Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
As de minsken op har stjerbêd klean oan ha, dy't op snein makke binne, kinne se net stjerre. Dat hat heit meimakke.
nl.verhalenbank.29340
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út.
Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
Fan heit en dy ha 'k wol heard, dat der wienen froeger wol minsken dy lieten in spylkaert út gean. Dy moest in flesse drank ophelje. Mar o wé, sei heit, as se dy flesse mei drank net oankrigen, dan kommen se der net levend foarwei.
nl.verhalenbank.15874
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
nl.verhalenbank.29343
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe.
Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Myn man wie in jonge fan sa'n sawntsjin jier. Der wenne in âld minske yn 'e buert, dy hie twa dochters. Ien fan dy famkes wie ûngelokkich, it minske droech har altyd op 'e rêch.
Op in nacht kom myn man dêr us lâns, doe seach er dêr in lykstaesje. In skoftsje letter stoar dat ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.23519
As men ien hwat biloofd hat en men komt it net nei en dyselde komt to forstjerren, dan komt dyselde letter werom.
nl.verhalenbank.23910
Jehanne, de frou fan Japik Nauta hjiroer, rekke siik. Sy masteren mei greate Wopke fan Kûkherne.
Japik gong ris op in kear nei Wopke ta om drank to heljen. Hy wie to foet. Wopke joech him in drankje foar Jehanne mei. Mar hy sei: Pas goed op, hwant jo krije lêst ûnderweis. Jo matte de drank goed opbergje. Doch it ûnder 'e jas. Der meije foaral gjin...
nl.verhalenbank.15905
't Gebeurt wol us dat minsken net stjerre kinne, as se hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan matte se in knip yn it guod dwaen.
nl.verhalenbank.25805
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen.
Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend.
Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne.
As Tet dy drank seach gong er stikken.
Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op."
As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
Op in kear kom myn man op in joun let thús. Hy wie noch net troud. Doe seach er njonken har hûs yn 'e daem in kistje stean. Hy taestte der mei syn hân nei mar de hân gong der dwars trochhinne en doe wie it kistje ek wer fuort.
Njonken myn man har folk wennen minsken, dy hienen in fremd famke yn 'e hûs, dat wie dêr bisteld. Dat hienen se dêr yn 'e kost....
nl.verhalenbank.23520
Knjillis Det (= Detsje de Haan, frou fan Knjillis Alma) wie yn har jonge jierren in raren. Yn 't earst fan har trouwen gong 't dêr altyd op in kaertspyljen en in sûpen. Dan die Det dapper mei. Mar doe't se in bern ha moest, krige se in famke, dat hie allegear skoppens en azen en klavers om 't gesicht. It wie wol sa'n raer berntsje; ús mem hat der hinne...
nl.verhalenbank.29379
Alde Piters Antsje wie de beppe fan myn man. Dat wie in tsjoenster.
Gradus en Wyts (dat wienen myn man syn âlden) soenen nei 't boulân ta. Doe bea âlde Antsje har oan, sy soe salang wol op lytse Antsje passe. Dat wie dus har bernsbern en namgenoat. 't Wie in suster fan myn man.
It bern wie siik en skoanmem sei: "Jo matte der al even om tinke, dat it bern...
nl.verhalenbank.20703
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
As ien op stjerren leit en der mist ien fan 'e famylje, dy't er noch graech sjen wol, dan kin dyselde net ta stjerren komme. Sa'n ien mat dan earst by de stjerrende komme. Dy seit er dan dach en dan blaest er de lêste siken út.
Us beppe sei, foar it deakleed woarde altyd safolle guod bisteld. Dan gebeurde it wolris, dat de biklaeijers der in stik by wei...
nl.verhalenbank.21225
Ruerde Saek helle saterdeijouns altyd boadskippen op yn in âlde sek. Dy boadskippen forkocht se dan wer. Sy wenne yn 'e Smoarhoeke.
Op in kear doe hie se wer boadskippen kocht. Doe't se op 'e Fûgelkamp wie, bleau se stean. 't Wie tichte by de keet fan Albert en Tet.
Doe seach se in lykstaesje. De minsken dy't achter it lyk oanroannen, koe se wol.
Krekt yn...
nl.verhalenbank.22304
Ik ha ús mem nei har dea sjoen mei de deadsklean oan.
nl.verhalenbank.12359
Us mem hat wolris forteld, dat guon in lûd hearden dat út it wetter wei kom - dan moest der ien forsûpe.
Even letter kom der ien oanriden en dy rekke yn 't wetter en forsûpte. Ik wyt net mear hwer't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.29332