Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn Feansterheide op 'e hoeke by de Trije Roede hie Haring Land in café. Dêr plichte Greate Germ (Germ Smous) faek to kommen. Germ Smous soop as in mûs. Faek wied er dronken. Sneins gong it altyd op in kaerten en dan wie 't snijen en fechtsjen. Op in kear wied er wer dronken. Doe't hy der útsmiten woarde, sei er: "Ik bin foar de duvel net binaud."
Mar...
nl.verhalenbank.22067
Piter Postma wenne op 'e Broek. Hy mocht graech strune. Hy stie to harkjen by de doarren en seach ta de glêzen yn by oare minsken.
Op in joun, doe't er wer oan 't strunen wie, wie er opnommen woarn en in ein fuortsmiten. Dat hie de kweade dien.
nl.verhalenbank.25126
Paulus wie in hiele raren-ien, 't wie de raerste fan Albert en Tet-jonges. Op in kear doe wied er yn 'e buert fan 't tsjerkhôf. Doe wie der samar in fremde kat oankom en dy hie him hielendal toklaud. Dat hie de duvel west.
nl.verhalenbank.22305
I. De duivel
1.
Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt?
Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14847
I. De duivel
1.
Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt?
Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14845
In kloftsje folk wie meielkoar fan 't Jachtfjild kom út 'e kroech. Ien fan har bleau mei syn faem achter. Hy hie 't freeslik opsein yn 'e kroech en de duvel der hyltyd mar by roppen.
Doe wie der ûnderweis in dikke houn út 'e daem tofoarskyn kom, dy hie him ôfgryslik tatakele. Syn faem wie der by wei roan.
nl.verhalenbank.22307
Tabe wenne yn Broek. Hy kom by in frommeske, dy wenne oan 't kanael (de Swemmer) yn de koloanjes.
Dat frommes dêr't er forkearing mei hie wie in tsjoenster. Der woarde ek wol sein, dat it in nachtmerje wie. Tabe fornom al gau dat it gjin goed spul mei dat frommeske wie. Hja hie 't op him gemunt.
Dêrom makke er it út.
Doe't Tabe út 'e koloanjes wei oan 'e...
nl.verhalenbank.25124
Hanne Foekes wie in ielfisker fan Eastemar. Hy wie in omke fan Foeke van der Veer dy't op 'e Eastemarre boat fard hat. Op in kear lei er mei de aek yn 'e Lange Sleatten. Dêr wied er bot oan 't Godfordomjen. Doe woarde syn aek ynienen hiel bot hinne en wer skodde. Dat wie de duvel, dy't him geweken nom. Hanne Foekes hie doe tige bang west.
nl.verhalenbank.24603
Yn 'e Skrâns wenne in postkantoarhâlder. Dy hie ek in winkeltsje yn hillige beeldtsjes. Flakby wie in man oan 't straten. It duorre lang foardat dat karwei dien wie. De postkantoarhâlder krige der in protte sânrommel fan yn syn winkel.
Elke dei frege er de strater: "Hwannear binne jo klear? Ik ha skjin myn nocht."
Op in moarn wied er flak foar de winkel...
nl.verhalenbank.21747
Myn swager wie ien dy wie tige rûch. Sûpe, flokke en al sokke dingen mear. Hy wenne hjir yn 'e Harkema. Op in kear kom er thús, alhiel fan 'e wize.
"Nou bin 'k fan 'e iene kant nei de oare smiten woarn", sei er.
nl.verhalenbank.25521
By Burgumerdaem wie in timmerman, dy hie 't bakje mei ridskip oer 't skouder. Hy hie to timmerjen west en wie op wei nei hûs ta. Underweis hied er oanstutsen en 't wie al hwat skymrich. Hy wie frijhwat rûch yn 'e mûle.
Underweis helle ien him yn, dy roan njonken him.
"Goeije navend", sei de timmerman, mar de oare sei neat.
"Wolstû forrekkeling, neat...
nl.verhalenbank.31811
Doe't ik in jonkje wie, wennen wy yn Stiensgea.
