Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: sterke(?) Narrator Gender: male Place of Narration: Opende
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear kom der ien by him, doe wie er oan 't ploeijen. Dy man frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân optild en earst de iene kant útwiisd mei de ploege. Dêr wenne dy, hied er sein, en doe hied er mei de ploege de oare kant útwiisd en sein hwer't de oare wenne.
nl.verhalenbank.26299
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dy moest in bern ha fan in feint. In pear kear hie se him frege of er mei har trouwe woe. "Né", hie er sein. Doe sei se: "Dan hòeft it èk net mear." Sy hie beide hannen op syn skouders set en him hielendal ynelkoar drukt, dat alle ribben troch de klean hinne stutsen.
nl.verhalenbank.26816
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Doe kom dêr ris in man fan Warfstermoune. Dy wie ek tige sterk en dy woe wolris mei Hearke wrakselje. Hy woe wolris wite hoe sterk Hearke wie. Hy sette de stap der ûnder nei Droegeham ta. Hy koe Hearke net. Hearke wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy hie de ploech skoud. Dy fan Warfstermoune sei tsjin Hearke: "Ik woe us...
nl.verhalenbank.26815
Sterke Hearke is in famyljelid fan my. Der kom us in kear ien yn Droegeham, dy moest Hearke ha. Hearke wie oan 't ploegjen op 't lân. Hy frege Hearke of dy ek wist hwer't er wenne. Hearke stiek de ploech mei syn rjochterhân rjochtút en doe sei er: "Gean dêr mar hinne, dêr wennet er." Doe gong dy oare wer fuort, hwant hy hie mei him wrakselje wold.
nl.verhalenbank.26898
Der wie us in mantsje by Sterke Hearke kom, dy woe hwat fan him keepje. Hearke wie oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder úthekke en hy hie de ploech beetkrige en him optild. En doe hied er sein: "Dan matte jo dêr en dêr wêze."
nl.verhalenbank.26910
35