Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
62 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Buitenpost
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
nl.verhalenbank.30962
As eksters skatteren by hûs, dan wie der binnen de 3 dagen in deaden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32191
Der wenne ien yn 'e Westerein, dy hie de kweade hân. Dy koenen se net ergens by 't fé litte. Hy tsjoende alle bargen samar dea.
nl.verhalenbank.19470
Sibe van der Veen wie boade fan 'e bigraffenis yn Harkema. "Op in joun," sei er, "kom der in lykstaesje oan. Ik waerd oan kant set. Ik seach alles. Ik wist ek wol hwa't de deade wie. Doe't de lykstaesje foarby wie, koe 'k wer op 'e wei komme."
nl.verhalenbank.19464
Bloedplakken dy't by in moard ûntstean, kin men net wer útwiskje. Dy bliuwe ivich sitten. Dat haw ik faek fortellen heard.
nl.verhalenbank.30975
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy wie blau om 'e kop doe't se dea wie en sa slop as in flarde. Wy ieten as bern noait hwat fan har op, hwant dan krigen wy in pod yn 't liif seinen se.
nl.verhalenbank.19465
In tsjoenster mat ien kear yn 'e sawn jier ien dea meitsje, oars giet se der sels oan. Dêr't sawn froulju op elkoar folgje is ien in tsjoenster fan.
nl.verhalenbank.19475
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage." Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
Oan dizz' kant Grins stie in slot. Dêr wenne in skatrike keardel yn. As dêr skoaijers en skoaisters kommen, dan krigen dy dêr hwat to drinken. Wie't drinken op, dan sei er: "Wolle jimme myn fé us sjen?" En dan brocht er dy minsken nei de stâl. Dêr wie 't ien great gejammer fan minsken. Hwant alle skoaijers, dy't dêr kommen, dy boun er dêr op 'e stâl fêst...
nl.verhalenbank.20169
Wy wienen as bern machtich yn 'e hûs. In stik of hwat fan ús binne bitsjoend west. Der wienen krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând, mar guon fan 'e bern wienen al to fier hinne. Fjouwer binne deatsjoend. It wie it wurk fan Stammerige Harm. Der sieten yn 'e krânsen lapkes mei bloed, dy't de bern om in seare finger hawn hienen en der siet ek stoptried...
nl.verhalenbank.22971
Hat ien op syn stjerbêd in himd of sa oan dat se op snein naeid ha, dan kin er net stjerre. Dan matte se in knip yn it himd dwaen.
nl.verhalenbank.22959
In minske mat nachts net midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin 't gebeure dat er foar by in lykwein oprint en der achter by delfalt, en dan kin er in rare smeet meitsje.
nl.verhalenbank.22970
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte. Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Steffen Veenstra wie mei de helm geboaren. Dy moest der yn 'e nacht út. Dan seach er lykstaesjes. Hy wist altyd fan tofoaren as der wer ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.20020
Ik haw ien kend, dy is ris troch in lykstaesje oan kant set. 't Gebeurde by nacht. Hy hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.30970
Op 'e Streek yn Feanwâldsterwâl wenne Fije Antsje. Dat wie in tsjoenster. Dêr wennen in pear berntsjes neist har, dêr wie de mem fan overleden. Dy berntsjes wienen net feilich foar har. Hja wienen deabinaud foar Antsje. Der kamen krânsen by dy bern yn 'e fearrene kessens. Se ha der mei nei Wopke fan Kûkherne west.
nl.verhalenbank.38453
Dy't net stjerre kin hat hwat oan dat op snein makke is. Wy mochten thús op snein net heal naeije. As wy de nuddel yn 't guod stutsen, dan stutsen wy mei elk stekje de Heare Jezus mei de nuddel yn 't gesicht.
nl.verhalenbank.36318
As in houn oan't spûkgûlen wie, dan bitsjutte dat dat der ien op stjerren lei.
nl.verhalenbank.32194
Koe ien dy't op syn stjerbêd lei net ta stjerren komme, dan waerd der sein: "Der sit hwat oan, dat op snein naeid is."
nl.verhalenbank.38452
Der ha guon wenne op 'e Langeloane to Noardermar, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen lykstaesjes fan tofoaren. Der wenne yn Burgum ek ien, dy wist fan tofoaren dat der ien forsûpe soe. Dat hied er sjoen. 't Is ek útkom.
nl.verhalenbank.28641
35