Dêr wenne ek in fédriuwer, dat wie Boele Tseard. Dy fortelde doe us:
Myn omke gong us in kear hjir yn Stiensgea achter de Bosk lâns. Omke dat wie in hiele dikke gewante keardel. Dy wie nergens binaud foar. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach omke dat der in keardel achter him oan kom. Dy bleau mar achter him oan...
nl.verhalenbank.22138
De aardmannetjes of auwermannetjes, in Noord-Brabant kaboutermannetjes geheten zijn leelijke en mismaakte dwergen, hebbende de grootte van drie span tot die van een vierjarig kind. Zij wonen volgens het bijgeloof in krochten. Dit volkje is listig, vlug en bedreven in allerhande kunsten en bewaart verborgen schatten. Zij bewoonden in onze provincie de...
nl.verhalenbank.13483
Yn 'e Surhuzumer Mieden stie froeger in herberchje. Dêr hat it jongfolk alris it avondmaal fierd. Mar dat gong sa raer, dat sy rekken der raer út. It bloed wie fan 'e balke ôfdript.
Dat wie de straf foar it spotten.
nl.verhalenbank.25333
Jehannes van der Zee fan Sumarreheide is ek ris sa bot smiten woarn. Hy wie arbeider by Krol yn Sumar. 't Wie op in moarntiid ier dat it gebeurde. It wie in man dy't it opperwezen forflokte en rounom de gek sahwat mei hie. It is net like folle hoe't in minske him hjir hâldt en gedraecht.
Jehannes woarde smiten en net sunich. It kom sa bot oan, dat hy hie...
nl.verhalenbank.32656
Der wienen twa mannen, dy sieten yn in café. De iene dy sei: "Dêr bistiet wol hwat." De oare sei: "Né, dêr leau 'k neat fan." Doe sei de oare: "Litte wy dan de duvel en God ris útdaegje."
Doe gongen se togearre nei 't tsjerkhôf ta. Dêr gongen se sitten.
De iene, dy't oan God noch syn gebot leaude, dage de duvel út. Doe waerd er hiel bot knypt. Wiken...
nl.verhalenbank.31607
Spookdieren
In het huis Molenstraat 36 werd vroeger logement gehouden door "den Dütsje Jan", een gewetenloze boer. Als schapendrijvers 's nachts hun dieren hier stalden, verving Jan de besten door zijn eigen slechte. Hij ging zelden ter kerke. Op een Kerstnacht, toen zijn huisgenoten ter nachtmis togen, bleef hij te bed terwijl de meid om 6 uur ging...
nl.verhalenbank.13459
Us heit syn heit wie oan 'e drank. It wie in plakker en hy kom faek let yn 'e nacht thús.
Op in kear, doe kom er thús, doe wied er alhiel fan 'e wize. Hy hie ûnderweis in greate fjûrbol sjoen, krekt as hied er hier op 'e holle. Hy wie sa kjel woarn en sa binaud, dat hy hie in skoftlang de drank stean litten. Hy tocht dat dit in straf wie foar syn sûpen.
nl.verhalenbank.22733
Rikele Myt wie in âlde tsjoenster dy't wenne ûnder Surhústerfean, op 'e Skieding. Dy hie altyd in protte apels yn 't hôf.
Folkert en Lykele Kuipers gongen dêr ris hinne to hofkesjongen op in nacht. Folkert stoppe de apels ûnder 'e kile, safolle er dêr mar hâlde koe; hy hie der in gurdle ûnder, dan koenen se der net ûnder wei sakje. Lykele hie in sekje by...
nl.verhalenbank.31940
Hindrik Holthuis wenne yn 'e Harkema. Dat mat froeger in raer man west ha. Op in kear wied er wer dronken. Hy gong sjongendewei de heidepaden lâns. Hy song de tsien geboaden op in drank- en flokwize.
Doe hied er in moeting mei de duvel. Dy hat him oer in hekke hinne smiten. Hy is sa raer tolânne kom, dat hy hat der in stive foet fan oerhâlden.
Doe is er...
nl.verhalenbank.22068