Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Leeuwarden
Op in kear sieten der in stik of hwat manlju yn Beets yn 'e kroech om 'e tafel hinne. Ien fan dy mannen dat wie raren, dy sei: "Nou sil ik aenst skoppenboer fuortstjûre om in flesse drank. Ien fan jimmes mat de flesse oankrije. As er dat net docht, gean ik der oan. Hwa wol de flesse krije?" Der wie ien dy bea him oan. Doe goaide dy earste de kaert troch...
nl.verhalenbank.28471
Oan 'e selde sédyk, èk út 'e sé wei, hienen se ek in stim heard, dy't sei: De tijd is der wel Maar de man is der niet. Dêr is doe ien fordronken. 't Wie deselde stim as de earste.
nl.verhalenbank.33583
Ik hie forkearing mei in faem yn Ljouwert. Iebel hiet se. Ik wenne doe noch yn Bûtenpost. Sy gong us nei in kaertlechster ta, hjir yn Ljouwert. Dy warskôge har foar in kammeraetske, dy't har wol us hwat ûntstiel. Dat klopte, dat wist Iebel wol. Letter ha Iebel en ik togearre nei dy kaertlechster west. Ik sei: wy ha forkearing. Doe seach it minske tige...
nl.verhalenbank.19395
By ús leaude men der fêst oan, as in houn spûkgûlde, dan bitsjutte dat, dat der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.19383
De moleroede Ik haw ris in ferhaal heard fan in man, dy hie it oer in kunde fan him. Dy kunde hie op Boalserter merke, of op Snitser merke, by in wiersizzer west en dy hie him foarsein, dat hy soe troch de slach fan in moleroede oan syn ein komme. Hy wie boer en hy hie in mole, mar hy paste sûnt dy tiid altyd tige op; hy kaam der noait by as de mole yn 't...
nl.verhalenbank.12980
By de Wissedwinger to Ljouwert wie 't Spoekesteechje. Dêr doogde it net, seinen se. Yn 't Spoekesteechje stie in snobberswinkeltsje. Dêr kochten wy as bern wolris snobbersguod foar in sint. Yn dat winkeltsje wenne Oud-moedertje. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Dy fortelde 't forhael fan in berntsje - in neaken berntsje, dat by in skipper by it roer...
nl.verhalenbank.33584
Myn broer Eabe Kloosterman hat yn 'e swarte spegel sjoen doe't er ûnder tsjinst wie. Doe krige er in deakiste to sjen. Hy wenne op Sânbulten.
nl.verhalenbank.19391
Swarte Jantsje fan 't Fliet (to Ljouwert) stie us in kear yn 'e winkel. Sy moest boadskippen helje. Elkenien hie hwat in hekel oan har omdat se altyd fan dat nuvere praet hie oer liken en lykstaesjes ensa. Elkenien - de winkelman ek - hie mar leafst dat se sa gau mooglik wer fuort gong. Doe't se dêr dy moarns yn 'e winkel stie wie dêr ek in frou. Dy seach...
nl.verhalenbank.28548
Wat súesto? Der wie in man—Hero hiete der—dy't faak de lyken da't oonspeeld wiene bereufde. Da wie der ien op it eilaun, dy't sei: 'Dat sil ik him ooflere'. Hy ging op in jaune oon 'e liechwatterskaunt lizzen. Stiif. Mooi de eermen útstrekt, krekt as in drinkeling. Da koom dy fmt wier1 en dy begon him de búzen nooi to sikjen. Mar ynienen tilde it Iyk syn...
nl.verhalenbank.12986
Doe't myn âldste suster Wike noch in lyts famke wie, wenne se yn Lutjewoude ûnder Kollum. Der kom geregeld in âldwiif út Kollum by ús oan 'e doar mei de bolkoer. As dat wiif der west hie, koe Wike dy jouns net sliepe. Sy lei dan altyd wekker op bêd en dat woarde geandewei slimmer. Ien joech mem de rie, sy moest it holkessen mar ris iepenmeitsje. Doe siet...
