Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Piter Scheper koe de lju útklaeije op 'e wei.
Piter Scheper koe de lju steanlitte op 'e wei.
nl.verhalenbank.23821
Alde Piter Scheper hie buorkerije en wenne op Luchtenveld. Dy koe de minsken stil stean litte. Sy hienen 't net rjocht op Piter stean. Hy koe de minsken de koarts ek ôfnimme.
nl.verhalenbank.25884
To Houtigehage wenne in man, dy hat forkearing hawn mei in suster fan myn man. Hy hat ris forteld: Op in snein-to-joune seach ik ynienen dat der in streekje huzen fuort wie. It wie dêr gewoan lân woarn, dêr't neat mear op stie. Allegear gjers.
Mar o, o, hwat gong it der dêr op dat lân alderheislikst oan wei! It gong dêr op in skoppen en traepjen en...
nl.verhalenbank.11558
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn.
In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju.
Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
't Is wol gauris gebeurd, dat, as der ien mei hynder en wein ried by nacht, it hynder ynienen stean bleau. Dan woe 't mei gjin stok fierder. Dan seach it in lykstaesje.
nl.verhalenbank.25615