Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn Feanwâldsterwâl siet in keardel yn 'e kroech, dy wie dronken. Hy sei it raer op en flokte dêrby grouwélich.
Mar doe moete er de kweade, doe't er bûten wie. Dy smiet him yn 'e feart. Doe't hy der wer út kom, dreauwen syn pet en syn klompen noch yn 'e feart. Doe't er dy seach, sei er: "Elk ret him sels, hear, bliuw jim der mar yn."
nl.verhalenbank.20268
Ype Boukes de Graaf wie de lêste, dy't to Ljouwert ophong waerd.
Hy kaem ris by in boerke to Tuskenloane ûnder Rinsumageast. Doe't er fuort gong praette er noch even mei dy boer. Doe sei er: "Hwat lit ús leaven Hear it moantsje moai skine." Dyselde nachts hat er dat boerke formoarde.
nl.verhalenbank.30047
Imke de Jong stie us in kear oan 'e kant fan 'e wei oan diz kant Hurdegaryp. Doe kom der in wein oan. Hy frege of er mei ride mocht.
"Né", seinen se.
Even fierder gong it rêd samar ta de wein út. Doe koenen se net fierder. Dat wie Imke syn wurk.
nl.verhalenbank.24542
Jehannes van der Zee wenne op 'e Sumarreheide. Hy wie arbeider by Sjoerd Jelkes Algra. Jehannes wie in beul fan in keardel. Hy mishandele it fé. Hy skopte en trape de dieren. Hy wie ôfgryslike wreed. Hy wie rûch en rou en bot. Hy flokte as in ketter.
Elke moarn om fjouwer ûre wied er by de boer. Dan kloppe er altyd by de boer op 'e doar.
Op in moarn sei...
nl.verhalenbank.30331
Ik siet ris mei in ploechje oaren yn in kroech oan 'e Lange Loane. Lytse Wiberen de Bruin wie der ek by. Dy flokte, it koe noait raerder. Doe't wy fuort gongen moesten wy de Lange Loane del. Wiberen dy krukte. Doe waerd Wiberen ynienen pakt en oer de beammen hinne smiten. Wy ha neat sjoen, mar 't wie de duvel dy't mei him ôfweefde. Doe wie 't mei 't...
nl.verhalenbank.30480
Minse Griper wenne hjir tichteby. Minse wie èk jager. Ik gong ris in kear mei him op stap. Wy soenen to jeijen. Minse hie 't gewear by him en sa gongen wy togearre de lânnen troch. Mar ik stapte hyltyd midden yn 'e groppen, ik koe der noait oer komme, al hoe't ik myn bêst ek die. Dat wie Minse syn wurk.
Doe kommen wy op in stik lân, doe sei er: "Hjir is...
nl.verhalenbank.25264
Yn Twizelerheide gebeurde it wol dat ien dy't op 'e wei roun, hinne en wer smiten waerd, sûnder dat er sjen koe troch hwa. Sa'n ien waerd der faek troch bikeard.
nl.verhalenbank.31205
Anne Leenstra (Skutter) bihandele syn mem sa min. Hy wie in tige los man. Doe is er al us smiten woarn.
nl.verhalenbank.21759
By de Godloas brêge hat froeger in herberch stien. Dêr gong 't der soms raer oan wei. Flokke en kreauwe. 't Wie fóár myn tiid, mar der binne wol guon útkom, dy't ûnderweis nei hûs in rare reis makken. Dan rêdde de duvel mei har.
nl.verhalenbank.24351
Op it Wyldpaed is it faker as ien kear gebeurd, dat in ûnforskillich man troch de kweade smiten waerd, soms oer beammen en al hinne.
nl.verhalenbank.29926
In âldomke fan my, in broer fan beppe, roan op in nacht troch de Feankleaster bosk. Hy hie dêr yn Feankleaster in dochter to wenjen, dêr soed er hinne. Myn âldomke wie in man, dy joech om God noch syn gebot. Flokke en raer dwaen, dat died er leafst.
Yn 'e bosk woarde er ien gewaer, dy gong lyk foar him stean. Myn âldomke roan op him ta en sei: "Ut 'e...
nl.verhalenbank.12542
Ien fan 'e Sumarreheide, dat wie leau 'k in sekere Jehannes van der Zee wie by Sjoerd Piters yn Sumar oan 't wurk. Dêr wied er boerearbeider. 't Wie in greate spotter. Hy flokte en ketterminte altyd dat it raer wie. Hy sei: "Ik bin foar de duvel net bang, as kom er my tomjitte."
Op in moarn-bitiid soed er wer nei de boer ta. Hy wie op 'e Hearrewei, op it...
nl.verhalenbank.32645
Schuldige gestraft
Op de Staolberrug in Osterwèk hebbe 'n tijd lang Indische mensen gezete. Nou was daor iemand, die bevuilde altij de badkamer, mar hoe ze ok zochte en wie ze ok vroege, ze kwaomde d'r mar nie achter wie 't nou altij dee. Toen was d'r ene, die zee: Wacht mar us 't komt uit wie 't gedaon hee, die zal z'n achterwerruk verbraande. Wa ze in...
nl.verhalenbank.41697
Jehannes van der Zee wie arbeider by Sjoerd Bonnes. Hy wie in wreden hond en in greate flokker. Dy is op in moarn troch de duvel oer de dyk hinne smiten. Letter wie er aerdich bikaem en gong er nei tsjerke ta.
nl.verhalenbank.32121
Bontsje Keke wie froeger in forwoest man. Hy joech om God noch syn gebot en wie in great spotter. It gong him noait to mâl. Doe't er tusken de fjirtich en fyftich wie, lei er ris op in kear to jirappelsykjen op in stik lân op 'e Sweach, dat oan 'e wei lei.
Doe hie dêr in man west, dy't alles sjen moest.
Keke hie dat doe noch net; dy seach doe noch gjin...
nl.verhalenbank.29515
Twee grote stenen, grensstenen, daar waar oud-Aalden in de gemeente Zweelde begint. Ze dragen de namen Dove Peter en Dove Waander. Ze herinneren aan een gebeuren van eeuwen terug.
Het was in die tijd dat niet alleen de brinken en koe- en schaapsdriften gemeenschappelijk bezit waren, ook het madeland langs de stroom en de heide tussen boerschappen behoorde...
nl.verhalenbank.49236
In suster fan my wie âld-faem. Dy hat ús mem en dy yn 't faillisemint smiten. Mem en dy hienen hwat hinnen nou en dan, it kaem der net rûm om, mar it skarrele sahwat. Hja fortsjinne wyks hwat. Doe hie se op 't lêst safolle oergarre, dat sy kocht twa beesten op 'e stâl.
Doe troude hja noch, doe wie se tritich jier. Heit wie al in goeije sawntich jier en...
nl.verhalenbank.22124
Yn 'e Stiensger bosk hat it jongfolk nachtmiel fierd. Mar sy binne raer thúskom, se sieten ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.32486
Ik ha wolris heard dat guon yn 'e kroech it avondmael fierden en dêr bot by spotten. Dêr waerden se dan letter foar straft.
nl.verhalenbank.30864
Hindrik Holthuis fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Doe hat de duvel him in kear smiten.
Dat is sa bot oankaem, dat dêr hat er altyd hwat fan oerhâlden. Doe is er bikeard en grifformeard woarn.
nl.verhalenbank.24346