Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der stienen us guon by de brêge fan 't ld Djip to Beetstersweach. Doe hearden se dat der sein woarde: "De tijd is der wel, de man is der niet." Even letter kom der in man op 'e brêge. Dy rekke der by del en kom yn 't wetter tolânne, dêr't er yn fordronken is.
nl.verhalenbank.28263
Yn Jobbegea stie in hûs dêr woarde elke joun yn kloppe.
It klopjen bigong altyd om deselde tiid. Der wie yn dat hûs ris in kear in bern formoarde. Dêrtroch spûke it. De geest fan dat bern kloppe. Us mem fortelde it.
nl.verhalenbank.28276
Der wienen ek minsken, dy bitsjoenden de bargen. Dan woenen dy net mear frette en woarden siik. Sy hoefden allinne mar nei de bargen to sjen, dan wie 't al mis. Sy hoefden har net iens oan to reitsjen. 't Is faek gebeurd yn Jobbegea.
It wienen sawol manlju as froulju dy't it dienen. Kwea-minsken neamden se sokken.
nl.verhalenbank.28272
Myn âlden plichten to sizzen: Der lizze mear bern op 't tsjerkhôf dy't deatsjoend binne as dy't oan in oare sykte stoarn binne.
De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel om feilich foar de tsjoensters to wêzen.
nl.verhalenbank.28273
As eksters by jin op it hiem komme en dy bigjinne to skatterjen, dan bringe se in tiding fan 'e dea.
nl.verhalenbank.28259
Alde Sybren Hofstra fan Aldskoat siet yn 't lêst fan syn leven altyd yn 't fjûr to hâlden. Dêr wied er binaud foar, hwant hy hie sjoen dat er nochris forbrânne soe.
Op in kear siet er yn 't lân ûnder in koe to melken. It woarde swier waer en hy woarde troffen troch 't fjûr fan 'e wjerljocht.
nl.verhalenbank.28264
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. As der in krâns dien wie gong deselde dy't der op slepte dea.
nl.verhalenbank.28364
Der wennen in man en in frou yn Jobbegea. De frou kom to forstjerren. Doe bleau dy man allinnich oer. Hy hie syn frou hwat biloofd, dat er dwaen soe, mar dat die er net. Hy hâldde him dus net oan syn bilofte. Doe kom dy frou werom.
De man siet op it húske bûtendoar. Wylst kom de frou fóár him to stean. Sy sei tsjin him dat er net neikom wie hwat er...
nl.verhalenbank.28414
Krije jo hwat fan in tsjoenster en jo ite it op, dan kin it gebeure dat jo in pod yn jo lichem krije. As dat it gefal is, dan geane jo der oan.
nl.verhalenbank.28415
Alde Hofstra fan Skoat is troch de wjerljocht forûngelokke. Dat hat er sels allegear fan tofoaren sjoen. "Allegear fjûr", sei er. Wylst er ûnder in koe siet woarde er troffen.
nl.verhalenbank.28354
Minsken dy't net stjerre kinne ha op har stjerbêd klean oan dy't op snein makke woarn binne. Dat is sûnde.
nl.verhalenbank.28420