de heidereed by Jelke fan Sjoerd Bonnes lâns. Doe wie dêr hwat njonken him. Jehannes sei: "Goeije morgen." Mar hy krige neat to hearren fan dy oare. Hy sei nochris goeije morgen, oant trije kear ta. Doe sei er foars:...
nl.verhalenbank.31581
Der wienen twa mannen, dy sieten yn in café. De iene dy sei: "Dêr bistiet wol hwat." De oare sei: "Né, dêr leau 'k neat fan." Doe sei de oare: "Litte wy dan de duvel en God ris útdaegje." Doe gongen se togearre nei 't tsjerkhôf ta. Dêr gongen se sitten. De iene, dy't oan God noch syn gebot leaude, dage de duvel út. Doe waerd er hiel bot knypt. Wiken...
nl.verhalenbank.31607
It is yn Feanwâldsterwâl gebeurd dat ien, dy't út 'e kroech kaem en sein hie dat er net bang wie foar de duvel, ûnderweis in ein fuortsmiten woarde.
nl.verhalenbank.29673
Dêr wienen trije man op in paed nei Feanwâlden ta. Se hienen Quatrebras al even passeard. Ien fan dy trije wie in flokker. Dy hie oeral de spot mei. Doe waerd er samar tusken de beide oaren weismiten, sûnder dat se seagen hwa't dat die.
nl.verhalenbank.31606
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie arbeider by Sjoerd Bonnes (Algra). It wie in wreed hear dy't it net folle skele koe hwat er sei. Hy naem it iene flokwurd nei it oare yn 'e mûle. Op in moarn roun er de Harsteloane del nei de boer ta. Doe mat der dêr troch in ûnbikenden smiten woarn wêze, wol sa bot, dat er net mear prate koe en neat...
nl.verhalenbank.31981
Yn Twizelerheide gebeurde it wol dat ien dy't op 'e wei roun, hinne en wer smiten waerd, sûnder dat er sjen koe troch hwa. Sa'n ien waerd der faek troch bikeard.
nl.verhalenbank.31205
Omke fan Feanwâldsterwâl fortelde dat, as ien wetter by de molke die, dan gongen syn kij dea.
nl.verhalenbank.30998
1