nl.verhalenbank.19390
Yn Feanwâlden is alris in frou stoarn. Har man gong wyks trije kearen yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta en dan stie er in skoft mei har to praten. Dat hat wol trije of fjouwer jier duorre.
nl.verhalenbank.28545
Yn Beets makken myn skoanâlden turf. Sy hienen in lânmjitter, dy bistiel harren geregeld. As se twintich roeden makke hienen, sei hy dat se sechstjin makke hienen. Dy fjouwer roeden wienen foar de lânmjitter-sels, dy stiel er. Boppedat wienen de lju ek noch forplichte har boadskippen by him to keapjen en dêr hat er har ek skandalich mei bidragen. Doe...
nl.verhalenbank.28547
It spoek en de fiskerij 'Se mochten wol fûken sette, mar noait oan 'e feartswâl, en dat waarde dan wer spesiaal sein fan 'e smid fan Earnewâld en net fan 'e Langesleatter man. Hy skuorde spesiaal de fûken dy't oan 'e kant stienen der allegearre út. Hy wie deabenaud dat se yn 'e wâl begjinne soenen te dollen en syn skat fine. Miskien socht er ek wol yn dy...
nl.verhalenbank.13704
Der wienen freonen fan ús, dy farden mei in skip. De frou forlear har suster. Der wie hwat net yn 'e heak mei dy suster, hja hienen ergens net oan foldien by har dea, hwant dy suster strúnde nachts by harren skip om. Op in kear doe kom se midden yn 'e nacht by harren en doe sei se tsjin har suster: "Nou woe 'k graech datste datselde, dêr't ik rjocht op...
nl.verhalenbank.28546
Lykstaasjes Wy hienen foarhinne by ús heit-en-dy in âld baakster, Bouwe Bet. Dy rûn op in kear fan Wergea nei Warstiens en doe kaam har in lykstaasje tsjin. Se gong oan 'e kant stean en seach der mei alle studzje nei. Se tocht, dat is in frjemd spul—ik ha noait witten, dat hjir ien dea is. En doe in skoft letter stoar der ien fan'e trije boeren dy't dêr...
nl.verhalenbank.12966
De smid spoeket om oare misdieden 'Dy smid koe sa min mei de frou. Oft dat no fan syn frou kaam of fan himsels, dat wit ik net, mar yn alle gefal, se akkordearren net. Se seinen altyd, dat sy wie ek in heak. Se wienen altyd slaande deilis. Beppe frege har dan ek wol ris ôf: Soe dat ek om dy skat west hawwe? Dat de iene de oare it jild fergunde? Men soe...
nl.verhalenbank.13662
By de Skilige Piip kuijere altyd ien om by nacht. Dyselde wie dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.36478
Myn mem is deatsjoend troch in man. Wy sieten dêr yn Twizelerheide ûnder 'e tsjoensters. Doe't ús mem siik wie hienen wy earst net yn 'e rekken dat se bitsjoend wie. Sadwaende krige se dêr gjin guod foar. Hienen wy mar duveldrek brûkt, dan binne de tsjoensters de kracht kwyt. Ik haw noch foar har nei Wopke Minke, nei Kûkherne ta west, mar doe wie se al...
nl.verhalenbank.33844
Alde swarte Jantsje wenne op it Fliet to Ljouwert. Dy koe mear as in oar. Sy wie mei de helm geboaren en sy seinen ek dat it in tsjoenster wie. Op in kear doe stie se mei lju to praten. Ynienen bilûkt har gesicht en sy sjocht nei in bipaeld plak oan 'e oare kant. Doe sei se: "Sjoch, dêr komt in lyk ta de doar út." De lju seinen: "Dat is sa net. En 't kin...
nl.verhalenbank.28479
Myn suster wie mei de helm geboaren. Hja wie noch mar in famke, doe opponearre him dat al. Op in kear boarten wy mei elkoarren op 'e dyk. Doe treau hja ús dêr allegear ien foar ien wei, hwant der kaem in lykstaesje oan, sei se. "Hja binne nou oan Wigerom ta", sei se. "Dy giet út 'e staesje wei, dy giet yn 'e hûs." Wy moesten allegear oan kant stean gean....
nl.verhalenbank.36480
35