Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
184 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: straffen
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen. Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737
Under Droegeham wenne in frommes, dat siet altyd mei de manlju to kaertspyljen en sy flokte like bot as de oaren. Hja krige ta straf allegear ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.20068
Wraak na dood D'r was 'n arbeijer in hellevert, das nou wel honderd jaor geleje, die ziek waar en d'n dokter moest 'r bij komme. Da was nog dokter Landman, en die zee: ge moet karnemelluk hebbe. Nou, diejen arbeijer ging naor d'n boer waor ie werkte en vroeg um karnemelluk, maar da kreeg ie nie, want de kalvere schreuwden op de stal. Toen zeet-ie: ik gao...
nl.verhalenbank.41630
Rinse de Wind flokte in hiele dei troch. Nachts wie er deabinaud. Hy is ris in kear fan 'e wei ôf smiten woarn. Sytse Jager wie ek sa binaud nachts. Dy doarst net by nacht allinne bûtendoar. It wie in minnen-ien, in ûnminske. Hy forwinske alles en flokte as in ketter. Hy is op in kear troch de duvel oer in dyk smiten woarn op it eintsje wei fan Rienk...
nl.verhalenbank.32225
Myn broer Gaetse fangde altyd fûgeltsjes, en dy makke der dan dea. Op in kear sei mem tsjin him: Jonge, jonge, dû krigest der nochris fan. De duvel draeit dy nochris de nekke om. It gebeurde op in ljochtmoanne-joun dat Gaetse der op út gong. Mar even letter kom er werom, deabinaud. Hwat is der nou oan, jonge? frege ús mem. Der stie in gedaente achter de...
nl.verhalenbank.15881
Wibe Alma (soan fan Albert en Tet, broer fan dikke Fokke) kom us op in kear fan 't Jachtfjild út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en die 't raer. Hy sei: "'k Woe de duvel wol us sjen." Hy roan de kant nei Harkema út. Syn kameraden wienen by him. Doe woarde er by syn kammeraden weilutsen en oer de beammen en oer de feart hinnesmiten. 't Like wol in...
nl.verhalenbank.22234
Yn 'e Falom soenen in stik of hwat jonge bazen to baeijen. Myn broer wie der ek by. Sy hienen har allegear útklaeid en sa stienen se op 'e wâl. Sy hienen ôfpraet, sy soenen allegear sa fier springe as se koenen, fan 'e wâl ôf yn 't wetter. Doe sei ien fan dy jonge bazen: "Dêr dan foar den duvel!" En doe hied er de sprong nom. Mar hy wie net wer boppe...
nl.verhalenbank.25201
Guon dy't swetsten en swearden woarden wolris troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.24686
In omke fan ús mem wenne yn Toutenburg op Swarteweisein. (Toutenburg is fan 'e Ypey-stifting.) Hy hiet fan Romke en wie in fromme man. Mar sa hie 't net altyd west. Yn syn jonge jierren wie 't in earst raren-ien. It gong him noait to mâl. Hy wie in great spotter en flokte sahwat om 't oare wurd. In ûnforskillich man. Hy woe noait fortelle hoe't er bikeard...
nl.verhalenbank.32152
Ik hie in suster, dêr kaem in feint by, dat wie in sekere Jelle. Myn suster moest bifalle. Doe't Jelle dat hearde, sûpte er him dronken. Doe gong er nei myn suster ta, mar hy trof it net, der wie net ien thús. Hy hie 't raer opsein en flokt ensa. Doe't er thús kaem en yn 'e hûs wie, waerd er smiten. Syn mem en suster wienen thús. Doe wie er krûpendewei op...
nl.verhalenbank.10681
Der wie ien dy kaem út Twizel wei. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie 't hiel raer dien. Hy hie him bot tjirge en hy hie flokt as in ketter. Hy kaem dy jouns net wer thús. De oare moarns founen se him ophinge, in ein de lânnen yn. 't Wie oan 't Wyldpaed. De duvel hie him dêr ophong.
nl.verhalenbank.22155
Yn 'e Harkema wennet Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet in kear yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy wie dronken en brûkte in soad flokwurden. As der in God wie, sei er, dan woed er him wol us sjen. Doe't er bûten wie, en nei hûs ta soe, woarde er samar opnom en oer de beammen hinne smiten.
nl.verhalenbank.32420
Faek ha 'k fortellen heard dat de duvel ien yn 'e sleat smiten hat, dy't út 'e kroech kaem en 't raer opsein hie.
nl.verhalenbank.30431
To Anjum stie de herberch fan Visser. Dêr sieten op in joun hwat manlju by elkoar. 't Wie meast jongfolk, mar dêr sieten ek trouden tusken. Sy songen en raesden en tjirgen har dat it mâl wie. Greate flokwurden der by. Doe't se nei hûs ta gongen pakte de duvel ien fan har. 't Wie Theunis Wouddyk. De duvel sloech him oer de kop en seamde him ôf. Se koenen...
nl.verhalenbank.32757
Heit plichte tsjin ús to sizzen: "Jimme matte noait sweare, bern en sizze: "Dìt wol 'k wol sjen en dàt wol 'k wol sjen. Hwant dan kinne jim wol us hwat komme to sjen hwat men leaver net sjocht."
nl.verhalenbank.22020
Ymke de Jong wie yn Ljouwert ûnder tsjinst. Doe krige er straf. Sy wienen doe noch net yn 'e kaserne, mar yn 'e âlde Kânslerije. Dêr stie op mei greate letters: Hier temt men leeuwen en beren. Op in nacht briek Ymke der út. De slotten hied er samar los. Hy kom bûten en skreau ûnder dy wurden: Maar Ymke de Jong niet.
nl.verhalenbank.26252
Tseard van Dekken wie plysje yn Droegeham. De minsken mochten him net lije. 't Gebeurde op Hamster merke dat Imke de Jong dêr wie en dat Tseard van Dekken him de gek oanstuts. Doe sei Imke tsjin Tseard: "Nou sil ik dy sa lang stean litte as ik dat wol." En dêr stie Tseard, wol 20 minuten. Hy koe net fan 't plak komme, oant Imke him forloste.
nl.verhalenbank.32227
Op in kear siet Jehannes Meerstra by in boerke, op Feanwâldsterwâl yn 'e hûs. Dat boerke hie in koe nei de merk hawn to Ljouwert, dy hie er dêr forkeapje litten troch in fékoopman, in joad. It boerke wie de ûnnoazele kant neist. Dy joad kaem by it boerke om to biteljen, wylst Jehannes dêr noch siet. De koopman sei tsjin 't boerke: "Hoe wolle jo it jild...
nl.verhalenbank.31100
Taeke Alma fan 'e Harkema wie sahwat de raerste fan hiel Harkema. Op in kear kaem er fan 't Jachtfjild. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie sein, hy wie foar gjin duvel bang. Doe is er smiten woarn oer de Lange Wyk hinne oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.10680
Mensen die water bij de melk doen Toen we nog op de Heikansebaan woonde, hadde even over de brug 'n boerderij, die heette de Beer, die noemde ze altij: ga mar naar Kee Water, omda ze altij water bij de melluk dee. Da was in 14-18, in de oorlogstijd. Dan kwame we thuis en dan zeije ze: 't is wir voor driekwart water, dan zag ie zo blauw. Daarom noemde ze...
nl.verhalenbank.41626
1