Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer wenne hjir yn Moarmwâld. Dy forlear in famke. Myn op-ien-nei-âldste broer wenne yn 'e Westerein. Dy moest biricht ha. Ik kom dêr in bulte, sadwaende moest ik it ek mar even sizze. Myn eigen fyts hie net in lantearne. 't Wie yn 'e hiele lette hjerst en op 'e joun. Ik liende in fyts yn Ikkerwâld fan in timmerman.
Dêr rekke ik mei nei myn broer ta...
nl.verhalenbank.24316
As ien stoar en men joech in deade net mei, dêr't er rjocht op hie, lyk as in festje of in himd of sa, dan krige dy deade gjin rêst. Dan kom er wer en spokke.
nl.verhalenbank.23708
Guon dy't in helm ha, wurdt der sein binne kûgelfrij. Ik haw ek wol heard dat it skip fan in skipper, dy't in helm hat, noait forgiet.
Frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der biweard. Sy ha altyd sinten, dat komt, sy ha in wikseldaelder. Dy rekket noait op.
As se jild brûke matte hingje se jouns in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare...
nl.verhalenbank.24214
Dy't klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne as sy komme ta stjerren, dan wol de dea net earder komme, of sy matte der earst yn knippe.
As se in moart dien ha, dan bikenne se dat sekuer op it stjerbêd, earder gean se de dea net yn.
nl.verhalenbank.24215
Yn Driezum wennen in man en in frou, dy hienen gjin bern. De man woarde siik en de dokter moest komme. De man woarde minder en stoar.
De buorren kommen en biklaeiden him. De oare deis soed er yn 'e kiste. Mar de frou sei: "Ik wol him sa net yn 'e kiste ha. Hy hat in lyts read plakje yn 't wang. Ik wol earst dokter der by ha." Hy lei op it strie yn 't...
nl.verhalenbank.24371
To Feanwâlden, op 'e hoeke fan 'e Westerwâl wenne Fokke Boonstra. Hy wie bakker en wie ôfkomstich fan Burgum. Hy sutele altyd mei syn breaspullen en hie ek klanten yn Burgum sitten en dêromhinne.
"t Wie op in winter en 't iis wie sterk. Doe fytste Boonstra oer de Burgumermar, om gauwer by syn klanten to wêzen. Dat die er altyd as it sterk iis wie, hwant...
nl.verhalenbank.24219
Hjir wie in bern, dat wie slim siik. Doe gongen se nei Wopke ta, mar dy sei: "Jimme komme to let, jimme hienen in pear dagen earder komme matten. 't Bern is to folle bitsjoend." 't Wie ek sa, it bern stoar.
nl.verhalenbank.23713
Berntsjes dy't stoarn binne en gjin bjirklean meikrigen ha, kinne de rêst net fine. Dy komme wer.
nl.verhalenbank.24322
Frijmitselers binne kûgelfrij. Sy ha noait gebrek oan sinten. Mar sy kinne net wer by har partij wei. Om 'e safolle jier mat der ien dea. En sy matte it kristendom ôfswarre.
nl.verhalenbank.23712
Dy't net ta stjerren komme kin hat soms klean oan dy't op snein makke woarn binne. Of hy hat in moart op syn geweten, dy't er noait bekend hat. Dan mat er dat earst sizze, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.23717
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea.
Se dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.23715