Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke is bikend om it forhaeltsje fan it ploegjen. Hy wiisde mei de ploege oan, dy't er omheechtilde, hwer't er wenne, doe't ien him dêr nei frege.
nl.verhalenbank.31910
Sybren Smid forhuze fan Eastemar nei Garyp mei 't skip. It ambyld moest ek mei fansels, mar hja koenen it mei fjouwer man net risse.
Dêr kom Bouwe de Jong oan. Dy tilde 't allinne yn 't skip. "Gean mar even oan kant", sei er.
Bouwe de Jong fan Eastemar wie ôfgryslike sterk.
nl.verhalenbank.21838
Der siet op it Kleaster by Bindert Japiks in foer hea klem tusken de skuorredoarren. De hynders koenen it hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarden dy der foar wei spand en kom Hearke by de fjilden to stean. Hy hat allinnich de wein der troch krigen. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.19948
Doe't Hearke al âld wie. Soed er us in kroadfol sân út 'e foarikker fan 'e bou helje. (De foarikker woarde froeger noait biboud) Dat kroade dêr o sa min. Doe seach Hearke earst om him hinne as der ek guon wienen, dy't him sjen koenen. Doe tilde er de kroade mei sân by it foarsket en by de oare earm op en sa tilde hy him oer de bou hinne.
nl.verhalenbank.19949
Ek in kear doe hie er oan 't kroadzjen west út 'e pream wei. Doe't de pream leech wie, moesten de kroaden yn 't lege skip oerbrocht wurde. Doe stuts Bouwe de Jong dy kroaden mei de stokken rjochtút oan 'e earms yn 't skip. Bouwe wie fearskipper.
nl.verhalenbank.21839
Hearke syn heit wie eksteur (in soarte fan pelysje mei in stôk).
Op in kear kom der ien by de eksteur, dy wie sterk en woe wolris sjen, of Hearke it tsjin him hâlde koe.
De eksteur sei: "It treft net, Hearke is net thús."
Der lei in grouwe stien njonken de doar. "Sjoch," sei de eksteur, "dy stien smyt Hearke in roede fier fuort."
Mar dy oare koe de stien...
nl.verhalenbank.22088
Hy naem acht sekfollen sied op 'e kroade, dêr kroade er mei nei 't fearskip ta dat yn 'e haven lei. Sa kaem er by Jehannes Minsinga, de fearskipper.
"Hwer wolst se ha?" frege er Jehannes. Dan roan er oer 'e planke mei ûnder elke earm in sekfol. Hy die alles kalm.
nl.verhalenbank.36599
Knjillis en Albert Hut (Albert wie Tet har man) wienen oan 't boekweitterskjen by 't Bouwekleaster.
Mar de beide mannen dienen oars neat as flokke en oangean en healwiizje. Dat der gebeurde neat, sy fierden gjin slach út. Dêr wienen se to ûndogens foar.
Doe kom Hearke op 'e Rysloane stil to foarskyn. Hearke wie ek stille plysje. Hy krige Knjillis by 't...
nl.verhalenbank.20489
By Bindert Japiks op it Bouwekleaster hienen se in tige wyld interhynder, dat se noait krije koenen.
Doe gong Hearke om 't hoekje fan 'e skuorre stean en doe't it foarby soe, pakte er it gau by de sturt beet en sei: "Ho, net fierder."
It hynder tjirge him tige, en prebearre los to kommen, mar hy krige de kâns net. Hwat Hearke ienkear yn 'e hannen hie,...
nl.verhalenbank.20488
Hanne Ljibbes (= Jehannes Bosma) wie tige sterk. Doe't er sa'n 45 jier âld wie krige er 't yn 'e holle. Doe ha se him fêstboun oan 'e leider. De leider makken se mei krammen oan 'e flier fêst. Doe ha se Hanne Ljibbes dêr oan fêstboun mei nij, dik tou, dat se krekt kocht hienen. 't Wie in goeije finger dik.
Oan twa, trije kear ta hat er him losskuord, sa...
nl.verhalenbank.36598
Hearke hie in hekel oan 'e tsjinst. Hy bleau gelyk stean, as se yn 'e hâlding stean moesten.
nl.verhalenbank.22089
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. Heit wie dêr yndertiid ek arbeider. Se wienen us yn 'e ûngetiid. Doe moest der in foer hea ta de skuorre yn, dat koe net troch de skuorredoarren. 't Wie hwat to grou.
Doe sei Hearke: "Ik pak it tiksel beet, as jimme fjouweren de fjilden beet krije en fan achteren skouwe, dan sille wy 't wol oprêdde. Heit wie...
nl.verhalenbank.22265
By 't hakjen brûkte er in nije lod, dêr die er hiele djippe spitten mei. Hy hie in ploechje, dat luts er sels. In hynder hie er net.
Op in kear wie der ien, dy kaem him tonei. Dat wie lytse Theunis. Doe hied er lytse Theunis op 'e foet krige en him sa oer de hage hinne wipt. (David forsloech Goliath, mar hjir forsloech Goliath David, sei Theunis letter.)
nl.verhalenbank.36600
By de bruorren Veenstra, de omkes fan Piter en Klaes misten se al in pear kear ierpels út 'e bult.
Der moest in dief wêze, dy't dêr nou en dan ta siet. De beide bruorren nommen sterke Hearke ûnder 'e earm dy wie stille plysje en dy hie wol us in kerweike foar har dien.
Hearke hâldde him dy nachts tichte by de bult forskûle. De dief kom der oan en gong ta...
nl.verhalenbank.19959
Der wienen us twa kameraden, dy kommen by Sterke Hearke syn mem. Hearke wie sels net thús. Sy woenen graech wite hoe sterk Hearke wie.
Achter it hûs lei in stientsje mei in ring der yn.
"Sjoch," sei de mem, "dêr heineballet Hearke mei."
De beide kameraden koenen de stien net iens optille.
nl.verhalenbank.20464
Hearke wie ris oan 't ploeijen. In man kom by him. Dy woe nei Sterke Hearke ta. Hy komt by Hearke op 't lân. "Kinne jo my ek sizze hwer't Hearke wennet?" frege er.
Hearke spant it hynder even út. Hy kriget de ploech en tilt him op en wiist der mei nei syn hûs.
"Dêr wennet er," seit er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.35928
Der hat yn Fryslân in hiele sterke keardel west. Dy soe nei Snitsermerk ta. Hy gong skean oer de lege lânnen hinne. Hy sprong oer de sleatten mei in keal op 'e nekke en in fjirdel bûter ûnder 'e earm.
nl.verhalenbank.20465
Der kom ris in man by Sterke Hearke op it lân. Dy wie oan 't ploegjen. Dy frege nei Sterke Hearke. "Hwer wennet er?" sei er. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hy wiisde dêr syn hûs mei oan.
"Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28395
Der kom ris in fremde man yn Droegeham, dy woe nei Sterke Hearke ta. Hearke stie op 't lân. Hy wie oan 't ploeijen. Dy man frege him hwer't Hearke wenne. Hearke krige de ploech by de sturt beet en sei: "Dêr wennet sterke Hearke en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34636
Sterke Hearke wie ris yn Readskuorre oan 't wurk. Hy wie oan 't dongladen. Doe koe it hynder de wein mei dong net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en krige de folle wein by 't tiksel beet. Sa luts hy allinne de wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.35927