Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Marten Spiekstra fan Burgum fortelde my ris it folgjende:
Der siet in famke foar 't rút. It sil yn Burgum of omkriten west ha. "Heit," sei se, "der komme swarte mannen oan en dy wolle hjir in kiste troch 't rút triuwe."
Mar de heit seach neat.
In wike of hwat letter stoar der ien yn dat hûs. Der moest in kiste brocht wurde, mar dy koe net troch de doar....
nl.verhalenbank.37745
As eksters skatterje yn 'e beam komt der in bigraffenis.
As ien ekster flak by de doar komt krijt men bisite.
Spûkgûlt der in houn, dan komt der mei gauwens in deade.
nl.verhalenbank.36467
Mar it hat net allegear Jehannes syn wurk west, hwat der by ús gebeurde. Hwant de earste twa jier, dat wy dêr yn dat hûs op 'e Wâl wennen, wenne Jehannes dêr noch net.
Doe't wy dêr kamen to wenjen sei de foarige biwenner tsjin ús: "It doocht hjir net."
Myn man hat yn dat hûs noait in dier yn leven hâlde kind, de earste beide jierren like min as letter. De...
nl.verhalenbank.38273
As fanke tsjinne ik by in boer. Dat wie Floris Koning. Hy wenne oan 'e Heidstreek, op 'e Swette. Doe't ik dêr in skoftsje west hie, stoar de boer syn frou.
Doe sei de soan tsjin my: "Ik ha 't fleden wike allegear fan tofoaren sjoen. Se binne my foarbygien mei ús mem yn 'e kiste."
nl.verhalenbank.38288
As in minske net stjerre kin en hy leit op syn stjerbêd dan komt dat, sizze se, omdat er dan hwat oan hat dat se op snein makke ha. Dan matte se in knip yn it guod dwaen.
nl.verhalenbank.38276
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Mei oare katten, ek tsjoensters hâldde se nou en dan forgaderingen. Dêr woarde dan omraek by song. Hja moesten op syn minst ien minske deatsjoene yn sawn jier tiid, oars gongen se der sels oan. Hja rêdden dat altyd wol op.
nl.verhalenbank.30504
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs.
Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Der wie ris in fékoopman, dy kaem op in freed-to-joun fan Ljouwert. Hy hie kij forkocht en hy hie gâns in knoarre jild by him. Hy roan de Godloas Singel del. Doe seach er guon oankommen, twa man. Hy tocht: Duvel, ik mei wol hwat foarsichtich wêze. Miskien is 't dy mannen om myn jild bigoun.
Doe lei dêr in omkearde skou oan 'e kant yn 'e berm. Dêr krûpte...
nl.verhalenbank.30513
Der wie ris in doomny, dy hie fijannen. Doede Lapke wie ien fan dy fijannen. Dy kaem noait by him yn tsjerke. Hy hie sa de pik yn op 'e doomny, dat hy naem it bislút him to formoardzjen.
Op in joun liet er in boadskip oan 'e doomny bringe, dat der lei ien op stjerren en de famylje forsocht him dêr to kommen. De doomny gong op stap. Hy moest oer in planke....
nl.verhalenbank.38589
Minsken dy't op har stjerbêd lizze en hwat oan ha, dat op snein naeid is, kinne net ta stjerren komme.
nl.verhalenbank.38604
Durke Syts yn 'e Westerein wie in tsjoenster. Dy hat wol bern bitsjoend, sy hat ek wol guon deatsjoend. Doe't se stoar hong se op 't lêst ta 't bêdsté út mei de tonge in hiel ein ta de hals út.
nl.verhalenbank.30488
Der wenne in man yn 'e Dokkumer Wâlden, dy forlear syn frou. Hy moest har bilove, dat hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude opnij.
Doe kaem syn frou yn 'e nacht by him en gong njonken him lizzen. Dan wied er sa binaud, dan waerd er út it bêd weidreaun. Hy krige net in ogenblik rêst mear. Letter is er op 'e souder gien om dêr...
nl.verhalenbank.30515
Wiger Hoekstra wenne op 'e Streek yn Feanwâldsterwâl.
Hy wie tige min, hy moest hjir wei.
Syn beide buormannen wienen soun.
Doe't er op syn stjerbêd lei, sei er: "Ik sjoch hjir fóár my trije lykweinen kommen."
Oan 'e iene kant stoar in buorman fan him en oan 'e oare kant stoar ek in buorman. En hy sèls stoar èk.
De iene gong nei Wiger ta om to sjen. Hy...
nl.verhalenbank.38565
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang!
Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
Der hat op in kear in nachtmerje by ús hynder west. It wie in Belch, hy stie op 'e stâl. Ik seach it hjir oan, it brûs stie it hynder fjouwerfingerbreed op 'e bealch. It dier hie in minne nacht hawn; ik tocht, hy kin sa wol stjerre. As ik dat frommes topakken krije kind hie, hie 't raer gong.
nl.verhalenbank.38606
Op dizze ein 't Suderdjip yn Grins wie it loazjemint fan van der Veen. Dêr kamen ris twa tsiiskooplju út 'e Westerein. Dy troffen elkoar dêr. Ik wie der sels ek. Dy beiden woen net foar elkoar wite hoefolle se dy deis fortsjinne hienen en hoefolle tsiis as se forkocht hienen. Doe krigen se rúzje. 't Wienen Sytse en Alle. De iene krige 't mes en stuts de...
nl.verhalenbank.30519
Bontsje Keke fan 'e Westerein wie mei de helm geboaren. Syn dochter hat har yn in dobbe fordronken. Dat moest Keke fan tofoaren sjen. En syn soan hat him ophong oan in beamke foar hûs. Dat hat er ek fan tofoaren sjoen. Mar hy koe 't net keare. Hy wist dat it gebeure moest. Wit hoe faek moest hy der nachts ôf en der út. Dan waerd er dreaun nei 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.30486
De notarisklerk hat it hiele tsjerkhôf úttekene. Dat wie Berend de Jong. Doe't er de tekening klear hie, is er stoarn.
Hy wie de earste, dy't op it nije tsjerkhôf kaem.
nl.verhalenbank.38569
It is yn 'e Westerein wol gebeurd dat der nachts ien oan kant set waerd, as er op in paed wie. Dan wie der in lykstaesje, dy't er net seach. Men mat noait midden op 'e wei rinne.
nl.verhalenbank.30487
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481