Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west.
De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har.
"Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea.
Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
nl.verhalenbank.24595
Yn Westersân woarde in bern geboaren, dat fleach by de geboarte troch de keamer hinne. It bern koe fuort prate. Mar it bleau net langer as in ûre yn leven. It fleach by de gerdinen omheech en sei: "Als moeder eens wist hoe het met het sterven is." Doe foel it nei ûnderen en it wie dea.
Beppe tsjinne dêr in pear huzen ôf. Dy woarde sa binaud, dat sy hat de...
nl.verhalenbank.19851
Op in joun wie der by de Saiter in persoan, dy woe oerset wurde. 't Wie mistich waer. Oan 'e oare kant lei in aekje. It fanke seach deselde dy't oerset wurde woe en hja gong der mei 't roeiboatsje op ôf. Mar doe waerd se sa kjel, hwant dyselde persoan dy sweefde. 't Wie de Lange Sleatterman. Hja is 't fan kjellens bistoarn.
nl.verhalenbank.29639
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske.
Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net.
Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
nl.verhalenbank.26043
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar.
Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker.
Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!"
Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen.
Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
In man fan Meppel fortelde my ris: Mast noait tinke dat der neat bistiet. Dat ha 'k bileefd, sei er.
Ik kom op in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. Ik wie oan 'e daem ta - 't wie tige stil en 't wie ljochtmoanne - doe hearde ik fuotstappen. 't Wie nuver. As ik stapte, dan hearde ik èk oare fuotstappen. Stie ik stil, dan wie der neat. Sa gong dat...
nl.verhalenbank.25163
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe.
As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
De geast fan 'e forstoarne wurket noch altyd op 'e levende, as dy levende de deade net jown hat hwat him takomt.
nl.verhalenbank.24943
Pake (oan 'e frou har kant) bihandele beppe net bêst.
Trije dagen foar syn dea seach er beppe op 't fuottenein. Doe wie beppe al jierren wei. Letter kom heit by 't bêd en doe sei er hyltyd mar: "Leave memke, leave memke."
nl.verhalenbank.22923
Seach ien in wylde lantearne, dan bitsjutte dat in warskôging foar in ûngelok dat op komst wie.
Spoekgûlen fan hounen tsjut meast op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.33225
As in houn spûkgûlt giet der mei gauwens ien dea, wurdt der altyd sein, en 't komt ek wol faek út. As in katûle earmoedich raest, komt der èk gau in deaden.
nl.verhalenbank.27522
As in houn spûkgûlt, komt der in deaden. Dat gebeurt binnen trije dagen. Sa'n houn sjocht dat.
Op 'e Pipe (to Drachten) hat de houn ek fan tofoaren gûld, doe't âlde Fokke dêr stoarn is.
nl.verhalenbank.29643
Men mat noait hwat oan in stjerrende bilove, hwant it kin us wêze, dat men it net folbringe kin. Dan komt de deade werom en kriget men der lêst fan.
De deade hat dan gjin rêst.
nl.verhalenbank.23018
As in houn spûkgûlt, dan komt der in deaden. Ik ha 't sels fan ûnderfining. Wy hienen in houn dy hiet fan Bruno.
Dy siet op in dei hyltyd to spûkgûlen. Hy hâldde mar noait op. "Dy forrekte houn", sei 'k.
Even letter stoar mem oan in hartforlamming.
nl.verhalenbank.26119
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr.
Dêr hie in frommes har ophong.
nl.verhalenbank.25400
As ien min bihandele wurdt troch in oaren ien en hy komt to forstjerren dan moat dy oare de forstoarne wer sjen.
Nou krekt fiif en fyftich jier lyn wenne der yn Surhuzum in boerke. Hy wenne njonken in smidterij, in eintsje achterút. Hy wenne by syn mem yn. Dat minske wie widdou. 't Wie âlde Piere Mat en sy hie o sa min mei har man kind.
Yn Surhuzum seinen...
nl.verhalenbank.19970
Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern.
It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte.
Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha.
Mar dat die dy man net. Hy joech...
nl.verhalenbank.24556
Der wie in feint, dat wie noch famylje fan my. Dy hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Trije Roede.
Hy hie dêr op in joune west, doe hied er sein: "Sjoch, dêr giet noch ien hinne." 't Like hiel fremd. It sweefde mear as dat it roan.
Hy sei tsjin 't fanke: "Hwat is dat? Dy giet nei jimmes ta."
"Ja," sei se, "dat is ús mem." (Hja wie al in skoft dea)....
nl.verhalenbank.25165