Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Hjir sa'n 300 meter ôf wenne Jehannes Durkje. Dy hie in dochter, dy woarde o sa min bihandele. It bern woarde hiel faek slein. Dan bounen se har oan in stile fêst. Mar op in kear, doe't se it bern wer sa sloegen, gong der in lyts mantsje by de leider op mei in slipjas oan en in huodtsje op en in stokje ûnder 'e earm. Dy gong by de souder op. En doe gong...
nl.verhalenbank.17582
Der wienen twa man, dy roannen op in jountiid togearre.
De iene kom fan 'e Harkema, dy wie o sa goddeloas, de oare kom fan Surhuzum. Hja kommen by in daem, dêr moesten se om in stapke hinne.
Doe kom dêr in keardel oan, dy pakte de spotter by de lurven en dy seame er hiel bot ôf.
It fremde wie dat dy man út Surhuzum noait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.32716
De "gloeiige mens" van Knegsel, in de volksmond genoemd "d'n Engelsman".
Driehuis, gehucht, Knegsel, Noord-Brabant.
Peer van Heensel was in het jaar 1672 op de hoogte van de Driehuis lafhartig vermoord. De moordenaar veranderde in een "gloeiige". Mensen die 's nachts naar de kerk gingen of om andere reden 's avonds laat op straat kwamen praatten er over....
nl.verhalenbank.13243
Yn 'e Broek wennen in pear mannen, dat wienen echte rare. "Wy jowe om 'e duvel niks", seinen se, en sa wie 't ek. Sy joegen suver nergens hwat om. Mar sy binne beide raer oan har ein kom.
Sy hienen nei Burgumer merke ta west, elk mei in faem. Doe't se op 'e weromreis yn 'e Falom kommen, krigen se spul. De iene stuts de oare mei 't mes. Dat wie it wurk fan...
nl.verhalenbank.24362
Jan de Haan, de heit fan Geart de Haan, yn 'e Sumarreheide, woarde op in kear samar oer de hage hinne smiten by 't café fan Roel Theunissen op 'e Harste. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.32448
Op 'e Tille yn 'e kroech is 't ris gebeurd dat se it hillich avondmael fierden. It wie spotten. It mat de bazen dy't dat úthellen raer forgien wêze.
nl.verhalenbank.37240
Der wie ien yn Noardermar dy hie op in snein in pear klompen kocht. Underweis nei hûs waerd hy troch ien pakt. Hy waerd omheechsmiten mei de nije klompen oan, like heech as de beammen dy't dêr stienen. 't Gebeurde oan 'e Lange Loane. It wie syn straf, omdat er op snein klompen kocht hie.
nl.verhalenbank.31235
Op 'e Godloas Singel dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid. Hy hie yn 'e herberch sitten en dêr hied er tige flokt. De oare deis lei er dea op bêd.
nl.verhalenbank.30856
Yn 'e Rottefalle is 't ris gebeurd dat in stik of hwat manlju yn 'e herberch it heilich avondmael fierden. Se dienen dat spottenderwize, mei wyn en bôlle derby. Dêr wie ek in broer by fan Foppe Gees; dat wie in sekere Van Dyk, in hiel ûngelovich en ûnforskillich man. Wylst se drok oan 'e gong wienen foel dêr samar ynienen ien fan dy mannen dea del. Dat...
nl.verhalenbank.31546
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Sa likernoch 1890 hienen der guon fan Surhústerfean by ús âlden hjir yn Jistrum west to jounpraten.
Yn dy tiid gong alles noch to foet. De man wie nochal hwat rûch yn 'e mûle. Dy jouns hied er by ús sein, hy joech neat om 'e duvel. Soks is nuodlik praet.
Underweis gongen se oer de Hamsterpaden nei Readskuorre en sa by de feart lâns nei 't Fean ta.
