Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Imke de Jong liet de minsken stean. Hy koe se ek útklaeije litte. Hy liet us in kear in jongfaem, dy't op 'e wei lâns gong, de klean samar ôffalle.
nl.verhalenbank.25810
Tseard van Dekken swetste en swearde wakker op Hamster merke.
"Hwat soestû mei dyn kunsten?" sei er tsjin Imke de Jong.
Mar Imke liet him samar stean. Doe koed er net fan 't plak komme.
nl.verhalenbank.21649
Imke de Jong hat yndertiid op Hamster merke de plysje Tseard van Dekken alris in skoft stil stean litten.
nl.verhalenbank.23918
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea.
Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552