Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In sémearmin is heal fisk, heal minske. 't Is in sirene.
Se kinne tige sjonge, dat klinkt hiel moai yn 'e fierte.
Mei har gesang lokje se de sélju oan. Dy wurde dan troch de baren forslonden. Dêr is 't har krekt om to dwaen.
As der in sémearmin sjoen wurdt, wurdt it swier waer.
Dan forgiet it skip.
Sémearminnen dogge wolris foarspellings.
nl.verhalenbank.26071
Wylde lantearnen bitsjutten min waer.
"Dêr komt skielk in nij hûs to stean", seinen de minsken, as se in wylde lantearne seagen.
As de bijkers in wylde lantearne seagen, seinen se: "Nou is 't fan 't jier neat wurdich mei de heide."
Stoar der in bijker, dan woarden de bijekuorren forset. Doe't der in bijker stoarn is, dy't ik wol kend ha, seinen se, dat de...
nl.verhalenbank.26076
Ik wie sahwat in sawntsjin, achtsjin jier, doe wenne ik op 'e Gordyk as bakkersfeintsje. Myn domisily hie 'k yn Boarnburgum. Dêr yn 'e Gordyk wie in frou ûnforwacht stoarn. De forhâlding tusken har en har man hie tige min west. Der wie ien jonkje, dat hie gjin forstân.
Doe't dy frou stoarn wie, kom se jouns by skimertiid werom. Guon ha har sjoen. Ik bin...
nl.verhalenbank.25679
Berntsjes dy't gjin deaklean oan krige ha by de dea, hawwe gjin rêst. Dy dwelmje om.
nl.verhalenbank.25680
Hjir ha guon wenne, dy wienen mei de helm geboaren. Dy koenen dan sizze binnen hoefolle dagen der wer in deaden yn Boarnburgum wêze koe. Sy seagen de lykstaesjes foarút. Nachts moesten sy der dan út.
Wie der ien dea, dan sei sa'n ien: "Ik ha 't wol sjoen."
nl.verhalenbank.25672
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25671
Om 1900 hinne wennen hjir minsken dy wienen ôfkomstich út 'e Westerein. Dy leauden sterk oan tsjoenen. Sy kommen yn 'e kunde mei in frou dy't hjir wenne en dy't ek faek oer tsjoenen praette. Sy gong èk foar in tsjoenster tròch.
Dy minsken út 'e Westerein hienen in jonkje en dat rekke siik. Sy seinen: dat hat dy frou dien.
Dat minske nom dêr gjin genoegen...
nl.verhalenbank.25670
Op Teade-hoekje ûnder Drachten is ris ien formoarde woarn. Dat wie Teade Wagenaar, dêrfandinne de namme.
Sûnt dat gebeurd is, spûket Teade dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.25677
Ik ha wol gauris heard, dy't op syn stjerbêd hwat oan hat, dat op snein naeid is kin net stjerre.
nl.verhalenbank.25689
As in houn spûkgûlt leit der ien op stjerren, sizze se.
nl.verhalenbank.25676