Dêr op...
nl.verhalenbank.25094
Yn Suwâld wenne in frommeske, dat wie in muoike fan Antsje Kak fan Garyp. Dat frommeske wie in raren-ien. Sy wie ek bot oan 'e drank.
Op in moarn ha se har dea foun mei de nekke omdraeid. Dat hie de boaze dien fanwege har rare streken.
nl.verhalenbank.20275
Guon út 'e Westerein sieten ris yn 'e Falom yn 'e herberch. 't Wie jongfolk. Der waerd aerdich djip yn 'e romer sjoen en dêr waerd it mâl by opsein. Der wie fral ien by, dy flokte as in ketter. De jouns gongen se nei hûs. Se rounen de Boppewei del.
Doe waerd dyselde dy't sa flokt hie, ynienen wei. Doe kamen se oer de brêge en doe founen se him op 'e hage,...
nl.verhalenbank.31998
Yn 't hûske, dêr't nou Wiger Koaning wennet (oan 'e Lange Wyk) wenne froeger Jelle van der Wiel mei syn mem. (Jelle wennet nou yn Droegeham) Doe't syn mem noch leefde hat dy my us forteld, dat Jelle hie us hiel bot flokt.
Doe wied er tsjin 'e groun oan smiten woarn.
Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22714
Ja een ander verhaal dat me hier nou weer te binnen schiet dat eh werd mij eens verteld. Kijk, het was vroeger op elke post, dus op elk werkpunt eh, was er een kist slaghoedjes aanwezig. Nou door welke oorzaak dan ook ‘t ’t kon anders euh zou maar zeggen haast niet gebeuren, maar bij het openen van zo’n doos explodeerde op een keer de hele voorraad. Er...
nl.verhalenbank.128503
Jehannes van der Zee wenne op 'e Sumarreheide. It wie in goddeloas man, it koe him neat skele hwat er sei. Hy spotte mei God en syn gebod.
Op in moarn stie er op 'e rûchskerne en doe sei er: "Ik woe wol dat de duvel my holp." Hy woe de duvel wol ta syn maet ha.
De oare moarns roan er om 4 ûre de de Harsteloane del. Dêr wenne de faem fan Sjoerd Bonnes, dy...
nl.verhalenbank.30890
Rinse-om hie us in kear spul hawn mei Auk-moai (syn wiif). Hy hat it my sels al us forteld.
De moarns hie Auk-moai strûkmoes ite sild. 't Siet al yn in greate panne. Doe hied er út lulkens boven oer de boerekoal hinne pisse.
Doe gong er nei 't lân ta to Readskuorre. Dêr moest er skoffelje. Doe't er ien rige skoffele hie gong er nei de oare ein fan 't lân...
nl.verhalenbank.22270
Yn 'e Harkema hat in frommeske wenne, dat wie in sekere Detsje. Dy siet altyd mei de manlju to kaertspyljen yn 't bigjin fan har trouwen. As se in bern krige dan hie dat de printen fan 'e kaerten op 't boarst sitten. Dat wie de straf dat se altyd kaertspile.
nl.verhalenbank.25279
Jehannes van der Zee wenne op Sumarreheide. Hy wie fêste arbeider by in boer yn Sumar. Op in moarn, doe't it noch tsjuster wie, gong er de heidereed by Jelke fan Sjoerd Bonnes lâns. Doe wie dêr hwat njonken him.
Jehannes sei: "Goeije morgen."
Mar hy krige neat to hearren fan dy oare. Hy sei nochris goeije morgen, oant trije kear ta.
Doe sei er foars:...
nl.verhalenbank.31581
Twa feinten sieten yn 'e kroech op 'e Foarwei. Hja hienen aerdich hwat hawn en swetsten mar raek. Doe gongen se fuort. Se kamen op 'e Lange Loane. Se moesten beide de Stasjonswei del. Ien fan 'e beiden woarde op 'e Lange Loane opnom en in ein fuortsmiten. De oare kaem neat oer.
Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36576