Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen.
Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Myn beppe, âlde Bouke Dootjes syn frou, dy lei op bêd, mar sy koe net weireitsje. It roan om 't lêste. Twa dagen lei se nei de siken to gapjen.
"Is der ek hwat," sei buorfrou Jitske, "dat se op snein makke hat?"
"Miskien wol", seinen se.
Doe ha se yn al har guod in knip dien.
Doe't dat gebeurd wie stoar beppe opslach.
nl.verhalenbank.24689
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy hie yn in koartstondige tiid twa bern forlern. It minske sukkele sels. Twa bern hie se oerhâlden, in jonge en in famke.
Doe wienen dy beide bern us oan 't boartsjen by 't sângat.
't Frommes dy't it my fortelde wie in suster fan dy frou.
Hja hie tsjin dy suster sein: "Nou is dat sjesa. Ik bin hjir net lang mear....
nl.verhalenbank.25582
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar.
Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker.
Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!"
Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen.
Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
nl.verhalenbank.19858
Dy't op syn stjerbêd klean oan hat dy't op snein makke binne kin net stjerre.
nl.verhalenbank.36661
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen.
De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen.
Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west.
De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har.
"Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Yn Kloosterburen wie in keppeltsje folk by de boer oan 't wurk. 't Wie snein en it reinde. Auke Pultrum en Boardzer Bruining fan Boelensloane wienen der ek by.
Boardzer sei: "Wy forfele ús. Sil ik jim de kaert lizze?"
Doe helle der in spul kaerten foar den dach.
"Lûk dêr mar guon út", sei er.
"Heden," sei er doe, "ik ha iderkear in swart mantsje mei in...
nl.verhalenbank.25219
Ik ha forkearing hawn, ik bin net mei har troud, mar ik ha in soan by har woan. Sy is fuort dêrnei stoarn.
Doe't se noch leefde, kom ik by in kaertlizter. Dy sei: ik hie har net lang mear. Mar ik soe in oaren ien treffe op in rûm ein wei.
Dat is allegear útkom. 't Hie hurdsilen west yn Grou, doe trof ik dêr op 'e wei ien.
nl.verhalenbank.25580
Tiense Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: "Ik mat alles sjen."
Doe't der ris in jongeman stoarn wie, sei er fan tofoaren al: "Ik ha de bigraffenis sjoen. Deselde dy't stjert wennet op 't plak dêr't Houtigehage yn Boelensloane oanslút." 't Is dy en dy, sei er. It kloppe as in bus.
nl.verhalenbank.29386
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!"
Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier.
De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels.
Doe't de dochter har seach, woarde se...
nl.verhalenbank.29387
Myn neef Wessel Gal wie in kear op 'e wei, doe moest er oerside, hwant der kom in lykstaesje oan.
De èchte lykstaesje wie pas in dei of hwat letter.
Hy hat ek fan to foaren sjoen dat se syn earste wiif biklaeiden.
nl.verhalenbank.25218
Achter ús folk wennen oan 'e Houtigehaechster wyk Japik en Jitske. Jitske wie noait goed. De buorfrou kom by har.
Dy sei: "Ik ha in eachje yn 't seil hâlden. Jouns komt hjir altyd in grouwe siferse kat."
"Noustû 't seiste, ja," sei Japik, "dy komt alle jounen by ús yn 't finsterbank to spinnen."
Buorfrou sei: "Dy docht it dat sy hjir op bêd leit. Dàt is...
nl.verhalenbank.25620
Het in minske op syn stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Men mat dan in knip yn dat klaeijingstik dwaen.
nl.verhalenbank.19867
Yn Twizelerheide wenne in widdou. Dy hie twa berntsjes hawn en der waerd wol sein, dat hja dy beide berntsjes sels fan kant makke hie.
Alle jounen tusken skimer en tsjuster kom dy man mei de berntsjes der oan. Dy koenen de rêst net fine.
nl.verhalenbank.19324
Hoe't men in wikseldaelder krijt:
As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe.
Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
Myn suster op 'e Harste yn Sumar hat yndertiid alhiel ûnforwacht in famke fan trettsjin jier forlern.
Us mem seach nachts wol gau us bigraffenisstoeten en sa. Sa seach se de wyks foardat it famke stoar yn 'e nacht ús heit alhiel yn 't swart by de Sumarre tsjerke hinne en wer kuijerjen.
It kom krekt sa út. Doe't it famke forstoarn is - in wike letter - hat...
nl.verhalenbank.21384
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju."
Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net."
It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Ik wenne yn 'e Boelensloane by Bareld Bijma yn 't keammerke. Wy wienen krekt troud. Wy wienen sahwat seis en twintich jier en hienen al in pear bern.
't Is nou sa'n fyftich jier lyn.
Wy leinen op bêd. Doe sei 'k tsjin myn frou: "Ik ha hjir in kistje yn 'e hûs sjoen. Dêr matte wy oerhinne stappe as wy fan 't bêd ôfkomme.
Sawn jier letter ha wy in jonkje...
nl.verhalenbank.22934