Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
62 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Burgum
Op 'e Nijebrêge wenne in âld wiif, dat tsjoene koe. Doe't se fuortgong ha se har de nekke omdraeid. Dat wie fansels it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.29683
Op 'e Simmerdyk yn Burgum is froeger in poep formoarde woarn. Sy ha him bigroeven oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Sy ha dêr in krús makke troch de pôllen gjers dêr wei to dollen. Sûnt wol dêr gjin gjers wer groeije.
nl.verhalenbank.27647
Skoppenboer bringt immen yn great gefaer of hy bringt de dea.
nl.verhalenbank.31025
Spûkgûlde in houn, dan bitsjutte dat dat der in minske yn dy buert stjerre soe.
nl.verhalenbank.31971
Op Feanwâldsterwâl wenne Úlke v.d. Meer. Dy neamden se Úlke Bok omdat er altyd bokken en geiten hie. Ik ha him wol kend. Hy wie bot oan 'e drank. Hy sûpte sa, sei er, omdat er mei de helm geboaren wie. Hy wie altyd fuort op 'e fyts. Hy mocht graech by sé wêze. Dan seach er de dingen net. Oars seach er altyd lykstaesjes. Hy wist altyd fan to foaren as der...
nl.verhalenbank.31018
Frijmitselers binne minsken dy't in forboun mei de duvel ha. Jild ha se altyd genôch om hannen. Om 'e safolle jier mat der ien dea. Dy is dan foar de duvel.
nl.verhalenbank.31187
By in moart wol it bloed net wer fan 'e plakken ôf, dêr't it tolânne kaem, haw ik faek sizzen heard.
nl.verhalenbank.31193
Yn Ljouwert, yn 't steechje tsjin 't froegere stêdssikenhus oer, wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Ik wyt net of er noch leeft. Midden yn 'e nacht woarde er út bêd wei roppen en dan moest hy der út om to sjen. Soms moest er hiele einen rinne. Sokke minsken kinne dan net lizzen bliuwe. Dy man út Ljouwert seach dan in lykstaesje. Dan wist er hwa't...
nl.verhalenbank.38145
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. By de Falom stie in slot. De âlde mynhear dy't dêr yn wenne wie tige ryk. Dêr logearden nachts wolris guon. Dan hellen se fan alles út. Der wurdt biweard dat der wol ris guon deamakke waerden. Dy waerden dan biroofd. Dêr waerd dy âlde mynhear sa ryk fan. Letter spokke it dêr. De kelder ha se útgroeven...
nl.verhalenbank.29666
Der wie in boer, dy wie earm. Doe forkocht er him oan 'e duvel. Doe wie de earmoed oer: elk dinkje dat er optilde siet jild ûnder. Mar hy woe wol ûnder 'e duvel wei, hy hie op it lêst jild genôch. Op in kear droomde er. Hy kaem yn in moaije feestsael. 't Wie dêr allegear pracht en prael, en 't gong drok op in feestjen. Hy die der sels ek oan mei. Midden...
nl.verhalenbank.31029
Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander. Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard. Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan...
nl.verhalenbank.31015
Yn Ychtenerbrêge (Echtenerbrug) sieten us trije man yn 'e herberge by in slokje. It wienen o sokke rûge mannen. Sy leauden gjin fan trijen oan 't opperwezen. De iene sei: "As der in God is, dan soe 'k wol us tekens sjen wolle oan myn bern." Dy man hiet Rouke Kuipers. Hy is letter troud en hat fiif bern hawn, dêr't alle fiif hwat oan skeelde. De âldste...
nl.verhalenbank.23612
Oan 'e Langeastloane is 't Klaesboskje. Dêr hat ien him ris ophong. Sûnt hinget er altyd jouns oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.31404
Der wie in dûmny dy seach op in kear in blêd tsjin it glês oan by him yn 'e pasterije. 't Wie it blêd fan in beam. Hy lies dêr út, dat syn libbensrin binnen tsien dagen ôfroun wêze soe.
nl.verhalenbank.31604
Ik haw ús heit froeger wolris fortellen heard oer in stim út it wetter dy't sei dat der ien forwachte waerd, en dat der dan even letter ien yn dat wetter forsûpte. Sa'n ien waerd dêrhinne dreaun.
nl.verhalenbank.31176
Myn skoanmem wenne yn den Haech. Op in joun siet se mei de bern yn 'e keamer. Doe seagen de bern har ynienen bleek wurden. "Hwat is der, mem?" frege ien. "Ik seach hjir sakrekt in swarte houn," sei se, "dy roun om 'e tafel hinne en is der doe wer útgien troch dy doar. Dy houn bringt it boadskip, dat der gau ien út 'e famylje deagean sil." In pear dagen...
nl.verhalenbank.31228
Yn Burgumerheide is in poel, dy't net to bidjipjen is. Yn Burgumerheide is ris in bern fordronken. Letter ware dat bern dêr soms om. Guon ha dat sjoen.
nl.verhalenbank.31200
Alde Jan Abrahams van der Werf fan Sumar fortelde ús - doe wienen wy noch bern - : De kant nei de krúswetters út ried in man op it iis. Hy wie allinne. Doe hearde er samar ynienen in lûd: De tijd is er, de man is er niet. Hy woarde kjel en seach om him hinne, hwer't dat lûd wei kom. Hy bleau stean, mar der wie nergens hwat to sjen. Doe kom der ien...
nl.verhalenbank.23604
Wy hawwe in broer hawn, dy hiet fan Okke. Hy is fordronken wylst er to riden wie op 't iis. Ik en myn suster slepten yn 'e keamer hjir foar yn 't bêdsté. Wy ha in pear nachten fan tofoaren alles dúdlik heard. Wy hearden guon by de doar kommen en ien dy't hiel bot kleide. In nacht letter hearden wy dat guon de fuotten fagen by de foardoar en dat der hwat...
nl.verhalenbank.23611
Der libbe in boer, dy hie in faem, dat wie in slaapwandelaarster. Hja kaem fan Tsjum. Earst hie de boer dêr neat fan yn 'e rekken. Mar it nuvere wie, as hy de moarns fan bêd kaem en sy gongen it lân yn om de kij nei de jister to driuwen om se to melken, dan wienen dy kij al yn 'e jister. Dat hie dy faem al dien as se de nachts fan bêd kaem to...
nl.verhalenbank.31615
35