Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
[Tovenaar:] Zo een hebben we d'r hier gehad. Hij kon ze ok stijf laten staan. Dat dacht ie. Maar hij kon 't niet. Maar dat verhaal werd verteld.
nl.verhalenbank.127474
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.27541
Ymke de Jong koe de minsken stiif stean litte.
nl.verhalenbank.20638
Olle Hendrik van der Molen liet de mensen stief stoan met de mond open. (= Hindrik Pikelhearring)
nl.verhalenbank.25854
Minse Griper, myn âldomke, koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.19604
Doe't pake noch jong wie, wie 't in raer man ('t wie Jelle van der Wal). Hy koe de minsken stean litte en dat died er ek wol us. En hy koe de froulju samar útklaeije litte, dat se op it lêst neat mear oan hienen.
nl.verhalenbank.21534
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
Der wenne in postrinder yn Oerterp, dy koe mear as gewoan. Dy sette in stok tusken 'e skonken en dy stok koed er samar nei in oar ta rinne litte. Hy koe in oar ek samar stean litte. Mar hy hie der bot fan to lijen, as er soks die.
nl.verhalenbank.23396
Imke de Jong koe in hynder en wein samar ta stean krije. Ek minsken koed er stean litte sûnder dat se in stap fierder forsette koenen.
nl.verhalenbank.33796
Imke de Jong koe sizze: Safolle jild ha jo yn 'e bûse. Dat wist er altyd krekt. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21379
Op Eastemarre hynstemerke hie Tseard van Dekken in greate bek tsjin Ymke de Jong. "Dû mast dy stil hâlde," sei Ymke tsjin Tseard, oars lit ik dy stean." Mar Tseard hâldde him net stil en doe hat er in hiel skoft stien.
nl.verhalenbank.27727
Ymke de Jong koe minsken stil stean litte. Ik ha wol us heard dat er de plysje fan de Ham (Ts. v. Dekken) op Hamster merke stil stean litten hat.
nl.verhalenbank.21545
Piter Scheper koe de lju útklaeije op 'e wei.
Piter Scheper koe de lju steanlitte op 'e wei.
nl.verhalenbank.23821
Tseard van Dekken swetste en swearde wakker op Hamster merke.
"Hwat soestû mei dyn kunsten?" sei er tsjin Imke de Jong.
Mar Imke liet him samar stean. Doe koed er net fan 't plak komme.
nl.verhalenbank.21649
Tseard van Dekken wie stille plysje yn Droegeham. Dy stuts Imke de gek oan. Doe hat Imke him dânsje litten.
nl.verhalenbank.28293
Ik het wel es gehörd, da vroeger iemand ’n aander stil kos loate stoan. Hé’j wier dan zo stief, dat ie niks mer kos. Zo iemand kos ok wel ’n pjed stil loate stoan.
nl.verhalenbank.50315
Heit wie ris in kear ergens op 'e merk. Dêr wie Ymke ek. Doe wie dêr ien, dy krige in bytsje wurden mei Ymke de Jong. Doe sei Ymke tsjin him: "Dû wytst noch wol, tink, hoe't ik it doe mei dy hawn ha? Dû koest net in foet mear forsette." Doe't de man dat hearde, gong er stil fuort.
nl.verhalenbank.27756
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke.
Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
nl.verhalenbank.23509
Ien fan ús jonges hat soldaet yn Ynje west. Hja hienen in majoor, dy koe de jonges omraek negerje. Mar der wie in fint by har, dat wie in sekere Bambergen. As dy sei: "'t Moat út wêze" dan hâldde de majoor him stil.
As de majoor "acht!" sei, liet er de majoor mei de mûle iepen stean en dan koe dy majoor him net forwege, of Bambergen moest it earst wolle.
nl.verhalenbank.20639
Imke de Jong koe de minsken stean litte. Hy koe ek troch in balke hinne krûpe.
Op 'e Gordyk hat Imke de Jong ris twa siden Amerikaens spek stellen. Sy wisten dat hy it dien hie, mar sy koenen him noait fine. Hy hie ien stik op 'e rêch en ien tsjin 't liif en sa hat er ûnder in skip lein.
Doe't de konsternaesje oer wie is er ûnder it omkearde skip weikom...
nl.verhalenbank.25687