Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean."
Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei."
Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie.
Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
Yn Wierum wennen twa kammeraden. De iene stoar. De oare gong op in kear, doe't er dronken wie, nei 't tsjerkhôf, nei 't grêf, dêr't syn kammeraed biïerdige wie.
Doe sei er: "Hwat dochstou hjir? Ik bleau leaver op sé yn tsien fiem wetter as dat ik hjir lei."
Fuort dêrnei gong er nei sé to fiskjen op 't skip. 't Wie blêdstil waer. Hy rekke oer board en de...
nl.verhalenbank.28104
Hjir tichteby stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in popke. Dat wie tige siik. Elkenien koe sjen dat it net goed kom. Dat popke rekke wei.
Al in pear jounen fan tofoaren gong dêr in âld houn nei dat hûs ta en dy siet dêr de hiele joun foar dat hûs to spookgûlen. Se jagen him fuort, mar even letter wie hy der wer en dan gong 't wer op in...
nl.verhalenbank.27815
Aeltsje wenne ek yn Moddergat. It wie in tsjoenster. Sy hie har eigen soan bitsjoend. It bern stoar. Hja hie hiele rare eagen yn 'e kop. Doe't it bern stoar sei se:
Eén uur van onbedachtzaamheid
kan maken dat men jaren schreit.
nl.verhalenbank.27949
Hjir hat in frou wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Hja wist altyd as der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.27817
Sémearminnen koenen moai sjonge. As de skipper ien seach forgong 't skip. Sy lokken de manlju yn sé. Dan fordronken dy.
nl.verhalenbank.27859
In sweager fan my fortelde my, der wennen twa kammeraten yn Wierum. De iene stoar en kaem to Wierum op 't tsjerkhôf.
De oare kammeraet, dy't oerbleau mocht tige graech in slokje. Op in kear gong er dronken nei 't tsjerkhôf ta nei it grêf fan syn kammeraet. Hy wie ek fiskerman en hy sei 't dêr raer op by it grêf: flokke en mâltjirgje.
"Hwerom leistou hjir...
nl.verhalenbank.27855
Ik ha wolris heard dat der guon wienen, dy hienen de kweade hân. Dy koenen it fé samar siik meitsje en dan stoaren de dieren op 't lêst.
nl.verhalenbank.27953
Om 'e sawn jier moat in tsjoenster op syn minst ien deatsjoene, oars moat se stjerre.
Tsjoensters foroarje har soms yn katten. Sa hâlde se ek forgaderingen ûnder lieding fan ien. Dan sjonge se ek.
nl.verhalenbank.27952
Sémearminnen húsmannen yn 'e sé, mar hjir net by de kust. Mear fierderop. Sy koenen moai sjonge. Dêr lokten se de manlju mei. Dy sprongen oer board en fordronken.
Seagen de minsken op sé sa'n sémearmin, dan soe it skip forsinke, ha se my wolris forteld.
nl.verhalenbank.27824
Njonken ús wennen in man en in frou. Dy hienen twa soannen. Op in joun let wienen se ûnderweis nei hûs ta. Hja roannen op 'e dyk lâns, hwant beneden wie de wei smoarch. 't Wie slim modderich. Doe woarden se ynienen allebeide by de dyk delsmiten.
In pear dagen letter forstoar dy jonges har mem. Omdat it paed sa smoarch wie, gongen se mei 't lyk op 'e dyk....
nl.verhalenbank.27818
Dy't op sé siik wurdt oan board, wurdt oan 'e wâl net wer better. De sé wol gjin sike minsken ha. Sy stjerre wol op sé, mar wurde net wer better.
nl.verhalenbank.28126
Markus Rispens wenne yn Ljussens. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy die noait hwat foar de kost. En doch hied er in brein leven. Hy libbe der rejael fan. Hy handele allinne mar in bytsje. Altyd hied er jild om hannen.
Mar hy is in wûndere dea stoarn. Hy is fallen en hat sa de nekke brutsen.
nl.verhalenbank.27836