Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Der binne guon, dy wurde mei de helm geboaren. Dy matte lykstaesjes fan tofoaren sjen. Sa'n man ha 'k ek kend to Boarnburgum. Dat wie Hindrik Wybenga. Dy moest der nou en dan nachts út. Dan seach er alle minsken dy't achter 't lyk oan roannen. Dy koed er meast allegear wol en dan wist er meastal èk wol hwa't der stjerre soe. As de lykstaesje der oan kaem...
nl.verhalenbank.36704
As ien net stjerre kin mat men hinnegean en doch in knipke yn it nachthimd, hwant dat is dan op snein makke woarn.
Men mat noait op snein neilknippe, oars groeije de neils net wer oan.
nl.verhalenbank.36937
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen.
Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670
Yn 'e buert fan 'e Poffert en 'e Pankoek oan 't Knjillisdjip ha guon minsken us in stem út it wetter heard. Dat fortelde ús in âld minske. Der woarde sein: "De tijd is verschenen, en de man is der niet."
It duorre even, doe wie der in keardel op in hynder oandraven kom yn fliegende faert. Doe rekke 't hynder op 'e kop yn 'e feart en 't fordronk mei de man...
nl.verhalenbank.24658
Der wie ris in smit, dy wie frijhwat eigenwiis. Hy miende, dat er de allerbêste smit wie fan 'e hiele wrâld. Dêrom liet er boven 'e doar sette: Smid der smeden, meester bovenal.
Mar de duvel woe him dat ris even bitelle sette. Dy forhierde him by dy smit as feint.
Doe kom dêr ris in koetsier, dy hie in hynder foar de wein en dat hynder miste in izer.
Doe...
nl.verhalenbank.32947
Yn Sappemeer wenne in doomny, dy syn frou krige de typhus-koarts. Sy krige it sa bot, dat sy stoar der oan.
Doe moest se bigroeven wurde. Doomny ornearre, sy moest de dikke trouring mar om hâlde en sa biïerdigen se har.
De deagraver hie dy ring sjoen en hy liet it graef iepen. De jouns snie hy har de finger ôf, fanwege de ring omt hy him der oars net ôf...
nl.verhalenbank.23452
Frymitselders hawwe in forboun mei de duvel. Om de safolle jier mat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Jildgebrek ha se noait, dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.36711
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe.
As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Der wie in fanke yn Zevenhuizen, dat woarde samar ynienen slim siik. Alles roun har ôf. Hwat der út kaem, dêr sieten allegearre ielshûden tusken. Hja tochten: sy kin wol ris bitsjoend wêze. Doe toarnden se it holkessen los, en ja, dêr kaem in krâns fan fearren út. Dat wie 't biwiis, dat it fanke bitsjoend wie. Doe hellen se de duvelbanner der by. Dy...
nl.verhalenbank.31652
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage.
Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen.
Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?"
"Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer."
Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
By de Skieding hienen jo twa dobben. Oan 'e iene kant fan 'e wei wie de Janke-dobbe, oan 'e oare kant de Tryntsje-dobbe.
Der wie in sekere Janke, dy hie in feint. Dy feint hie de forkearing mei har út makke, en doe hat Janke har dêr forsûpt. Sa hat dy dobbe de namme fan Janke-dobbe krigen. Sûnt hja har dêr forsûpt hat, spoeket it dêr.
Yn 'e oare dobbe ha...
nl.verhalenbank.26058
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte.
Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
Der wie in frou stoarn, dy hie in ring om 'e finger, dêr siet in tige kostbre stien yn. Dêr kom se mei yn 't graef. 't Wie in soarte fan grafkelder. Der kom in platte stien oer it graef hinne.
Der wie in man, dy hie 't op dy ring bigrepen. Hy wie noch jong en noch net troud.
Hy brekt it graef iepen mei greate muoite, mar hy kin noait dy ring fan 'e finger...
nl.verhalenbank.23451
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet hja sels dea.
In tsjoenster kin har yn in kat of in houn foroarje. Soms forgaderje dy katten; ien hat dan de lieding. Jowt men sa'n kat in pak op 'e bealch, dan bliuwt de tsjoenster de oare deis op bêd lizzen. Dêr kin men oan wite dat men mei in tsjoenster to dwaen hat. Hja bitsjoene meastal...
nl.verhalenbank.36712
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Fan 'e frijmitselders mat der om de sawn jier ien dea. Fan 'e tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.19859
As sigeuners dea geane, smite se allegearre jild op 'e kiste.
nl.verhalenbank.27431