Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
134 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Boelenslaan
It is sahwat sechstich jier lyn, doe wenne hjir in skuonmakker. Deis wied er altyd oan 't skuonmeitsjen en jouns brocht er de skuon bylâns op 'e karre. Syn dochter Jeltsje gong dan faek mei. "Op in joun," fortelde Jeltsje, "rieden wy op it rjochte ein tusken Boelensloane en Blauhûs. Doe woenen de hounen ynienen net in stap fierder gean. Heit sei: - Kom...
nl.verhalenbank.32418
It is nou krekt seis en tritich jier lyn. Wy wennen yn Koatstertille. Myn wiif koe dy nachts net sliepe. Sy sei: "Der rint hyltyd ien om hûs hinne. Krekt as rint dyselde hoasfuotling." Hja hat de hiele nacht net slept. Om fjouwer ûre yn 'e moarn kom har broer by ús. Hy sei: "Us Tryn en dy's jonkje is fannacht oerriden woarn troch in molkwein." 't Gebeurde...
nl.verhalenbank.28330
Doe't de oarloch fan 1914 op '18 útbruts hie Boardzer Bruining in fisioen. Hy stie boven op 'e skerne en rôp: "Ik sjoch allegearre bloed! 't Wurdt in sé fan bloed! Alles giet dea!" Hy hie de froulju út 'e Boelensloane deabinaud, hwaens manlju opkomme moesten
nl.verhalenbank.17671
Yn Drachtster Kompenije wienen 't froeger allegear bartsjes. Dêr wenne yn dy tiid in man, dy moast der nachts wit hoe faek ôf, dan moast er lykstaesjes sjen. Dan roan er de feart del oer al dy bartsjes hinne. As er it dan sjoen hie gong er wer op hûs ta. Hy wist altyd krekt hwa't der stjerre soe. 't Kom grif út. Even letter stoar deselde dan, dêr't hy de...
nl.verhalenbank.36046
As jo fan snoek drome dan komt der èk in deaden. Hwat moaijer de fisk is, hwat tichter de deade yn 'e famylje is. As jo drome fan in slange, dan geane jo mei falske minsken om.
nl.verhalenbank.28287
As der in ekster by 't glês komt bitsjut dat ek in deaden. De ekster is dan de boade. It is like folle as in roubrief. As in ekster op it hiem omskattert wol er ek in tiding bringe. Mar dan hoeft it net in minne tiding to wêzen. In jier of hwat lyn skattere hjir ek in ekster om. Doe hie myn dochter in lytsen krigen. Dat wie 't nijs, dat er bringe woe.
nl.verhalenbank.28085
Myn neef Wessel wenne yn it Wyldfjild. Hy fortelde my: Ik gong altyd in bulte to streupen. As ik nachts thús kom, wienen 't by ús allegearre katten om 'e doar. Baeije, myn wiif wie altyd siik. Dy tsjirme. As ik dan nachts dy katten allegear seach, koe 'k it net litte en sjit der op. "Skeatstû noch?" sei Baeije dan. "Ja," sei 'k, "ik woe de patroanen út it...
nl.verhalenbank.24697
Piter Claus fortelde my, hy wie ris yn syn jonge jierren nei de faem ta west nei 't Wytfean. Doe wie der him yn 'e Rottefalle in lykstaesje passeard. Letter seach er dyselde lykstaesje wer by dei.
nl.verhalenbank.24696
Us mem sei altyd as der in houn oan 't spûkgûlen wie koe men der mar fan op oan dat der in deaden op 'e buert kom. Der binne nòch in hiele protte lju dy't dat leauwe.
nl.verhalenbank.28084
As jo fan in hynder drome, dan komt der in deaden. Ik lei op in kear op bêd. 't Wie midden yn 'e nacht. Ik hearde de hynders dúdlik rinnen. En ik seach se klear foar my. Ik seach se foar de doar lâns gean. Ik tocht: nou komt der hwat. De oare wyks stoar it jonkje fan ús Piter. De hynders dy't ik sjoen en heard hie, wienen de hynders fan 'e lykkoets.
nl.verhalenbank.28286
In broer fan my soe ris op in kear nei de faem ta. Dy wenne yn 'e Bûtenpostumer mieden. Doe't er by 't brechje kom, dêr't er oer moest, flak by 't hûs dêr't syn faem wenne, wie dêr in lykstaesje. Myn broer woarde oan kant set, hwant dy lykstaesje moest by him lâns. In pear wiken letter stoar de beppe fan syn faem, dy't by har ynwenne. Dêr hie myn broer de...
nl.verhalenbank.28331
De jouns foardat myn frou stoar, seach ik har as in lyk. Ik hie 't gefoel dat se dea wie en dochs is se de oare deis pas stoarn.
nl.verhalenbank.23933
Doe't Piter Scheper stoar [yn] 1951 kom syn dochter Sjoukje yn it hûs to wenjen. Hja wie troud en hie in pear bern. Earst gong it goed, de man hie fytsmakkerije, mar op 't lêst wie 't allegear forkeard. Hy wie net earlik tsjinoer syn frou, sy hienen faek rúzje en al sa mear. Op in nacht woarde der yn dat hûs op it aambeeld slein en der woarde mei de...
nl.verhalenbank.24912
Myn suster en ik wienen bern fan sa'n sechtsjin jier. Wy gongen nei in winkeltsje to boadskipjen, by de wâl lâns. 't Wie op 'e joun. Doe seagen wy in bigraffenis. Wy seinen der thús neat fan. Koart dêrnei woarde muoike dêr wei droegen.
nl.verhalenbank.24613
35