Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: straf Place of Narration: Boelenslaan
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner. It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer. "Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it. "Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
Knjillis Det, dat wie myn muoike. Dy wie alle jounen oan 't kaerten. Mei de flesse drank op 'e tafel. Sy siet mei de manlju to kaerten, dan woarde it wol ien en twa ûre yn 'e nacht. Dat die se ek, foardat se bifalle moest. Mar dêr is se foar straft woarn. De bern, dy't se krige hienen allegear de spylkaerten op 't boarst. 'k Ha 't sels sjoen. As wienen se...
nl.verhalenbank.23938
Der wennen in lytsfeint en in greatfeint by in boer. De greatfeint sei tsjin 'e lytsfeint: "Hwat sjuchstû der min út, jong. Hwat bistû meger en gammel." De lytsfeint sei: "Ik yt oars goed. Mar nachts, dan ha 'k altyd in straf." "Hoedat sa?" frege de greatfeint. "Nachts komt de boerinne altyd by myn bêd en dan mat ik der altyd mei har op út. Alle nachten...
nl.verhalenbank.17731
Yn 'e Boelensloane wenne in man, dy 't altyd kaertspile, nachts en deis. Op in nacht krige er sa 'n wân op 'e hûd, dat hy raesde it út. Doe woarde er yn 'e feart smiten. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. De man doarst yn 't earstoan net bûten to kommen.
nl.verhalenbank.17398
Heit fortelde: Der wie ris in man, dy hie koallen stellen fan 't lân. Dat woarde forklapt en doe kom de plysje by him. "Ik ha 't net dien," sei de man, "ik ha 't net dien. As ik it dien ha, dan mei 'k yn 'e moanne of sinne forskine." Sa forswarde er de plysje. Mar doe is er ta straf nei de moanne forfearn. Men kin 't skoan sjen. Under 'e iene earm hâldt...
nl.verhalenbank.28156
Minse Griper wenne hjir tichteby. Minse wie èk jager. Ik gong ris in kear mei him op stap. Wy soenen to jeijen. Minse hie 't gewear by him en sa gongen wy togearre de lânnen troch. Mar ik stapte hyltyd midden yn 'e groppen, ik koe der noait oer komme, al hoe't ik myn bêst ek die. Dat wie Minse syn wurk. Doe kommen wy op in stik lân, doe sei er: "Hjir is...
nl.verhalenbank.25264
Myn neef Germ Postma (^) fortelde, dat it wie ris gebeurd, dat der in man foar straf yn in djippe kûle smiten woarn wie. Mar yn dy kûle sieten allegearre ierdmantsjes. Doe gongen dy ierdmantsjes allegearre boven op elkoar stean en sa foarmen se in trap. Dêr klom dy man by op. Mar doe't er omtrint boven wie, rôp it ûnderste ierdmantsje: "Laat hem donderen!...
nl.verhalenbank.28423
Der wie in frommes, dat wie in Detsje de Hoan fan 'e Harkema. Dy siet altyd to kaertspyljen, ek as se yn forwachting wie. Alle bern, dy 't geboaren woarden, wienen biplakt mei spylkaerten en sy mocht der net ien fan bihâlde.
nl.verhalenbank.17404
Ien dy't sweart en swetst en spot wurdt ek wolris opnom en fuortsmiten.
nl.verhalenbank.36186
Rinse de Wind flokte in hiele dei troch. Nachts wie er deabinaud. Hy is ris in kear fan 'e wei ôf smiten woarn. Sytse Jager wie ek sa binaud nachts. Dy doarst net by nacht allinne bûtendoar. It wie in minnen-ien, in ûnminske. Hy forwinske alles en flokte as in ketter. Hy is op in kear troch de duvel oer in dyk smiten woarn op it eintsje wei fan Rienk...
nl.verhalenbank.32225
Yn 'e Harkema wenne in man dy sei: "As der in duvel is, dan wol 'k him wolris sjen." En doe flokte er hiel bot. Even letter kom de duvel en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.28134
Yn 'e Harkema wennet Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet in kear yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy wie dronken en brûkte in soad flokwurden. As der in God wie, sei er, dan woed er him wol us sjen. Doe't er bûten wie, en nei hûs ta soe, woarde er samar opnom en oer de beammen hinne smiten.
nl.verhalenbank.32420
Tseard van Dekken wie plysje yn Droegeham. De minsken mochten him net lije. 't Gebeurde op Hamster merke dat Imke de Jong dêr wie en dat Tseard van Dekken him de gek oanstuts. Doe sei Imke tsjin Tseard: "Nou sil ik dy sa lang stean litte as ik dat wol." En dêr stie Tseard, wol 20 minuten. Hy koe net fan 't plak komme, oant Imke him forloste.
nl.verhalenbank.32227
Ruerd van der Veen wie noch út myn famylje. Hy wenne yn 'e Harkema en wie by 't timmerjen. Mike Ruerd seinen se tsjin him. Op in kear kom er fan Eastemar. 't Wie yn 'e nacht. Sa kom er op 'e Mûzegroppe, doe seach er dat der ien foar him oproan. Hy rôp tsjin dyselde: "Wachtsje even, dan wol 'k mei dy rinne!" Mar dy oare sei neat werom en roan troch. Doe...
nl.verhalenbank.28323
By Jan de Vries, dy't njonken ús wennet, wie 't froeger altyd o sa roerich yn 'e hûs. Allegear great-jonges, dy't sterke wurden brûkten. It gong der soms allerheislikst oan wei by har yn 'e hûs. Mar doe stie der op in joun samar ien achter de tafel. 't Wie in manspersoan. Hy steunde mei beide hannen op 'e tafel en hie in krûm pypke yn 'e mûle. Ien hûsside...
nl.verhalenbank.28333
Kuke Ruerd (van der Veen) kom op in joun fan 't timmerjen. Hy moest de Skeanpaden oer nei de Harkema. Dêr leinen allegear houtsjes oer de sleatten. Doe't Ruerd oer ien fan dy houtsjes soe, woarde er op 'e kop yn 'e sleat goaid. Ruerd wie in raer man, it koe him neat skele hwat er sei. Dêrom hie de duvel him pakt.
nl.verhalenbank.28091
Froeger wennen hjir Piter en Syts. It wienen beide feardige minsken. Doe't Syts noch faem wie, makke se har ris foar spot in buchel fan foaren en fan achteren. Doe krige letter har earste bern in buchel. Har trêdde en fierde bern ek. It fyfte woarde stomdoof.
nl.verhalenbank.16036
1